siders en dat dy der by 't soad wiene, biwiist de skiednis, dy't hjir de deïsten en humanisten útgniist, dy't yn 'e sawntjinde ieu al tochten dat it offisiële Kristendom syn tiid hawn hie. Yntrige en psychologysk raffinemint dy't de hjoeddeiske boargerlike lêzer foar syn fordivendaesje sa nedich hat, hoecht Bunyan net to brûken. Hy kin rêstich syn persoanen al mei har karakter bineame en gjin otterdoks lêzer dy't him forfeelt. It heil fan de eigen siel is de yntrige en eangstme foar de hel is gjin psychologysk raffinemint mear brek: tua res agitur. Bunyan syn boek leart ús, dat tûzenen en tûzenen yn Europa libbe hawwe by de graesje fan in hillige God dy't hja fanneden hiene, om't hja oars nei de fordommenis gyngen.
Foar dy formiddens hat deselde man dy't de bibel oerbrocht yn 'e folkstael it foarste diel fan 'e Pylgerreize oerset en hy hat dat dien yn itselde folkseigen, dêr't Bunyan yn 'e finzenis fan Bedford de reis fan syn frjemde pylger en syn eigen siele mei biskreau. It boek fan Bunyan heart net thús yn in great bibleteek, mar op in boekeplankje mei twa of trije boeken: yn in biskaet formidden; Wumkes fielde him yn dat formidden noch thús en wie dêrom ien fan de hiel inkelden, dy't dit wurk noch dwaen koe. De opdracht dêr't er syn oersetting mei iepenet, lit dat dúdlik sjen. De oersetting is, yn tsjinstelling mei de steatlike tael fan party Hollânske fortalingen, tige slagge; fan de ynlieding hie men faeks mear forwachte mar dan forjit men, dat Dr. Wumkes it boek gjin histoaryske kuriositeit achte, mar der fan oertsjûge wie dat dit reisforslach mei rjocht en reden in wichtich plak ynnimt yn 'e historia pietatis christianae.
L.W. NAUTA.
Wilhelmine Siefkes. ‘It wurdt skielk wer simmer.’ Roman út Eastfryslân. Oerset út it Platdútsk fan Ypk fan der Fear. - Drukkerij Laverman N.V., Drachten - 1954.
‘It is dochs wol de muoite wurdich dat Ypk fan der Fear dit boek foar ús yn it Frysk oerset hat’, konstatearret men in bytsje forwûndere as men ‘It wurdt skielk wer simmer’ út hat. Dy forwûndering lit him wol tinke, hwant dit boek dat hannelet oer de jeugd fan Hinny Stalboom, soe, as it oars net wie as in boek oer Hinny Stalboom, in bytsje in langtriedderich forhael wurden wêze.
De skriuwster Wilhelmine Siefkes forstiet treflik de kunst om de tinzen fan it jonge bern wer to jaen, mar der sit yn dy werjefte dochs to min fariaesje om it boek boeijend to meitsjen. Binammen omt it de skriuwster net alhiel slagge is de ûntjowing fan it lytse boike ta in great skoaljonge stâl to jaen. Fansels, it wurdt yn 'e rin fan it boek dúdlik sein dat Hinny mar hwat in tear feintsje is, dat net oer alle boegen meikomme kin, mar dochs soe der eat fan it opgroeijen merkber wêze moatte, al wie it allinne mar yn in yntensivearring fan syn réaksjes op 'e bûtewrâld. Né, hoe treflik faek útbylde, it is net de skiednis fan de lytse jonge sels dy't dit boek makket ta it werklik goede boek dat it dochs is.
De krêft fan it boek leit, neffens ús yn de tekening fan de eftergroun. Hinny groeit, as iennichste jonge tusken in koppel famkes, op yn in greate húshâlding dy't oanhâldendwei op 'e rânne fan 'e earmoede forkeart. Fan hwat him yn sa'n formidden oan tsjinslach,