tsjes. En oer eigen toanbank forkeapet er dan noch oare koal, dy't ek frijhwat lit hat fan Skillaerder nachtfroasten. Net mei to praten dus.
Mei de oare Bibleteekman, Jehannes Rienstra, wiist it al oars, mar net better. As ôfgeand redakteur fan It Heitelân wit er yn syn ôfskiedswurd oan 'e lêzers yn it Desimbernûmer in poarsje spytbokkens to biflappen, dy't der net om lige, mar de kearn fan 'e saek wer net reitsje. De redakteur wol der op út, wy hiene der goed oan dien en wachtsje mei ús skriuwerij ‘oant (wy) goed op 'e hichte wiene fan de gong fan saken, sa't testamint en Bistjûr fan de F.B. dy easke, resp. útwurke’. M.o.w. ús bydrage ta de diskusje wie foartidich. Mar sûnt hwannear mei men net yn 't fatsoenlike diskussiëarje of riede oer in testamintaire biskikking, dêr't men sels libben by siet doe't dy yn 't publyk forlêzen waerd? Us Tsjernestikje is nammentlik skreaun nei de jiergearkomste fan de Bibleteek dêr't at bistjûr iepening fan saken die, en nèt dêrfoar. De bear wie sketten, dat oer it forkeapjen fan 'e hûd mocht praet wurde.
Slimmer wurdt it, as de hear Rienstra ornearret, dat û.o. ik my wol skamje mei foar hwat ik mei myn skriuwen Rely Jorritsma's oantinken oandien haw. Ik freegje: hwerfoar moat ik my skamje? Haw ik my yn it Nov.-nr. misledigjend oer syn persoan en neilittenskip útlitten? Of haw ik syn posthume died priizge? Hwa't lêze kin moat sizze: it lêste. Hwat ik opmurken haw oer de net to forwachtsjen stiging fan kwaliteit en kwantiteit, wie net om Jorritsma's biskikking bispotlik to meitsjen of to bagatellisearjen, mar om dy lju, dy't miene dat de Fryske litteratuer nou boppe-jan is, to wizen op 'e bitreklike wearde fan sokke jildprizen. Dy komme altyd yn it earste plak de skriuwers to'n goede (op himsels in bêst ding) en mar inkeldris it peil fan in litteratuer. It resultaet fan forskate priisfragen yn oar, mar ek yn Tsjerne-forbân, dêr't Jehannes Rienstra ek al op ombeart, hat my dat leard. By einsluten wurdt it peil ommers biskaet troch de oanwêzichheit fan talint. Dat docht fansels neat ôf oan myn wiiswêzen mei de Rely Jorritsma-prizen. Dat stiet trouwens ek dúdlik yn dat stikje fan mines.
Dat de eardere Heitelân-redakteur net skriuwe kin, is nou sa stadichoan elk wol dúdlik, en dat is neat net slim. Mar nou't it bliken docht dat er ek net lêze kin, wurdt it net de helte better. Dat lêste formoeden waerd ús de lêste wiken nochris bifêstige. Wy hiene Jehannes Rienstra yn in persoanlike brief forsocht yn it Jannewarisnûmer fan it Bibleteekorgaen syn pûster rjocht to setten. Hy hat dat net dien, swijt yn dat nûmer alteast yn alle talen. Sadwaende moast der op dit plak oarder op saken steld wurde. Us bliuwt nou noch mar ien fraech oer: kin de hear Rienstra, bihalven printe artikels, ek gjin skreaune brieven lêze?
D.A. TAMMINGA.