Fedde Schurer:
Quia absurdum.
(By de bondel fan Jan Wybenga.)
Amoeben binne iensellige wêzens, de primityfste foarmen fan libben, dy't har formannichfâldigje troch dieling. Oan it bigjin fan it libben stiet it riedsel, dat men allinne mar útdrukking' jaen kin yn 'e paradoks of yn it liet fan de hymnyske forwûndering.
‘Amoeben’, sa hat Jan Wybenga de bondel neamd, dy't as nû. 2 fan 'e Reiddomprige 1953 by firma Laverman yn Drachten it ljocht seach. De paradox is deryn, en de hymnyske forwûndering.
Us tiid liket, ek yn de uteringen fan syn dichters, antilyrysk to wêzen; de tiid fan it gedicht tsjin 'e tried yn, dat him biweecht tusken de biredenearre filosofy en de stammerjende dwylsin, dy't ek filosofy bidoelt to wêzen, inkeld greate stikken oerslacht en fierder in birop docht op de oanknooppunten fan in bilêzen en oerlêzen publyk.
As der ien ding is dat de dichter Wybenga jit yn 'e wei sit, dan is it ek syn filosofy en de twangfoarstelling fan de nou al hast wer âldere generaesje, dat dichtkunst de wierheit formulearje moat dy't harsels oplost.
Hy hat ek dy driuw yn him om mei to dwaen yn it sombere sprekkoar fan dy't it libben ligen hjitte, omdat it sa ûnreedlik is, omdat it gjin sin hat, omdat der gjin God is, gjin gebot. Mar in ynderlike stim (ik kies mei opsetsin út in forspijd idioom) warskôget him dat dizze ûnwaersprofesij net botte orig'ineel en net botte bimoedigjend is, en dat it dan einliks ek gjin doel hat om gedichten to skriuwen. Hy moat dat allegearre reedlikerwize tajaen.
Mar it stiet nou ienris as in peal boppe wetter, dat er gedichten skriuwe moat. Hwerom? Omdat er nou ienris dichter is, en dêr hâldt alles mei op. Of leaver, dêr bigjint alles mei. De amoebe, dy't libbet tsjin alle reedlikens yn. Dy't as hy himsels dielt, ta syn forwûndering ûntdekt dat dit it bigjin fan de formannichfâldiging is. En men kin jin wol tsjin de rede forsette, of tsjin it gesach, mar net tsjin it libben sels.
Der binne gjin wûnders, dat ha wy al jierren lang elkoar mei sûre gesichten tajown. Mar hwat docht men der oan,