[Nummer 3]
Meidielingen:
Nou't it skielk tsien jier forlyn is dat ús lân ûnder de Dûtske bisetting wei rekke, hat de redaksje plan yn Maeije to kommen mei in
apart nûmer
dat oan dat histoarysk feit wijd wêze sil.
It doel is, dat it in dûbeld nûmer wurdt (April/Maeije) mei apart omslach, yllustrearre mei foto's en in mannich bydragen fan jonge byldzjende kunstners. Underskate skriuwers en ek it Bureau for Kulturéle Saken hawwe har meiwurking tasein. lt gewoane April-nûmer forskynt dus net. It nûmer sil ek as iennichste Fryske bitinkingsútjefte yn 'e frije hannel komme.
-De Redaksje.