| |
| |
| |
Prof. dr. G. Gosses:
Wurklikheit en wierheit.
BONIFATIUS, Histoarysk spul yn trije bidriuwen, fan Fedde Schurer. (Laverman, Drachten 1954.)
Fan immen dy't, fan de Tsjerne-redaksje oansocht om in skóging to leverjen fan boppeneamd toanielstik, fan himsels alles earder sizze kin as dat er trochkrûpt is yn saken fan toanieltechnyk, regy en soks, kin men net mear forwachtsje as dat er meidielt hwat him fan dat stik tinkt, nei't er it jitris mei stúdzje trochl êzen hat. Hwat de toanielmjittige mérites, c.q. biswierren oanbilanget, moat er folstean mei de simpele meidieling dat dit histoarysk spul, doe't er it yn Dokkum opfieren seach, amperoan fan it bigjin oant 'e ein meinaem hat. En nou as lêsdrama jitris wer.
Doe't de greate paus Gregorius I yn 596 de Benediktiner Augustinus mei syn alve maten nei Britannië stjûrde om de Angelsaksen foar it kristendom to winnen, joech hy harren likernôch neifolgjende ynstruksje mei: ‘de heidenske timpels moatte yn kristlike tsjerken foroare wurde dat it folk syn hillichdommen biwarre sjucht en der willich yn gearkomme sil; de biste-offers kinne yn 't earstoan yn wêzen bliuwe, mar moatte ta Gods eare brocht wurde en de leauwigen kinne by it tsjerklik feestmiel yn tankberens ta God, de skinker fan alle goede dingen, it fleis fan 'e offer-bisten sels opite. Hwant as't hja harren uterlike fleurigens bihâlde, sille se de ynderlike blydskip nammersto makliker fornimme. Op it stik fan houliken ûnder sibben, sunichjes oan! net ûntbine as't se der binne en utersté gjin útsluting fan it nachtmiel’. - Dat is al efkes oars as it fornielen fan timpels, it weitaken fan goud en sulver, it omkappen fan hillige beammen dêr't de bringers fan it Bliidboadskip hjirre al gauris mei úteinsetten. En sjoch! om 600 hinne set Augustinus yn Ingelân foet oan wâl en wurdt Canterbury syn haedkwartier en op syn heechst nei trije fearnsieu is it bikearingswurk birêdden, it lân rounom mei kleasters en yn it fiere Northumberlân sjongt de kouwehoeder Caedmon syn skeppingshymne yn angelsaksyske fersen. Doe wie it mei offermiellen en sibbe-boasken ek dien, it gyng fansels. De paus wie sa 't liket in man mei humor, d.i. it formogen om it wezentlike mei earnst to bistribjen en it
| |
| |
ûnwezentlike to biglimkjen. Humor en religy binne gjin ynkommensurabele bigripen. Dy humor fyn ik net by de missionarissen dy't wy by ús hawn hawwe, net by Willibrord, by Willehad, net by de Fries Liudger en ek net by Bonifatius. En nou tink ik by de lêste net yn 'e earste pleats oan it omkappen fan de hillige iik to Geismar; mar ik lês it tusken de rigels fan in brief fan syn freon Daniel fan Winchester dy't him riedt binammen ‘to learen en to debattearjen’ en yn in formoanning fan de paus ‘yn freonlikens de lju to biskrobjen en ta deugd oan to fiterjen’. Gyng it harren faeks hwat to stûf? En moat dy stûfens net yn de skealjes smiten wurde as't wy de dûr fan de bikearing yn Ingelân forlykje mei dy yn Fryslân? Dêrre faeks net folle mear as in heale ieu, by ús mear as in ieu: 677 (Wilfried komt) - 792 (Liudger is klear, kin fuort). En de abdij fan Streoneshealh, dêr't Caedmon song, is al in eintsje fierder fan Canterbury, it earste haedkwartier, as Dokkum leit fan Utert, it sintrum fan de fryske missy. - Mei de komplikaesje: kristendom = ûnderhearrigens ûnder de Franken hat de stadige gong fan de fryske bikearing net folle út to stean. Sûnt 734, de slach oan de Boarne, wie de Friezene frijheit forgoed fuort, alteast yn ús tsjintwurdich Fryslân. Mar dêrmei is de ûndergong fan it heidendom noch lang net bisegele, al hoe fêst de forbining tusken paus en frankyske hearskers ek waerd, binammen doe't Pippyn, de usurpator fan de merowingyske kroan, like folle forlet krige fan de pauslike sanksje as de paus fan it karolingyske swurd foar it bihâld fan de och sa swakke Tsjerklike steat en de kening de titel keas fan rex gratia Dei (de earste mei dizze titel?) en de paus him de earenamme fan patricius Romanorum derby joech. De fryske missy stie doe
stevich ûnder de biskerming fan it frankyske swurd en doch hienen trije prekers der noch ryklik in heale ieu skrippen oan om it heidendom der ûnder to krijen. - Yn dy oergongsjierren spilet ús histoarysk spul, yndied ynsafier histoarysk: in twariedich folk, sweevjend tusken heidendom en kristendom, wjeraksel yn de Frank, ek by de kristenen, mar gjin forset.
Yn de literatuer-wittenskip is it bisteansrjucht fan de histoaryske roman as genre al gauris yn 'e kiif set. Hwat dêrfan dan sein wurdt hâldt (as it hâldt) ek fan it histoarysk drama: it kader fan de skiednis biheint de fantasije fan de skriuwer of brekt dy stikken en fan de oare kant
| |
| |
wurdt de histoaryske wierheit skeind fan de literaire konsepsje. Dêr komt foar it toanielspul jitte by dat de skriuwer syn materiael gearparsje moat binnen it tiidforrin fan de pear ûre dat de opfiering duorret. Dêr stiet lykwols foaroer dat de dichter mei minder materiael as de wittenskipsminske ta kin om greatere, mar binammen subtilere forbânnen to sjen en al forsjucht hy him dan wolris yn ûnwezentlike ombalgen, al mei al komt er doch de wierheit ticht oan, wylst de allinne mar krityske wittenskipsminske sûnder dichter-fantasije yn de details forsûpt. - Immen dy't syn wurk mei Bonifatius tytlesearret, iepent inkeld mei dy namme in lân mei wide kimen, fan de Alpen nei de Noardsé, iepent in tiidrek fan wrakseling tusken twa wrâldmachten, fjirtich jier fan steech bodzjen op it wrâldtoaniel yn tsjinst fan de Apostolyske stoel. Dêrfoar wie in enoarme konsintraesje fan de stoffe nedich op de wezentlikste mominten; en dy wienen der doe't de helt syn libbenswurk foltôge mei't er de lêste hân lei oan hwat er yn syn jonge dagen lizze litte moast, syn stjerren, syn oerwinning. Schurer hie dêrfoar ta syn foldwaen ‘die Bretter die die Welt bedeuten’. De wrâld; mar in ideale wrâld, dêr't de skriuwer it libben forrinne litte kin frij fan alle forsteuringen en tafallichheden, dy't it op de stoflike wrâld sa faken opkeare of yn in oare rjuchting douwe, dêr't er (yn it technysk mooglike) de tiid forspringe en it plak wikselje litte kin; mar dêr't ek (en dat is it nuodlike) de hânlingen nei logyske en psychologyske banen oan inoar slute moutte en dêr't binammen gjin barren oan bûten, gjin tafal, de stûkjende rige wer yn biweging bringe meije. En (dat is hjir ekstra nuodlik) hy kin ek dan syn fantasije net frij bod jaen; dy moat yndamme wurde neffens
de histoaryske wurklikheit. Alles hwat noutiids logysk en psychologysk is, wie it alearen net en oarsom. Is it histoarysk mooglik dat der lyk as hjirre yn in frysk boereformidden in forhael opdist wurdt lokalisearre op de sé by Londen?’ - Ja, hwant Ingelân lei doe al binnen it eachweid fan it boerefolk: der wie skipperij tusken Fryslân en Ingelân en de evangeelje-prekers kamen der wei. - Is it histoarysk net hwat nuver, dat greate feinten en fammen harren nou just formeitsje mei it opjaen fan riedlingen? - Né, riedsels, en dan binammen birime, wienen yn âlde tiden o sa hiem, byg. by easterske folken, by Griken (sphinx, Delphysk orakel), mar ek yn fleurige gearflechten by de Germanen; tink mar oan de gatur
| |
| |
‘riedsels’ by de Skandinaviërs, de Riddles fan it Exeterboek by de Angelsaksen; der binne ek in pear âldfryske rjuchtsriedlingen, mar dy binne út letter tiid. - Oer it drinkeljen fan net-wolkomme fammensbern troch beppe of mem kin de dichter him biroppe op Liafburg, Liudgers mem, en op de Lex Frisionum. De stevigens fan it sibbe-forbân hoech ik net oer to praten. Wursing is in bikende namme fan in kristen-famylje út deselde tiid. Wijpeallen haw ik it hjirboppe al oer hawn. En de renuntiatio en confessio oan 'e ein hie Schurer in model fan yn de âldsaksyske literatuer.
Der sitte dus gâns histoarysk forantwurde motiven yn it stik. Ik soe net mear witte en allegearre sitte se stevich yn de hânling forankere. It heamiel nei de ûngetiid ropt ús it âlde Fryslân mei syn fébidriuw foar de geast. Foar de sfear yn it lokael fan de hânling hat de skriuwer wierliken genôch by inoar fandele. En de hânling - dialooch is ek hânling - lit ús by it bigjin al sjen hoeft de weagens fan it greate wrâldbiwegen spiele oer it gea en oer de drompel - wienen der doe al drompels? men moat sa hoeden wêze op it stik fan anachronismen - fan in boerewente yn de fryske efterôfhoeke. -
It skema is dea-ienfâldich. Akt I: Eksposysje: de situaesje; II hânling mei as hichtepunt it útdollen en omsmiten fan de Donarpeal; III tsjin-hânling: de moard op de helt. Dizze beide kinne út reden fan technyk en ek wol aesthétyk allinne mar efter it toaniel pleats hawwe; wy sjogge se allinne yn de gefolgen fuort dernei en de spanning bliuwt deryn.
Yn akt I hat de skriuwer fan syn wichtichste dramatis personae feardich by inoar skikt: beppe Tetle en har meirinder, de heidenpreester Pelle - fan de kristlike kant Goadeskalk, in swalker, tagelyk de grappige persoan, dy't ek yn in earnstich stik net alhiel miskearje kin - dêr tuskenyn de twivelder Dedmer, greatboer, hwaens heidendom in knik krige hat doe't er oanfitere fan skoanmem Tetle, as âlde frou de trouwe hoedster fan âlde tradysjes, syn lytse famke ombringe litten hat. Hjir komt it ek noch ta in crisis, earst in forheftich petear dêr't Tetle Goadeskalk de bikentenis út 'e mûle skuort dat de (kristen-)slaef Falculf de lytse poppe net yn 'e dobbe smiten, mar by de famylje Wursing yn feilichheit brocht hat op oanstiftsjen fan Branda, de mem, syn wiif. En Dedmer dy't dat heart,
| |
| |
kniesd yn syn rjuchten as sibbehaed en ek noch mei help fan in slaef, forstjit syn frou. Alhiel forbûke bliuwt Dedmer efter. Bern forlern, wiif forlern: it heiden-rjucht. - Dêr tsjocht as in flymjend kontrast út in oare wrâld in staesje fan muontsen foarby, sjongend:
Lit ús nei ús Heare hûs opgean.
Us fuotten steane yn dyn poarten,
De situaesje hinget ryklik skean en oersidich, der moat in plof komme; de spanning - dy't elk toanielstik drage moat - trillet, it barren driuwt út it tiidleaze; de hânling set yn.
Yn akt II sjogge wy Bonifatius mei syn gefolch (û.o. Wursing, Goadeskalk, ek frou Branda, dy't by Wursing in ûnderkommen foun hat). De heidenpreester hat Bonifatius ferge de Donarpeal oan to taesten. Dizze soe net doare, de god soe him forpletterje. Dêr wurdt de peal op it toaniel dellein, de god swei dus. Ja, en de god swijt, de preester swijt. Bonifatius hunet de god mei niteljende wurden. It folk ropt yn koar de god oan:
Wreekje nou dyn eigen ear.
Stoart dyn smader yn 't fordjer.
In biswarring, gjin gebet; de heiden biswart, easket. - Tetle dy't as frommes lak hat oan de logika fan de feiten, raest. In learfeint lêst Matth. 12, 46-50 oer it sibskip fan alle minsken. Dan earst komt Bonifatius yn syn preekjen ta hwat mear pathos en set it barren hjir yn it ramt fan it wrâldbarren. Mar dan....
Loaits, troch de wolken blinkt in krús fan ljocht
O Jezus Kristus, dy't myn freze naem,
Ik sjoch de gloarje fan it godlik Laem.
Branda hat dit fisioen en sjocht yn ekstase net allinne de triomf fan Kristus, mar ek prophetysk de gloarje fan Dokkum; hark! der liede klokken, dêr riist in tsjerke - in toer mei in gouden krús derop. En dan nei dit prachtige hichtepunt de perepety: de spanning knapt ôf. Wy binne nou ta oan it nuodlike fjirde bidriuw fan it klassicistyske drama, dat út fiif bidriuwen bistean moast. It kulminaesjepunt (3e bidriuw) is foarby en de katastrofe (5e bidriuw) is der jit net. Hjir is dat tige to merkbiten. Yn de folgjende toanielen is it tempo stadiger. Allinne yn it alderlâst fear- | |
| |
ret de dialooch noch effen op yn in petear tusken Dedmer, nou alhiel bikeard, en de heidenpreester, dy't foar in nij ûndernimmen wer in offerbeest bigeart. Dedmer flokt him de preester fan de hûd.
Yn akt III komt it heidenfolk yn 't spier. Koekútsrop yn 'e bosk as teken foar de moardners ré to wêzen. Bang foarfielen by Branda. Mar Dedmer komt op en de beide leavjenden fine inoarren wer. En Bonifatius dy't noch efkes bûten syn kamp op 'e kuijer is foar de confirmatio fan de nije dopelingen, treft harren en seinet har kristlik houlik. Hjir sjogge wy de machtige tsjerkefoarst, dy't it wide Germanje as wurkfjild hie, dwaende mei syn lytse preesterlike plichten, net wrâld-omfiemjend dit, mar ús minsklik neijer. En dit is ek histoarysk dat de missionarissen ek noch wol hwat oars dienen as timpels forniele en heidenske hillichdommen skeine. - Wylst Bonifatius dan syn fierdere fryske plannen bisprekt, komt de oerfal op it kamp. Wy hearre it oan it geskreau efter it toaniel en oan forhalen fan lju dy't op it toaniel stoarmje. Bonifatius giet derhinne en wiist alle biskerming ôf. Heech lôgje de hertstochten op, heech de flammen fan Branda's gebet - wer in lyrysk hichtepunt! - De deade Bonifatius wurdt op in berje fan taken binnen brocht. Wrake, wrake! is de rop oan de iene kant - gjin bloed foar bloed, sa wol it de biskop! is de rop fan syn learfeinten. De spanning lunet wer lyk as oan 'e ein fan de twadde útkomste. Mar hjir let it neat mear, hwant nei de spanning komt it momint fan de wijing, myld as it Bliidboadskip sels. - Bonifatius en syn maten - martyrio coronati. It sied is siedde en komt op. In fryske learfeint lêst lûdop de fragen fan de confirmatio (foarmsel):
renuntiatio:
‘Forsaekje jimme de divel en syn trawanten?’
allegearre antwurdzje:
confessio:
‘Leauwe jimme yn God, de almachtige Heit, yn Jezus
Kristus syn Soan en yn de Hillige Geast?’
allegearre:
It histoarysk spul hat doch sikerwier bisteansrjucht. Wie dit spul dan hielendal histoarysk, binammen de ein dêr't it
| |
| |
derop aankomt? - Ik sei it doch, Schurer's model wie âldsaksysk, net ienris âldfrysk. De wurklikheit hat der wol oan. Mar efter en dan heech boppe de wurklikheit ljochtet de Wierheit. In dichter-each seach de histoaryske Wierheit: de triomf fan it krús, lemieren boppe de net alhiel nei to kommen wurklikheit fan it histoarysk barren, lyk as paus Gregorius' each de lottere freugden fan it Bliidboadskip boppe de net alhiel geve wille fan it heidensk offermiel. En de dichterhân hat hwat it each seach foarm jown.
|
|