Jo Smit: Trije Tsjugen naturalisearre.
‘Trije Tsjûgen’ is in fortaling. Is nou de taek fan de bisprekker inkeld dy oersetting nei to gean? Ris to sjen oft alles krekt oerbrocht is, dat wol sizze oft de smaek, de rook fan it oarspronkelik wurk biwarre bleaun is? Of mei ek dat wurk sels jitris bioardiele wurde?
Nei myn bitinken mei dat net allinne, mar moat it. Hwant, bihalven as in boek inkeld as lêsfoer biskôge wurdt, sil alderearst in andert jown wurde moatte op de frage oft it doel hie it boek yn kwesje to fortalen. En grif moat men jin dat ôffreegje by oersettingen yn it Frysk, omdat de merk foar Fryske literatuer nou ienris ridlik gau sêd is.
Hjir kin tsjin ynlein wurde dat de stân fan it proaza yn Fryslân sokke skrupules oerstallich makket. Dan wiis ik der lykwols op, dat der ek mar plak is foar in biheind tal fortalingen, dus dat it gâns útmakket hwat boek der oerbrocht wurdt yn it Frysk en, siz ik der fuortendaliks by, út hokker tael it oerset wurdt. Fortaling'en út it Hollânsk hawwe yn it algemien net folle doel, om't eltse Fries Nederlânsk lêze kin.
Hat Freark Dam syn oersetting fan ‘Drie getuigen’ fan Sjoerd Leiker sin?
Leiker syn boek is in knap stik wurk, dat stiet foar my fêst, al sil ik dat hjir net adstruearje. It nimt jin mei fan it bigjin oan 'e ein ta, it is skreaun yn in feardige styl en it rekket oan djipten, dy't it wier ta literatuer meitsje.
Der kin oer tsierd wurde oft it al of net in roman is en sels sjoch ik it ek mear as trije novellen, mar dat docht oan de wearde neat ôf. Lykwols binne it dy kwaliteiten net, dy't de oersetting wettigje, likemin it feit dat it boek al trije Nederlânske printingen bilibbe hat en fortalingen yn it Ingelsk en Dútsk. Né, hwat de oersetting legitym makket is dat it wierliken in stik Fryske literatuer is.
Freark Dam hat de ‘Trije Tsjûgen’ winliken brocht hwer't se weikomme: út Fryslân. De ‘Trije Tsjûgen’ binne thús.
As it boek sa, lyk as it nou foar ús leit, in oarspronkelik wurk wie, soe der oan alle kanten greate wtirdearring foar wêze: foar de tekening fan it formidden, foar it bisykjen