De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 25]
| |
Jo Smit
| |
[pagina 26]
| |
tredde of fjirde hân) de ynfloed ûndergien hat fan Parys sil wier wêze, mar dúdliker liket my de tried dy't rint fan Gysberts Fryske Tsjerne, oer brulloftsfoardragerij en winterjounenocht nei hwat hjoeddedei yn Fryslân kabaret hjit. It boekje iepenet mei in lietsje fan G. Elgersma as foarrinder fan it hjoeddeiske kabaret, it hie likegoed ien fan bygelyks Wielsma wêze kinnen, dy't noch folslein by it winterjounenocht heart. Bisjogge wy it forskaet fan kabaretlietsjes yn de bondel ‘De Bûnte Akster’ dan blykt de ynhâld ‘light verse’ to wêzen, net-literaire fersen, ornearre om songen en foardroegen to wurden. ‘Fansels binne dizze teksten sûnder mear gjin kabaret’ sizze de gearstalders yn har foarwurd. ‘Dat wurde hja pas yn it foarbringen op 'e planken’. Alwer in wier wurd fansels, mar it bitsjut tagelyk dat de etymologyske bitsjutting fan kabaret - kroechje - ús skraechwurk hoecht to ynteressearjen. Us Frysk kabaret wurdt net foarbrocht yn in kroechje, mar yn in seal. En de measte fan de teksten yn it boekje binne ek fêst net yn in kroech skreaun of sels mar ûntstien, mar hja binne optocht efter in skriuwtafel. Nou let dat net safolle hwant de sekundaire funksje is great yn Fryslân, al bliuwt it spitich dat yn ús herbergen mear jenever en brandewyn als ‘reade wyn’ fortape wurdt. Mei de gearstalders muoit it ús dat Wibren Altena gjin wurk fan sines opnimme litte woe. Altena hat de vis comica dy't syn wurk in apart soarte makket. Fan hwa't wol fortsjintwurdige binne moat yn 't foarste plak S.J.v.d. Molen neamd wurde dy't yn syn ‘De boeren fan de radio’ in foarbyldich kabaretliet jowt. Syn ‘De ballade fan Hindrik Jelles’ lit sjen hoe't it Fryske kabaret dochs ek út in tige Fryske tradysje skaeit. Dit epyske forhael lit him mei tige nocht lêze, mar men sjocht fuortendaelks mei in oar soarte kabaret to krijen to hawwen as by syn Radioboeren en nammers ek yn ‘Dat alles is Fryslân’. Tetman de Vries is weardich fortsjintwurdige mei in tal lieten dêr't ‘Oranjebitter’ en frâl ek de ‘Moderne widzesang’ hichtepunten fan binne. Douwe Tamminga biwiist in master to wêzen yn de fersifikaesje en in gefoelich en meinimmend kabaretlietsje meitsje to kinnen. Itselde jildt foar Bouke Tuinstra dy't yn twa lieten de beide poalen fan sentimint en spot goed ta har rjocht komme lit. Geart Tuinstra syn ‘Jelle’ kipet der bihoarlik út, hwat fan net ien fan de lieten fan de oaren yn | |
[pagina 27]
| |
dizze bondel sein wurde kin. Marten Brouwer syn ‘nasjonale romantyk’ dat oan Piet Paaltjes tinken docht, is aerdich, lyksa Hein Faber syn ‘It is wer Maitiid’. By kabaret mei men - alteast dat nim ik oan - sûnder neijere argumentaesje foar jins foarkar útkomme. Ik wol wol wêze dat ik foar Hein Faber syn kabaretlietsjes in swak haw. It muoit my dat er net in sterker opnommen is as dizze Maitiid. It lietsje ‘De ein fan 'e line’ hie in foarbyld west fan in aparte, moderne kabarettekst. Geart Jonkman is krekt hwat to earnstich as biis, is krekt hwat to passyf foar it dichterlike wurd oer, om yn de opnommen teksten to oerstjûgjen en, as men ‘wurd’ forfangt troch foarm’ jildt datselde foar Iwan Fladdéracque. Ien ding moat ik noch omtinken foar freegje. ‘Hwat seit jin in portret dat retouchearre is, in glêdwreaune melodij; in bifile en bislipe tekst?’ freget Bouke Tuinstra oratoarysk. Fansels, wy binne it mei him iens dat it om it libben to rêdden is. Dat mei lykwols yn de tsjinwurdige situaesje net in frijbrief wêze foar it brûken fan ûngeef Frysk. Men mei boartsje, ek mei de tael, yn sokke kabaretlietsjes, mar ik leau dat it goed is de strangste easken to hawwen foar it taelgebrûk oer. Krekt yn in kabaretlietsje mei net, om in foarbyld to neamen, út maklikens in foarm as ‘ús Fryske hert’ foar kar nommen wurde om't dat sa goed mei de mjitte útkomt. De kabarettier is ta in hichte in gewisse fan it folk, ek op it stik fan de tael leit him dat forantwurdlikheit op. Mei alle frij om syn hiele forantwurdlikheit en alles hwat dêr nei rûkt, yn syn lietsjes to relativearjen. |
|