herten, hy like sa goed en froed, mar hy hie de knepen ynwindich - dat koed er min forneare. Ja, dat foreaske frijhwat filosofije en omtrint in flesfol âlde kleare, ear't er ta de slotsom kommen wie, dat er him der op it lêste stuit dochs mar handich útwoun hie. Wy hiene dus it hoekje wer bisyld en doe't de wize widdou op 'e lette joun ta bislút fan alle jammerdearlikens en it jenever-eazgjen ús har goede, gleone kafje foarset hie, waerd Ealse suver praetsk en forarbeide er it hiele trammelant yn in wyldseauwige skôging oer goedens en tsjoedens.
‘Men hat’ - sei Ealse - ‘langer neat as biswieren tsjin de wrâld fan hjoed de dei; men is fan bitinken, it giet nei de bidelte en it minskdom is wakkere min en biroerd wurden nei in mannich hite en kâlde oarloggen. Ja, winliken, ús âlde ierde en syn biwenners soene net mear wurdich wêze as in houn mei syn flieën.... Nim nou Darwin en Büchner en al dy oare mannen, dy't noch wol ljocht yn 'e takomst seagen, om't hja yn 'e ûntjowing fan it skaei fan Adam klear in opgong mienden merkbite to kinnen - hwer binne se keard? Eltsenien seit ommers, hja hiene fan 'e essentiéle libbensfragen dochs mar in bidroefd bytsje forstân.
Né, gnyskje mar net sa. Dou haste likemin fedúsje yn minske en mienskip en dy tinkt ek likegoed, dat it minne aerd yn dizze nuvere tiden him mar skoan oppenearje kin, wylst eartiids, doe't de twang ta seishanthavenjen sa sterk net wie, neffens de wetten fan 'e stadigens, it minskdom syn minne trekken better forbergje koe. Dou silste net sizze: hja wiene better, mar dou seiste grif ek: hja hóéchden sa biroerd net to wêzen. Al soe it inkeld mar wêze ta ûntskuldiging fan dysels. Fansels, dou biste sa wiis ek wol en lit de riddenaesjes fan Calvyn en syn gelikens bûten it bisprek - hwer soene wy bidarje as wy harren dochs gelyk jaen moasten?
Och, in minske, al soed er sa mûlryp wêze as de geroften sizze, is fa net folle mear as stammerjen by steat, as it giet oer de djipste fragen fan libben en dea.
Mar tsjoedens en goedens, hwat witte wy dêr winliken fan? Ja - gniis mar!
Ik soe dy lykswol it forhael dwaen wolle fan ús beppe, goesloof, dy't har libben lang it goede bistribbe hat, dy't harsels jimmer weisifere hat, dy't de slaggen fan it lot forduldiger droegen hat as Job en de ljochte dagen yn bernlike blidens oannommen hat as ûnfortsjinne jifte. Beppe,