Hugo Kingmans:
‘De dichters draeije troch.’
‘Hegel, Marx, tige goed. Lorca? Ken ik net.’ Dat lit Sartre yn syn toanielstik ‘Les mains sales’ de kommunistyske folkslieder Hoederer sizze, hwannear't er yn 'e boekeskat fan ien fan syn folgelingen omsneupt. En hy lit sûnder omwynsels fornimme, dat dy Lorca him ek kâld leit, omdat er oan Marx genôch hat en omdat er Hegel kennen leard hat. Likegoed forsint Hoederer him: de dichter Lorca hat yn syn wurk de moedsdjipte fan it Spaenske folk iepenlein en syn poëzij skaft jin dan ek in koart bigryp fan 'e omstannichheden, dêr't yn 'e Spaenske boargeroarloch ûnder striden is, in oarloch hweryn't Lorca troch de franquisten deasketten waerd. Der wiene dus grif kontaktpunten tusken Hoederer en Lorca. Mar de lieder hâldt it op Marx.
Dat aparte aspekt fan de poëzij - it yn 'e kunde kommen mei it wêzen en karakter fan it folk - wurdt hwat de Fryske poëzij oanbilanget mei hwat minder klam, mar dochs wol dúdlik op wiisd troch Anne Wadman, dy't syn ‘Frieslands Dichters, Bloemlezing uit de Friese lyriek sinds 1880’ in forantwurding meijowt en dy ôfslút mei de wurden: ‘Dat deze voor velen eerste kennismaking bij de niet-Fries moge leiden tot meer begrip voor het Friese wezen en de Friese bedoelingen en tot een hechter contact en een scherper accentuering van raakpunten tussen Friesland en “de rest van Nederland”, die elkaar, ondanks alle verschil en wrijving, nodig hebben’.
Hwant ek binnen ús lânsgrinzen is der mutatis mutandis de yn 'e groun ôfstegerjende frase fan in Hoederer: ‘Obe Postma, Schurer, Spanninga, Rixt? Bikroande Fryske dichters? Ken ik net’. En mei dy hâlding wurdt dan it misbigryp forfette, lyk as soe de Fryske poëzij allinne mar hwat boererymlerij wêze, as soe de Fryske tael gjin kultuertael wêze, as soe de ‘Fryske kwesje’ allinne mar binei to kommen wêze út en yn it politike flak. Men kin nammentlik feilich oannimme, dizze Fryske poëzij wie foar de net-Fryske lêzer ûnbikend lân, doe't Wadman yn 1949 syn forantwurding skreau.
De fraech is nou: hat Wadman syn blomlêzing (yn 1949 by Stafleu to Leiden sa by útstek goed útjown) foroaring