Inne de Jong:
Twa fersen.
Peaske.
Sing for the sun your lyric' lark.
Sjong dyn sang foar de sinne, ljurk,
sjong foar flinters en fisken, ljurk,
sjong alle loften fol júchhei,
wetter en wyn dy sjonge mei,
de kym dy tilt fan nocht.
Meitsje alle fûgels dronken, ljurk,
hwa jit gjin wize kenne, ljurk,
dû bist in master as gjinien,
hwa hat foar God en sinne stien,
hat 'n kiel, dyn kiel gelyk?
En sjong ek foar de minsken, ljurk,
sjong dû ús klachten dea,
sjong fan in iiv'ge moarntiid, ljurk,
sjong, dat de dea forliezer is,
sjong, dat it libben wint,
sjong, dat it Peaske, Peaske is
| |
Novimber.
It lêste leaf leit stil en dea,
de lêste roazen bin' forgloeid,
de wrâld keart ta de greate nacht,
dêr't neat mear sjongt en neat mear bloeit.
Forgien is alle kleur en gloed,
it ljocht is jit in bleke skym
de bline muorre fan de kym.
In swalker dy't syn skip forlear
en oanspielde op in iensum strân,
sa doarmje ik lykm' allinne troch
dit deade en forlitten lân.
Weits op, dû sterke noardewyn,
trochwaei ús gea en sjong it frij,
slaen ús mei froast en fleagen, mar
jow útsicht, en ik seingje dy.
|
|