De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Inne de Jong: Kathleen Ferrier sjongt. (Yn: Orfeo ed Euridice.) Orpheus: Hwat ierdebern sjongt Orpheus klacht troch tiid'ne nacht oer bergen, sé en lân, dat minsk' en goaden swije en mei myn leafde lije? Hwa hat myn lûd yn harres fongen, hwa hat de ieuwen iepensongen mei myn forklearre smert? Hwat hert, hwat wittend hert hat yn de iv'ge brân fan myn forlangen stien, hwa is troch leafde' faeiste djipten gien, om alle triennen stim to jaen? It sjongt troch tsjuster hoal en krocht it wetter fan de Styx wurdt ljocht de Hades is ûntset, it sjongt troch nei har stjerren, dit moat de deaden hearre, Eurydice, hastû it heard? Vorige Volgende