by De Jounpraters sa skoan repertoire blykt to hâlden) net biskamme makke, krekt oarsom.
‘Tsien jier letter’ hat neat fan it aktuéle en wenstige ‘bifrijingsstik’, de klam falt mear op it psychologyske barren as op de feiten, diels ûtliend oan de oarlochsjierren, sels. It thema is in gefal fan forried dat troch de manlike haedfiguer, in musikus, boete wurdt, mar dêr't yn wêzen syn faem, in pianiste, skuldich oan is. In pear bidriuwen spylje har ôf yn de Ljouwerter finzenis. Yn elk bidriuw hat de skriuwer op treflike wize gebrûk makke fan in ‘flash back’, dy't it toaniel hieltyd efkes forpleatst nei ‘tsien jier earder’. It toanielforhael sels wurdt achte to spyljen in jier of acht, njoggen nei de bifrijing.
Ta gelegenheit fan de bifrijingsbitinking sil it stik û.o. yn Drachten spile wurde ûnder regy fan Lammert Popma.