Op it harspit.
De lol fan de groene.
De klacht oer it wanbigryp of it-net-bigripe-wollen dat men geregeldwei moetet as yn Hollânske bledden skreaun wurdt oer Fryske kwestjes, is net nij. Men kin langer ek net op alle slakjes sâlt lizze, men soe oan ien tried wei op it harspit bikje kinne, alteast yn elk nûmer fan De Tsjerne wol. By wize fan útsûndering woene wy hjir ál signalearje it luzige stikje dat De Groene (yn syn Kleine Krant) okkerdeis opnaem oer ‘Opsterland: culturele oase in Friesland’.
Nou hawwe âldere freonen my wolris forteld, dat yn har jonge dagen dy Kleine Krant algemien wurdearre waerd as in humoristysk getal mei in eigen, meastentiids skerp-ironyske toan. Dy eigen toan is der nou faeks noch wol, mar is net mear om oan to hearren. It is it lûd fan de treddehâns pias, fan de man dy't nou ienris in hiele pagina ta syn foldwaen hat en dy elke wike fan nijs folje móát mei humor. En dy't wike út wike yn mei deselde ûnmacht bisiket ‘lollig’ to wêzen krekt salang oant de pagina hielendal fol is.
Foar de lol alsa nim ik it grappige stikje oer de Fryske kultuer (yn Opsterlân) oer. It abonnemintetal fan De Groene is net mear sa great, dat elke lêzer fan De Tsjerne der op 19 Febr. 1955 syn wille al oan hawn hawwe sil.