- Hast de flier fage? Hwer dochst dat mei, it rûkt nei poetspommade, lekkere rook fan thús.
- By ús ek.
- En hwat tinkt jim Mem dan, datst dochst?
- Hja mient, dat ik hjir bliuwe kin.
- Hwat dochst oars?
- Omswalkje fansels.
- Hast thús gjin bêd?
- Us Mem en ik sliepe by elkoar.
- Lit ús sizze, dat it joun sluterstiid foar ús beiden is, dat is smûker.
- Wy meije hjir net bliuwe, it is hjir in fatsoenlike gelegenheit.
- Dat hie ik ek tocht, ja.
- Mar it mei net.
- Hwa forbiedt it?
- Us bazinne.
- Dy kin ik wol oan.
Hja bleauwen ostentatyf sitten en de bazinne bleau ostentatyf wei. It waeide dat it rikke en earne klonk in fluit, dat it skril troch syn harsens striek.
- It lêste oardiel, sei er.
- It lêste? Hwat in lok soe dat wêze.
- Ik wit net. Ik bin der by opbrocht, sjoch.
Mar hja hie it oars bidoeld.
- Ik bin net hyt op manlju, sei hja.
- Net op Joaden, tink.
Joaden binne ûngelyk.
- Praetst út underfining of praetst oaren nei?
Hy gyng noch krûmer sitten om yn himsels wei to sinken. Dêr seach er sa ûngelokkich by, dat hja him hommels tûk bigoun to observearjen.
- Miskien kin ik dy helpe? frege hja.
- Hja is gjin konfeksjefrou, antwurde er.
- Ik ek net, sei hja misledige.
- In oar syn mjitte past my net.
- Wy hâlde it wol fol, jonge.
- Diene wy dat mar net, dan wie alles helte ienfâldiger.
- Hwat hastû in tearen yn de holle en hwat wurdstû griis, sa âld bist noch net.
- Dat sjocht hja net. En oars foroaret hja dêr net fan. Hy suchte.
- As soe it hert der út moatte, sei hja.