De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 62] [p. 62] Marten Sikkema: Ballade (oan in Heitelânspoëet). Oan 'e Tsjerne-dichters. Jim skriuwe mar fersen, it iene nei 't oare; gedichten, in wûnder sa klankryk fan toan! Kwatrinen, sonnetten, terzinen en oare. It ûnderwerp komt der gjin grevel op oan. Hwat tink ik net faek: koe ik sa ek ris skriuwe. Mar oen leave sij, hwat wol 'k soms net mear. Om deagewoan by jimme fersen to bliuwen: ik woe se bigripe, sjedêr myn bigear. J. VAN DER MEULEN. (It Heitelân, Desimber 1953.) Stil glimkjend haw ik harke nei jou klachten: Wiswier, oan fersfoarms ha wy gâns karút, Sjoch Wadmans Ferslear (Laverman to Drachten), Al bin ik bang, dat jowt jo net in sprút. Mar as desimbermoanne skriemt oan 't rút Is elk mei eare frij fan elke twang, Nim dan de pinne op, wês resolút: It libben is sa koart, de Kunst sa lang! 't Is wier: om stofte sit net ien forlegen, Om't hokfoar ûnderwerp der neat ta docht; Sjoch, rounom leit de modder op de wegen En rounom ruilje tsjusterens en ljocht. Mar sykje jo al tiden om 'e nocht, Strui fraechtekens, strui stipkes oer jou sang, Hwat mear hwat better, dat is elks goerjocht: It libben is sa koart, de Kunst sa lang! Jo sizze: alles is jo net bigryplik; Wol, dat is knap, jo fetsje dus noch eat; In dichters wrâldbyld is faek slim bihyplik En 't mei wol sein: de measten fetsje neat, Doch lyk as sokken: nim it giel foor read, It wyt foar swart, as wien' jo wier net bang, Dan seit de wrâld: dy is ta gâns yn steat: It libben is sa koart, de Kunst sa lang! [pagina 63] [p. 63] Opdracht: O Heitelânspoëet mei al jou maten (Hwerby forskate minderen yn rang), De skepping sit om jim kunst ek forlegen, Der is dus wier gjin tiid mear to forpraten, De siden moatte fol (ek om de baten), Brûk frij jim miggeplakker as in degen En jow mei moed de wûnderlikste fegen: It libben is sa koart, de Kunst sa lang! Vorige Volgende