Krityk yn it koart:
Yndied, in Roppene.
KNOP, DE ROPPENE. Skylge's lieder, organisator, dichter, skriuwer, wittenskipsman - wearspegele yn syn briefwiksel troch Prof. Dr. J.H. Brouwer. Van Gorcum en Comp. N.V. 1954.
Troch dit boekje hat prof. Brouwer de rige lytse monografyen dêr't er in pear jier lyn mei útein set is, opnij mei ien formeardere. Dizze goed 40 bledsiden fortelle oer striid, taktyk, bidoelings en stúdzjesin fan in yntellektueel, in Skylger dy't it syn eilân ynmoedich miende en foaral de lêste helte fan syn libben yn tsjinst steld hat fan ien idéael: it bihâld fan 'e eilanner tael en seden en it forhef fan it Skylger folk yn geastlike sin. Hy wie dêryn net de alderearste, mar wol de earste dy't dêrby (foarsichtich) oanhâld socht by de Fryskkulturele striid. Dat it omsmiten fan it roer dy wei oer ûnder de fêstewâlsfriezen wol wurdearre waerd, biwiist wol de bikroaning fan Knop's bodzjen mei de dr Joast Halbertsma-priis yn 1948.
Prof. Brouwer docht bliken, hat fan 1934 ôf mei dizze germanist en folksdichter Gerrit Knop yn wiidweidige korrespondinsje stien en dit wurkje ûntlient syn stof dan ek oan dy briefwiksel. It is dus teffens in treflik foarbyld hoe'n wearde it biwarjen fan brieven hawwe kin, hwant de hiele man komt yn dit great tal brieffragminten foar jin to stean.
Dy man is in romntikus. Hy mimeret oer it forliue en wurdt wémoedich of grimmitich as der wer in stik fan it Skylger eigene forlern driget to gean. Nòch hear ik him yn 'e tritiger jierren by in lêzing foar de Fryske Underwiisrie, doe't er it oer guon Skylger fammen hie, dy't op 'e âlde dracht delseagen, sizzen: ‘Oanklaeide poppen bin it, gjin minsken!’
Mar dizze man wie ek wer genôch réalist om to bigripen, dat klaeijing, folksdouns en âlderwetske opperydweinen op 't lêst uterlike dingen binne, wylst de tael de inerlike wearde fortsjinwurdiget, dy't it lêste plechtanker is foar in folksmienskip. Dy tael hat er him mei ham en gram op smiten, lyk as oan dizze brieven, mar ek oan syn koartby forskynde stúdzje oer de Spraakkunst der Terschellinger Dialecten bliken docht.
Dizze hiele markante persoanlikheit dy't fan alles tagelyk wêze moast en yn hwa't de kleau tusken de yntellektueel en it sljochtwei folk dêr't er út fuortkommen wie, bytiden syn suver tragyske wurking docht, hat prof. Brouwer yn 'e titel fan syn boekje fyntsjes karakterisearre. Yndied in roppene wie Gerrit Knop. Net de Skylgers wiene it dy't him rôpen (syn wurk waerd ûnder harren pas let bikend en syn ynfloed bleau biheind), mar der hat yn dit libben in inerlike stim klonken dy't him syn forantwurdlikheit yn it sin brocht en him in faek ûntankbere taek oplei. Lyk as de opstappers fan 'e Skylger rêddingsboat wie syn sizzen: Der bin wi for! En hy hoegde net to slagjen om lykwols to leauwen.
D.A. TAMMINGA.