| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Trije fersen.
Op in jountiid.
Men dôbbert lâns de strjitte
mar dan ynienen dounset in meldije
hwant earne spilet wol in fanke de piano,
dêrt in kastanje wiid him twiget yn 'e loft
hja seit har siele yn de toetsen
as seach men yn de strieling fan har eagen,
en út it wûnderlik biwegen fan har hannen
fiel ik forhoalen har geheimste wêzen bloeijen;
graech soe ik har hwat sizze,
rank fan klank, en inkeld fjûr,
klear as it gloeijen fan in sjterre,
hwant Venus is in felle fûnk yn it hielal,
mar 't wetter sjocht my stroef fansiden oan
en lûkt syn antlit al yn tearen
dat ik panderje mar fierder,
eltse fuotstap read fan skamte
och ja, dit bliuwt wol by in boask
al wurdt it dan ek brânnend op it blêdte skreaun.
Aenst komt it noch safier,
dat men fanwegen al de hilligen
de himel net mear sjocht,
mei in ljochte sirkel om 'e holle.
In skipper swalket sjongend foar my út,
de dining weaget yn syn gong noch nei;
dy sylde wol bylâns in oargeljende kust,
sa oan syn stim to hearren.
Gjin noed, lykwols, in foarse boekebeam
hâldt seinjende syn earmen oer in pearke,
| |
| |
en efkes letter gean' twa miniken my foarby,
- ..... och, oars net as in flinter, wol ik ha,
dy't waeit nei God's genedich hert, -
hear ik in wyndering petearjen.
Nou, soks slacht net op my,
dat stiet wol berge-fêst,
mar moai wis doelt dit sizzen op in wite fûgel,
né dominy, jo kinne alle kanten mei my út,
mar leaver net omheech, -
dêr binn' myn inglewjokjes spitich noch to lyts ta.
Hawar, it is fansels mar in idé,
mar is de wrâld dan winliken hwat oars?
Hwant sjoch, nou rinne hja forskime, beide learden,
as hiene hja alhiel gjin eigen libben en bistean,
en sels har lûd is tsjin de ivichheit kapotslein.
Dochs wol bigreatlik, tinkt my,
dat suver alles hwat hja bûleblaze troch de geast,
opwazemt en fordampt as wie it neat.
Mar noait stie noch de stilte fan de nacht
sa machtich swijend en ûntsachlik om my hinne.
| |
| |
| |
It leste ljocht leit op it bledte blonken.
It lêste ljocht leit op it blêdte blonken,
itsetde hat it wetter yn,
en draecht de dauwe oan dyn eagen mei,
hwant triennen ha forhoalen fonken;
ik helje stil myn swurden yn,
en alle greate wurden falle wei
| |
De ramp.
Nou komme inkeld noch de wurden
en de binearing fan de nacht
is yn de séen en it hert;
as frjemde boaten yn in ivich fear,
sa driuwe hja omhear oer it fordronken lân,
omdat de mins mar ienkear libbet,
omdat de mins wol tsienkear stjert....
|
|