Utopeia is it forlerne paradys. Utopeia is de nije himel en de nije ierde.
*
In minsklik wurd is lûd èn wjerlûd. De sprekker is it wjerlûd; dy't it hearre, is it lûd.
*
Nietzsche's trageedzje is, dat hysels de Uebermensch net wie.
*
Gjin skepsel kin himsels wêze, lyk as de goddeleazen hwat langer hwat fûleindiger easkje. God allinnich is himsels, Hy dy't fan himsels is.
*
De ivichheit kin it ivichst lytste diel fan 'e Ivige net bifetsje.
*
Jouns binne de skaden langer en greater as de minsken. Allyksa sjogge wy, nout it mei ús wrâld op 'en ein rint, de minsken greater as hja binne.
*
Yn 'e oardielsdei sille mannichten har forskûlje yn 'e bergen en yn 'e hoalen fan 'e rotsen. Mar wy dan, dy't gjin berchtme en klingen by ús hawwe, hwer sille wy ús bergje foar de grime fan 'e almachtige God?
*
Leafde is net blyn; leafde wol blyn wêze.
*
Carpam aeternitatem. Dat ik de ivichheit ploaitsje mocht as in blom.
*
De measten forûngelokje ticht by God.
*
Elk minske is syn neisten in Eva, syn neiteam in Adam, en himsels in slang.
*
Yn 'e hel sil men jinsels wêze.
*
Fan it hout fan 'e beam fan 'e kennis fan goed en kwea is it krús fan Jezus Kristus makke.
*
Lyts en near is my de wrâld; dêrom ûntflechtsje ik har yn it wurd.