Krityk yn it koart:
H. de Jong. TRUDE. Roman fan in hynder. Utjowerij Fa A.J. Osinga, Boalsert 1953. (Yn it abonnemint fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibliotheek 1953.)
Yn 'e rige folksforhalen sûnt de twade wrâldoarloch slacht dit boek gjin min figuer. Hwat de stof oanbilanget, is De Jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy biskriuwt dat stik boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of great, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsgjirrich, dat it de bilangstelling fan 'e folkslêzer oan 'e ein ta geande hâldt. Wol binne de wegen dy't de skriuwer minske en bist lânsbringt, lang altyd net de sljocht-Fryske fan al den dei, mar faek dy fan in frjemdbochtsjende romantyk; lykwols, hy fiert syn figueren ek troch de bisettingsjierren foar in great diel, doe't folle ûnwierskynliks mar al to wierskynlik wie en folle tafal sa natuerlik mooglik yn it barren foel. Dy romantyske kânsen hat er dan ek mei in handige ienfâld to baet nommen om in forhael fol biweging en ôfwikseling to krijen en de libbens fan minske en bist hieltyd wer byinoar to bringen, al giet dat op kosten fan 'e djipte fan it forbân en de inerlike needsaek fan it birin. En dêrby kin it Frysk fan De Jong moai ridlik bisjen lije. Hwerom allinne moat er jin sa'n argewaesje jaen mei dat erflike ‘foarst’, dat er omtrint iderkear wer foar kar nimt as er ‘earst’ bidoelt?
Dy flater is nammers net tafallich. Hja komt fuort út 'e sucht fan 'e skriuwer nei literarismen, en is typearjend foar ien fan de slimste lekken en brekken fan dit boek. Wylst De Jong tinkt en troch de bank ek skriuwt yn folkstael, kin er it gauris net litte en bisykje it mei literarisearjende wurden. Binammen yn natuerbiskriuwing en as er sterk utering jaen wol oan syn gefoel, weaget er him dêr oan. Mar it wurdt yn syn mûle ornaris net mear as moaipraterij. It forbrekt de sfear, jowt it boek in pretinsje dy't it net drage kin, en makket it faei foar in literaire krityk hwerby't it to licht bifoun wurde soe. Dizze skriuwer kin to folle mei de folkstael om it opsetlik moai sizze to moatten; en hy kin to min mei it literarisearjende wurd om it sûnder forbrekking en ûnsuverheit moai sizze to kinnen.
It greatste biswier lykwols moat men meitsje tsjin de sentimintaliteit hwêroan't er him to bûten giet. Dêrom net, literarisme en sentimintalisme koene wolris frijhwat mei-inoar út to stean hawwe. Foaral as De Jong de omgong fan minsken en hynders biskriuwt - dy't sûnder mis yntym wêze kin - wit er foar de utering fan syn gefoel fan mjitte noch grins. Ynpleats dat er dan lyk as Brolsma, syn krêft siket yn ynhâldendheit, lit er him meislepe fan útstoarting en redenrykheit. Sokke einen, dy't fansels hieltyd weromkomme, is it forhael suver ûngenietber fan útskroevenheit, opskroevenheit en ûnmacht.
Alhoewol, hwat moat men? Wy binne yn Fryslân. As wy ús gefoel al gjin roai en foarm witte to jaen by ôfskieden, yn In Memoriams, op bigraffenissen, by bitinkingen, ja sels op bruiloften en feesten, hwat is der dan oars ta forwachtsjen fan Fryske populaire literatuer?
F.