De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 87]
| |
Wy sitte yn it lânskip Leon, yn it hûs fan in séman, dy't in wike lyn forstoarn is. Syn widdou, Liz, sit mei in suster fan 'e forstoarne, Chann, in âldfaem en fan birop naeister, to kofjedrinken. Hja sitte ûnder yn 'e greate keamer, mank boerehúsrie en al de snypsnaren, dy't de forstoarne út frjemde lannen meinommen hat. Wapens binne dat meast, yn alderhande soarten, en swarte houten troanjes, dy't yn rigen oan it lewant hingje. It is jountiid; it jounmiel is birêdden. It is al gâns in hoart lyn dat Chann de earste kear sein hat, dat it tiid waerd om op bêd to gean yn 'e sliepkeamer boppe.
CHANN:
Né, Liz, der is tiid by 't soad. Ik wit net ofstou it sa hast as ik. Dingen fan bilang haw ik nei it jounmiel nea oer prate kind. Dy lizze my sa swier op 'e mage, dat ik der net fan sliepe kin. Bistou net wurch? Wier, ik soe graech op bêd wolle.... ja, ja, is der noch kofje? Ik moast oars wier net mear ha.... As ik yn dyn skuon stie, dan smiet ik al dy swarte troanjes yn it fjûr. Hja binne gefaerlik. Leau my op myn wurd, hja binne gefaerlik. Men soe tinke, dat hja hwat to sizzen hawwe.
LIZ:
Hja libje net, Chann. Nim in klûntsje. En hwat soene hja dan to sizzen hawwe?
CHANN:
Krekt oft hja yn dit hûs hwat barren sjoen hiene.
LIZ:
Hja hawwe gâns dingen barren sjoen.... Dyn broer makke se altyd alle Freden skjin. En hy is ek op in Freed forstoarn.
CHANN:
Berne op in Freed, stoarn op in Freed. My tinkt, elkenien hat sa syn eigen dei. En der binne dagen, dêr't ik it mier oan haw, Moandeis en Woansdeis, 'k wit n't werom. Dou hast net in eigen dei, wol?.... Né? My tinkt, dou bist in nuver fanke, Liz. Dou bliuwst altiten de skoaljuffer. Men soe leauwe, datst dy altyd ûnder heale domhânzen en heale forkeardelingen waenst, lyk ûnder bern, en dan hast yn nimmen oars fidúsje as yn dysels.... Moatst ris sjen: ik haw sa healwiis west | |
[pagina 88]
| |
en nim in twadde bakje kofje. Ik fiel it hert wer bounzjen....
LIZ:
Dou bist wurch, Chann. Dou wurkest fiersto folle.
CHANN:
O, ik forskrep my langer net. Moai wis haw ik deselde krupsje as myn broer. Justernacht lei ik nei myn hert to harkjen. It gie as in âld ynein boemeltreintsje. Ik hearde yn 't tsjuster oars net as myn hert en de rotten. Yn dit hûs, Liz, dounsen hja moai alear, dy rotten. Nou wurkje se. Dou moast oars nedich in kat hawwe, of arsenikum keapje. Hast' nea yn dy omgean litten arsenikum to keapjen?
LIZ:
Wis net. Hwerta dan?
CHANN:
Om de rotten to fordylgjen, fansels.
LIZ:
Ik bin bang fan alle dieren.
CHANN:
Krekt in skoaljuffer, ik siz, krekt in stedsfanke.... Hjir hawwe altyd rotten west. Ik mocht der nachts sa graech nei harkje. Hja brochten my myn bernejierren wer yn 't sin; dy wiene sa lang, sa lang.
LIZ:
Bernejierren duorje altyd to lang.
CHANN:
Miskien wol. En it wie my as hearde ik ynienen yn 'e hûs it lûd fan ús mem en dat fan myn broer. Mei dy ús memme lûd noch tinke, as hja dronken wie?
LIZ:
O, Chann....
CHANN:
Ik wit it wol. Hja wie dyn mem net. In skoanmem mei alles dwaen hwat se mar wol, men forwachtet fan har inkeld fortrietlike dingen. Hja is godtank dea. En myn broer is ek dea.... Elkenien moat stjerre, godtank. En dat soest net sizze, ast sjochst hokfor drokte de minsken meitsje as ien fan har migen stjert. Binne wy makke om jimmer to libjen? Mar hwat sille wy ek, de minsken tinke sa nuver, sa fier bisiden de wierheit; sjoch inkeld mar ris hokker razerige leagens hja yn har sprekwurden mjoksje, yn dat protsje tominsten dy't net alhielendal dwylsinnich binne, lyk as: Treurje, ear't hwat barre kin.
Hwat healwiis, net! De dea bygelyks, ik bin der wis fan dat er as de sliep op jin takomt, of op syn heechst as in bern. Men soe der net tsjin oan soargje immen dea to dwaen, as men mar goed wit hwat de dea krekt is.
LIZ:
Mar Chann....
CHANN:
Nou sjochst it wer. Men kin net ienris hwat sizze. | |
[pagina 89]
| |
Altyd ûntkomme de wurden oan jins bidoeling. Mar nou gean ik op bêd. Ik nim in boek mei, krekt as justernacht. Ik mei graech op bêd lêze, en moarns ek graech op bêd thédrinke.... Soms, Liz, gean ik der ôf om it moarnsbrea klear to meitsjen, en dan krûp ik der wer op om it op to iten. Dat binne sa de forsetsjes fan in âldfaem....
LIZ:
Dou hiest trouwe kind, Chann.
CHANN:
Dat is der dan ek hast in kear fan kommen; leave help! Yn dy snuorje roerden myn fuotten gjin groun, en ik seach langer net op 'e klok. Ja, ja. Ik soe hastich myn bikomst fan him krigen hawwe. Dou witst, hoe't ik as fanke wie. Né, dou witst it net. Ik like op myn broer. Men kin better frijfaem bliuwe, as men sa is, netwier?
LIZ:
Dyn broer wie in bêste fint, Chann.
CHANN:
Wis. Ik ha nea earder witten hoe't in minnen-ien der útseach, as doe't hy út it Súd weromkaem. Men hoegde him allinne mar oan to sjen.
LIZ:
Syn eagen....
CHANN:
Krekt.
LIZ:
Mar dat koe my neat skele, Chann. Dêr wie ik oan wend rekke.
CHANN:
It dearde my oan om dy.
LIZ:
Sa wie it libben.
CHANN:
O, né, sa is 't libben net. Ik haw it probearre en bin oan 'e drank rekke. Mar it hat my gjin goed dien. Rjochtoarsom. It binnenst fan myn holle waerd sa klear, dat ik alles swart op wyt seach, folle slimmer as ea earder. Sa wie ik. En it soe dy ek sa forgien wêze. Dou sjochst der net nei út, datst dy oan 'e drank forslingerje koest. Dou sjochst der út as sietst stiiffol geduld, dou sjochst der út as immen dy't to wachtsjen sitten hat op 'e antwurden fan domme bern op 't fraechlearen, of net?
LIZ:
Miskien wol, ik wit it net.
CHANN:
Dou likest fol geduld, bigrypst, dou likest it, Mar ynwindich sit der fjûr yn dy. Ik nim dit tsjokke boek, as it mei. Giestou net op bêd?
LIZ:
Né, noch net.
CHANN
(sjocht nei it boek):
Is dat de namme fan dy jongkeardel dy't by de bigraffenis skriemde?
LIZ:
Ja. | |
[pagina 90]
| |
CHANN:
Hwerom skriemde er, Liz? Mar hoe soest dat ek witte kinne? En men kin om safolle dingen skrieme. Doe't ik jong wie, lei ik alle nachten op bêd to skriemen. It is in oanwenst, dy't hastich oerbetteret, mar men is earst yn 'e wille to leauwen dat men troch inkeld-en-allinne to skriemen hwat birikke sil. Hwat docht er?
LIZ:
Hy is skoalmaster.
CHANN:
O, ja! skoalmaster! En hy stie to skriemen. Hy wie de iennichste dy't stie to skriemen.
LIZ:
Ja.
CHANN:
Is 't in goede jonge?
LIZ:
Ja.
CHANN:
Namsto better. Lang om let sil ik nou op bêd. Nacht, Liz.
LIZ:
Goenacht, Chann. Ast forlet fan hwat hast....
CHANN:
O, ja, dan kom ik wol del. | |
II.
Liz bliuwt allinne sitten, deastil, yn prakkesaesjes wei. Der wurdt op 'e doar kloppe en immen komt fuortendaliks yn. It is de skoalmaster: in jonge rizige fint, kreazer as dat de measte doarpsskoalmasters trochstrings binne. Hy sjocht der libben út. Hy hjit fan Anton.
ANTON:
Fansels, it rûkt hjir nei kofje. Hwat soest op in forlitten eilân ek sûnder kafje bigjinne?
LIZ:
Ja, hwat eins? Mar dou rûkst nei fakânsje en sjochst der út as de simmer.
ANTON:
Dat komt allegear fan myn nije jas. En ik haw in brief krige. Ik bliuw joun net lang. Ik bin hjir om dy dizze boeken werom to bringen en om in pear oaren wer mei to nimmen, graech. Dit hjir, sjoch, dat 's in striemin ding. Dat oare is in bytsje better, mar folle mear sit der ek net yn. Der sit net ien tusken, dat nou inkeld-en-allinne skreaun is omt it skreaun wurde moàst.
LIZ:
Dou hast oan oars neat niget as oan boeken. Nim in bakje kofje. Dou hiest in brief krige, seist.
ANTON:
Ja.
LIZ:
Goed nijs?
ANTON:
Ja.
LIZ:
Namsto better. | |
[pagina 91]
| |
ANTON:
Der binne oare dingen as boeken, dêr't ik niget oan haw.
LIZ:
Né, netwier!
ANTON:
Ik wie der wierliken wakkere wiis mei, doe't ik mei dyn man yn 'e kunde kaem, hwant ik koe hjir suver alle jounen komme om boeken to lienen en om der oer to praten. Wy hiene yn guon dingen o sa'n soad fan inoar, leaust net?
LIZ:
Ja, 't leau 'k wol.
ANTON:
Men soe tinke, datst der net sa wis op bist. Ik jow ta, ik wie net sa't hy wie. Ik haw noch net echt libbe. Ik haw inkeld stien to wachtsjen, mei de eagen op 'e kalinder. Witst, dou hast ek foar de klasse stien. Men docht neat oars as tel de dagen, meitsje en forsmyt birekkeningen om oan 'e weet to kommen, hoenear't de rekken- en skiednis-repetysjes jown wurde moatte. As ik nei him siet to harkjen tocht ik by mysels: ‘As ik ris bigoun to wurkjen, en bisocht deroan to ûntkommen, as ik alle jounen ris bigoun to studearjen....’ Sokke prakkesaesjes wiene op harsels al in ûntwyk.... En ik siet ek oan dy to tinken, ja, wier, ik siet to tinken hoe maklik foar dy it libben like to wêzen, krekt as hiest in soarte geheim hawn om dy siz-mar del to bêdzjen, lokkich to meitsjen, ja, wier.... is 't net raer?
LIZ:
Ik hie in geheim. En dou bist jong.
ANTON:
Dat sil 'k net altyd wêze. En as ik oan dy tocht.... Ja, it is faeks healwiis, dat ik it dy fortel, dan sei 'k tsjin mysels: ‘It is heech tiid, dat ik trou, hwant....’
LIZ:
Hwant?
ANTON:
Neat.
LIZ:
Hwannear giest hjirwei?
ANTON:
Mei in wike. Ik wit it net sekuer. Ik sit to wachtsjen ont immen komt.
LIZ:
Komt dy hjir?
ANTON:
Ja.
LIZ:
Dan is der tiid by 't soad, sa't myn snoarske niis sei. Ik ha dy hwat to fortellen. 't Is net maklik. Miskien kin ik it dy better skriuwe. It is net maklik, hwant dou kenst my net goed.
ANTON:
O, ja, ik ken dy goed. Ik haw in ridlike minskekennis. Dyn man, bygelyks, ik hie fuort troch, dat ik yn him ien út tûzenen foun hie, en hoe't hy it libben | |
[pagina 92]
| |
ynstinktyf leafhie, net yn 'e forhoping dat der hwat barre soe, sa't de minsken dat hjirre.... Hwa komt dêr de trep del?
(Men heart immen de trep del kommen.).
LIZ:
Myn snoarske. Har kenst noch net.
CHANN
(komt yn):
Ik steur jim doch net? Liz, jow my in glês wetter, ja?, om myn tosken fannacht yn to setten. Dou bist de man, dy't by de bigraffenis skriemde, net? Gean doch sitten, bliuw om my net stean. Ik bin mar in âldfaem op jierren. Elk glês kin wol, Liz, forgriem gjin tiid mei sykjen. Hwat min waer, net, foar de tiid fan it jier? Ik kin net mear sliepe, Liz. As ik dy net ûntriif, mei 'k my noch in bakje kofje ynjitte? Gean doch sitten, myn jonge.
ANTON:
It is mear as tiid dat ik opstap.
LIZ:
Dou hast tiid by 't soad.
CHANN:
Wis, hy hat tiid by 't soad, gean sitten, gean doch sitten, ik bliuw hjir noch hwat. Hwerom hastou by de bigraffenis skriemd? Dat sette my oan 't tinken....
LIZ:
Faeks witst net, Chann, dat Anton danige sib mei dyn broer wie. Hy hie hjir suver alle jounen syn kommen.
CHANN:
Ja, sib mei myn broer, just jawol. En bigripe jim it dan beide net? It kin my neat skele, as jim it togearre bikonkele hawwe, namsto slimmer foar him.
ANTON:
Hwat bikonkele?
CHANN:
Goede God, ik haw eagen yn 'e holle. Namsto slimmer foar him. En hy tocht dat er nea thús stjerre soe, hwant sa'n útlânske tsjoenster hie him forteld, hy soe formoarde wurde. En twaris, ear't er it farren der oan joech, waerd er heal formoarde, ienkear yn ShangHai en doe yn Le Havre, dat hy hie al foar himsels útmakke, dat de Dea him nea krije soe.
LIZ:
Harkje ris, Chann....
CHANN:
Harkje nei hwat? Dou bist net fan doel my út to lizzen hoe't men in man, dy't in krupsje oan 't hert hat, deadwaen kin, wol? Ik wit.... Hoe tochtst dat ús mem stoarn is? Dyn man wist it. En as ik jim siz, dat ik jim mei jim beiden folslein bigryp.... Hy is in goede jonge, Liz; Greate God, dyn man hiest net oan 't skriemen krije kind.... En as jim tinke dat ik dit hûs op in kwea-namme bringe wol.... Ik haw al genôch oan ús mem hawn, as hja stomdronken op it stedsplein to dounsjen stie. Nou't ik evenredich en âld bin, nou sil | |
[pagina 93]
| |
ik it folk net fornije hoe't myn broer fan syn bloedeigen wiif formoarde is út leafde foar in skoalmaster, dy't goed en kreas, trou....
ANTON:
Binne jo gek woarn? Skamje jo jo net?
(Keart him nei Liz.). Hoe kinstou nei har harkje sûnder tsjin to abbelearjen? In moard út leafde? Jitris, binne jo gek?
CHANN:
Kalm, kalm, myn jonge. Mei in jier kinst har krije.
ANTON:
Hwa krije?
CHANN:
De widdou.
LIZ:
Harkje, Anton, 't is better datst fuortgiest. Op 't stuit is 't net sa slim mei har, mar aenst sil hja hielendal net aerdich wêze, net om nei to sjen, om nei to harkjen ek net. Hja hat sokke oanfallen by riten. En soms hellet hja har noch folle heisliker dingen yn 'e holle. Dou moatst net forjitte, Chann, datst in healjier yn in ynrjochting sitten hast. En dat moast....
CHANN:
Goed, Liz, tige goed. Byt mar fan dy ôf. Dat soe ynoarder wêze, dat soe ynoarder wêze, as der gjin....
LIZ:
Dou hast my it ljocht yn 'e eagen nea gund.
CHANN:
Dou moatst net bisykje my to bigripen, earme Liz, dat kinst net. Miskien hâld ik wol fan dy, hwa-wit, en bigryp ik dy. Ik soe net in wike by him wenje wollen ha.
ANTON:
Ik gean fuort.
CHANN:
Dou hast tiid by 't soad. Hwat hastou nou to sizzen? Bist nou bang?
ANTON:
Bang fan jo?
CHANN:
O, né. Bang om mei har oppakt to wurden, astou sjoen hast, hwat ik jim sjen to litten haw.
LIZ:
Dou hast neat sjen to litten.
ANTON:
Ik bin net bang. En ik wol noch ien ding sizze, ear't ik fuortgean. Ik trou oare moanne. Hja hat tawurd jown en ik haw har brief hjoed krigen. Is dat dúdlik? Bigripe jim dat? Astou graech yn 't skoalhûs wenje wolst, Liz, en net by sa'n pûrgek frommes bliuwe.... Der is romte by 't soad yn 't skoalhûs, en wy soene sizze datst siik wiest of sokssahwat. Dy âldfammen, moatst rekkenje....
LIZ:
Gean fuort, Anton, toe nou; ik bliuw hjir.
ANTON:
Ik soe hjir miskien ek by dy bliuwe kinne.
LIZ:
Né, toe nou, gean nou fuort. | |
[pagina 94]
| |
(Anton giet stadich fuort en bûcht stiif nei Chann; hy fûstket hertlik mei Liz; de beide froulju bliuwe allinne oer; earst sizze hja neat.)
CHANN:
Hie hy der dan gjin weet fan?
LIZ:
Né.
CHANN:
En dou hast him nea blike litten.... nea dyn leafde blike litten?
LIZ:
Né.
CHANN:
En nou trout er mei in oaren-ien.
LIZ:
Ja, sa is 't libben.
CHANN:
O, sa is it net! - En nou wol ik oars net sjen as dy oare, dy mei syn eagen, dy oare dy't thús stoar, foar ivich en altyd....
(Hja siicht op 'e knibbels en skriemt súntsjes.).
(Dit Bretonske stik is neffens de Ingelske versy fan Per Denez forfryske fan Klaes Dykstra.) |
|