Hy lei har in finger ûnder it kin en tilde sa har holle op. ‘Lys, sjochstû neat bisûnders oan my?’ frege er pleagjend. ‘Wol hwat, fansels. Ik seach fan fierren dyn nije reinjas en ek datstû in hoed op hiest.’
Hja hie dus foar it finster stien en nei him útsjoen, bitocht er en dat witten joech him in gefoel fan foldienens.
‘Oars neat....?’ hâldde er oan.
‘Né.... nou ja, it liket wol....’
‘Nou? Hwat liket it wol?’
‘Dû bist net hielendal lykas oars. It is krekt as hiest in buorrel op, sil ik mar sizze.’
Roel smiet de holle efteroer en lake lûd.
‘Lyske! Dû woest sizze dat ik in bytsje dronken lykje? Dan hast ek noch gelyk. Ik bin in bytsje dronken! Toe Lys, stek in sigaret oan en harkje nei my, ik maat dy hwat hiel bisûnders fortelle.... of kinstû it riede miskien....? Né....? Nou dan Lys, ik wol meikoarten wer trouwe....’
In bytsje ûnwis, hâldde er efkes op. Lysbet loek sa forheftich oan har sigaret, dat hja krige de triennen yn 'e eagen en hoaste. ‘Hwat in sleauwe tutte bin ik,’ sei hja en it klonk heal en heal ûntskuldigjend.
‘Hwa't net better wist soe tinke kinne dat it dyn earste sigaret wie.’ It kaem der hwat wrantelich út, mar it makke him ek nidich dat hja syn forhael sa ûnderbriek.
‘Lysbet, ik bin hjir apart hinne kommen om it dy to fortellen. Ik woe net datstû it fan oaren hearre soest. Wy hawwe sa lang goe-freonen west, dû hiest der rjocht op, miende ik, it fan mysels to hearren.’
‘Tige foreare,’ knikte Lysbet en yn har eagen wie wer dat spotske ljocht, dêr't Roel troch de jierren hinne gjin hichte fan krije kinnen hie.
‘Dû moatst tinke Lysbet, ik haw jierren troud west. Ik wit hwat it ynhâldt, in eigen thús....’
‘Dat soestû witte kinne, ja,’ andere Lysbet. Har lûd wie skerper as oars. Yn tinzen hearde hja Roel wer oer syn earste, mislearre houlik praten en lykas altyd makke it har in bytsje nitelich.
‘......as ik net sa fêst wist dat it dochs wer op 'e nûn rinne soe, dan frege ik dy om mei my to trouwen. Lyske.... myn fanke.... dû, myn frou....! Mar in houlik makket net lokkiger Lysbet. Dat haw ik ûnderfine moatten.... Wier, fanke it binne allinne dizze ûren dy't telle.... Tochstû werklik dat wy faker sokke, en miskien noch moaijer