| |
| |
| |
A. Jousma:
Roppen.
III
Ik wurd wekker, de sinne skynt al ryklik troch de skreven fan de oergerdinen en foar myn bêd stiet Bianca. Hja sjocht op my del en glimket, nou't ik de eagen iependoch; miskien ek al earder, mar dat kin ik slim witte. Fan in faem, en binammen fan in moderne faem, kriget men mar min hichte, sels al is hja sa goed as jins forloofde en miskien mear as dat ear't men der erch yn hat Bianca is in bisûnder type: lang net de earste de bêste, dat fornimt elk dy't har moetet daelks. Fan boarg'erlike foaroardielen hat se alhiel gjin lêst en it is wiswier de earste kear net, dat hja moarns sûnder bitinken by my yn 'e sliepkeamer komt, as ik in loaije bui haw. Hja doar ek bêst de tekkens fan my ôframe, as hja fan miening is, dat ik der ris ôfkomme moat en as dat net helpt, past hja sterker middels ta om myn energy hwat oan to fjurjen. Bianca is in bjuster origineel type, dat sizze alle studinten en ek de professoaren, dy't noch net alhielendal forsuorre binne yn it fak. En it falt foar mathematisi en physisi en chemisi net ta, in libben minske to bliuwen en net ta in foech formule to forwurden. Ik bin sels ek al moai fier op wei om dy kant út to lûken, wol ik leauwe. Mar dan is Bianca der noch! Ho mar! Dat is wis en grif gjin formule. mar in barnend fjûr en in glimkjende sfinks. Sa hat professor Thomius har ris oantsjut, en hy seach my warskôgjend oan.
Thomius hat it alhiel net op har stean en hâldt en keart him de lea stikken oer har ynfloed op my: hy is bang, hja sil syn bêste learling fan de wittenskip ôffallich meitsje.
Ik wit net, oft myn iere bisiter al hwat der yn my omgiet fan myn gesicht ôflêst; it is bêst mûglik, hwant hja is it foarbyld fan in yntelliginte frou en in frou is út soarte yntuïtyf. Dus hja forienicht dy beide kwaliteiten yn har, en dêr ha 'k wol ûnderfining fan.
Yn alle getallen, har ljochtread oansette lippen geane fan elkoar en har peareltoskjes skimerje my to mjitte, wyl't hja seit: ‘Dû likest bare drok to dreamen de lêste tiid. Arbeidest net to hurd, wol? En hwer woest komme?’
‘Komme? Hoe sa?’
| |
| |
‘Dêr hiest it wakker oer, niiskrektsa, foardatst dyn manlike eagen wer ûnforfeard op it gefaer rjochtest.’
‘Gefaer? Hwat gefaer?’
‘Op my!’
‘En hwerom soestû foar my it gefaer wêze?’
‘Foar dy? Hwa seit dat? Foar folle mear, foar de frede, foar de wrâld!’
‘Toe mar, toe mar! Dû hast gjin min idé fan dysels.’
‘Soest ek sizze kinne: gjin bêst!’
‘These en antithese, dialektyk yn 'e iere moarn’, suchtsje ik. ‘Minske, tink derom, dat ik noch amper út de ûnbiwustens opdûken kom. Ik bin noch net by, en soks kin ik noch alhiel net forarbeidzje.’
‘Dat leau ik graech. Dû silst fol sitte fan dy romantyske dream. Like hja op my?’
‘Like hja.... Hwa?’
‘Dy faem, dêrst by komme woeste. Dû rôpst: Ik kom!’
‘Nou, dat kloppet dan. Ik bin dochs komd.’
‘Ja’, seit Bianca en har eagen ljochtsje nuvere goudich yn it moarnsljocht, ‘ja dat kloppet krekt. En kom der nou tagelyk ek mar ôf, dan kinne wy togearre dy lêste swierrichheden mei dyn atoomformules ris bisjen. Ik meitsje my sterk, datst dêr de hiele nacht mei ompakt haste: earst justerjoune mei de prof en doe letter allinne.’
Diveker, dit wurdt gefaerlik. Stom, dat ik har derfan forteld ha, dat Thomius mei my dy lêste barrière bistoarmje soe. Justerjoun - hwat siz ik? - fan nacht oan trije ûre ta ha wy der togearre oerhinne bûgd sitten. Hy hat syn uterste bêst dien om it my út to lizzen, dat toranen fan in atoom yn omstannichheden, dy't neffens him dúdlik wize op in gean bûten ús normale tiidsbigryp. Yn it djipste geheim hat er my syn proef sjen litten en de formules mei my útwurke. In sensaesje soe it wêze, as er dêroer publisearre, de âld man syn namme soe mear as forneamd wurde en skitterje nêst, hwat siz ik boppe dy fan Einstein. Mar deroer skriuwe wol er perfoarst net; hy seit: de tiid is der net ryp foar. It is lyk as by de ynwijing yn de âlde mystearjes, wol er ha. Hwa't ta de djipste geheimen kaem, moast swarre dy net to iepenbierjen op straffe fan de dea. ‘Dat jildt nou ek foar dy!’ sei er mei syn stil glimke. ‘Dû bist nou ynwijd yn it great heimenis. Forried it net. Hwant net iens allinne dyn eigen libben giet it om, mar it bistean fan in hiele wrâld hinget deroan. Hja brûke de wûnders allinne ta har fordjer.’
| |
| |
Hy bitrout my absolút en alhiel, en it muoit my stom, dat ik der yn it foar al ris mei Bianca oer praet haw. Hwat moat ik nou sizze?
Ik hoech neat to sizzen, hwant ynienen leit hja nêst my en ik fiel har sêfte wangen tsjin mines oan.... It giet my troch de holle, dat ik my noch net skeard ha.... Mar Bianca har lûd is yn myn earen, sêfter en frouliker as ik it ea heard ha en har slanke earmen lizze om myn hals. Yn de rizende moarntiid bigjint in nije nacht fan sillichheit.
Bianca, faem mei dyn synysk glimke en dyn to reade lippen, ik wiste it net. Datstû sa'n frou wêze koeste, sa stil en duldzjend! Dû, mei al dyn kwânswize birekkening fan wiskundich studinte.... Mei dyn fyn-skearde wynbrauwen boppe dyn spotske eagen en dyn lange slanke fingers mei de neilen in tikje to fûl oanset. Mei dyn ornaris mear mathematyske as erotyske wurdkar en dyn resolute wize fan dwaen. Ik haw nou dyn wier wêzen ûndergien, Bianca; nou pas wit ik, hwaste biste, noust fan my west hast dizze godlike dei, dy't wy fierden as in feest. Oer de formules ha wy net mear praet. Hwa kin him bikroadzje oer professors en har theoryen, as men grypt is fan datte, dat wy hjoed ûndergiene? Tiid is ús forgliden en wy wisten it net. Tiid: nuver forskynsel! Ja, dat seit Thomius ek, as syn atomen har yn it tideleaze oplosse en nije út it tideleaze wer forskine. Soene wy koarts ek sokke atomen wêze, Bianca? Dû en ikke? Soene minsken lyk as atomen bistean en atomen lyk as minsken? Wy moatte dan in diel hawwe, dat bûten de tiid stiet en dat him oplost en werkomt....
As jonge haw ik al sa mei dy siel ompakt, as Dominy drige mei hel en fordommenis. Ik woe syn wurden net oannimme en ek net it bistean fan de siel oerjaen. Hwat haw ik der allegearre net oer lêzen: ryp en grien; en it brocht my net fierder. It bisteande waerd my ál tsjusterder en ik forsloech deryn. Oant op it gym de learaer fan physika en chemy my yn 'e bisnijing krige en ik al de tradisionele bigripen fan godstsjinst oer board smiet, om allinne mei it eksperimint de heimenissen fan it hielal op to lossen. Hwant dêrom hie it my dochs einliks altyd to dwaen west: it wêzen fan de dingen, dat haw ik altyd socht. Dat docht Thomius ek, seit er, en hy fortelt derby, dat hwa't ienris roppen is, it nea mear forjitte kin. It is mear weardich, seit er, as rom en eare en in greate namme; hwa't it heimenis fynt, moat it
| |
| |
hoedzje en noedzje. En dêrom wol er syn wurk net publisearje.
Hwat is dat allegearre foar Grüblerei, en dat op dit stuit? Wylst ik wit, ik hoech mar de eagen iepen to dwaen en de hannen út to stekken, om it allerbigearlikste fan de wrâld mines to neamen: it frjemde geheim, dat in moaije frou hyt; in mystearje, like great en djip as dat oare fan it ûntstean en forgean fan de stof. Of.... binne dy twa winliken ien? Soe dát sa wêze....?
En nou bigjinst wer mei dyn gepiker en gemimer. Fuort...., dóch de eagen dan iepen en sték de hannen út. Tink en grübelje net langer, mar gryp it lok, salang it yn dyn birik is!
Oh...., it is tsjuster yn 'e keamer. Ik sil it bêdlampke oplûke en sadré't ik dat dien haw, sil ik har foar my sjen yn it skimerige ljocht; miskien hat se de tekkens mar heal oer har hinne lutsen...., miskien.... Hwat is dat? Neat leit der nêst my...., neat...., leech is har plak! Bianca, hwer biste? Klean? Né, ek net...., neat! De greate lampe toant my ek neat as leechte. Op it bêd, yn 'e keamer: leechte! En op myn skriuwtafel is it ek leech: de map mei birekkenings en tekeningen, by de prof makke, is fuort. Ik hie him dêrre dochs dellein? Is er net yn ien fan de laden, of yn 'e boekekast? Leech...., leech...., alles leech.... Bianca is fuort en hja hat de gehemeni fan Thomius meinaem!
Ik sit op de rânne fan myn bêd. Troch de nacht komt in fleanmasine oanrazen en syn daverjen stjert wei yn 'e fierte.
Trije dagen haw ik wachte en socht. Op 'e kolleezjes forskynde gjin Bianca, yn myn kasten noch earne oars foun ik in spoar fan de papieren werom. Ik ha ynformearre by har freondinnen; hja seine, se wie op reis gien. Hwerhinne? Dat wiste net ien: Bianca wie dochs altyd sa stikem mei dat soarte fan dingen. Ik bin nei har keamers gien. De hospita sei itselde as de kammeraetskes. De juffer hie útlitten, hja kaem to'nearsten net werom. Sa net, hja hie tige royael foar trije moanne yn it foar bitelle: in kreas en freonlik fanke, de juffer. En doe glimke de âlde tange sa'n bytsje glei. Hwerhinne? Gjin flau idé! Forbylde ik it my, of waerd it glimke hwat meilydsum?
Fan 'e middei kaem it telefoantsje fan Thomius, en ik
| |
| |
moast wol nei him ta en fortel it. Gjin noflik boadskip en nou't ik foar him oer sit yn de hege, bitroude studearkeamer mei boeken oan alle kanten, fiel ik my as in skoaljonge, dy't syn wurk net ôfhat en opbychtsje moat. De prof sjocht my binijd oan; der is hwat, dat him opfalt, dat fornimt men sa. Hy blêddet ris yn syn papieren en brimt. Dy birekkenings ken ik op 'e kop werom: it binne deselde as dy't ik my ûntfytmanje litten haw....
‘Professor’, siz ik, en myn lûd is net sa bjustere wis, dat kin 'k skoan fornimme, ‘professor, ik sil it daelks mar sizze, foardat wy fierder prate....’ Ynienen binne syn eagen fûl yn mines, hy hat myn geheim al trochgroune, ear't ik it bychtsje koe en ik forslaen yn myn wurden.
‘Kwyt?’, seit er wûnderlike bidaerd. Ik kin oars net as knikke. ‘Bianca?’, freget er opnij en forbjustere knik ik noch ris. Dan fyn ik myn spraek werom, en ik stammerje oer har forskinen by my en hwat der doe op folge is. Hy is net lyk as ik tocht hie, bistoarn fan eangst of lulkens. Hy heart my kalm oan en leit dan syn hân op myn earm, dy't bevet.
‘Stil mar’, seit er, ‘stil mar, it is allegearre myn skuld, dines net. Dû hast dy neat to forwiten. Ik hie better oppasse moatten.’ De lampe tusken ús yn set de keamer yn skimerljocht; yn it tún hear ik in pear fûgels fluitsjen, hjir of dêr sjongt in fioele foar in iepen rút; hiel yn 'e fierte bromt in fleanmasine....
Professor swijt in skoftke, en ik sjoch syn fyn âld gesicht boppe it grize burd. De eagen binne tichtgien, as wied er wurch en syn iene hân mei blauwe ieren deroer leit noch altyd op myn earm. Dan doch ik de mûle jitris iepen en freegje: ‘Mar professor, ik haw dochs de forantwurdlikheit foar eigen dwaen en litten to dragen? Elk is dochs oanspraeklik foar syn eigen tokoartkommings?’ De heldergrize eagen geane stadich iepen. ‘Forantwurdlik?’, seit er, ‘eigen? Oanspraeklik? Ik wit it net, jonge, ik wit it net. Soms forstiet men net mear hwat oanspraeklik is, of forantwurdlikheit of eigendom. Dan liket it, oft alles nou ienris komt sa't it komme moat, ûnkearber en net to foroarjen. As ien fan uzen skuldich is, dan bin ik it, dû grif net. Mar ik haw ek al net folle oars dien as hwat ik dwaen moast. Ik socht fan myn jeugd oan om it geheim to forstean, dat dit hielal draecht. Ik socht it yn hillige boeken, ik socht it yn myn wittenskip. In hiel lang libben haw ik dêr mei
| |
| |
dwaende west en ik koe net oars. Nou haw ik alteast ien fan de heimenissen foar in part trochgroune: it mystearje fan de stof en syn bou, hoe't dy ûntstiet en forgiet, oergiet yn oare foarm, dat hat him oan my fortoand en ik wie bûten mysels fan freug'de, dat ik hjirta útforkeazen waerd, ik âld en forgetten wittenskipsman. Doe hie 'k tofreden wêze moatten. Ik wie it net. Ik woe myn fynst bikend meitsje, bikend meitsje oan.... myn soan....’ Hy hâldt yn en wer glide syn eachlidden omleech.
‘Professor’, weagje ik nei in skoftke, ‘professor, ha jo dan in soan?’ Wurch skoddet er mei de holle. ‘Né, wis net. It hat nêst myn stúdzje altyd myn greatste forlangst west; mar it waerd net bifredige, né....’ In lange stilte folget. Dy fûgel sjongt noch, de fioele is stil, yn 'e loft forskine mear en mear stjerren foar it iepen rút.
‘Doe't ik it heimenis foun hie, jonge, doe foun ik ek ûnder myn studinten ien, dy't ik my as soan winske hawwe soe. Hy socht ek om it mystearje fan it bistean, al wist er it miskien sels net mear. Ik wist it, ik seach it oan syn eagen, ik fielde it út syn fragen, ik koe him fan eartiids... Miskien hat er doe myn soan west of my op oare wize nei stien.’ Wer wachtet er en glimket forlegen.
‘Professor?’ Ik freegje it ûnwis.
‘Ja, dû wiest dy studint, dû hast my as in soan west, jonge!’
‘Mar...., eartiids? Hoe wolle Jo sizze, Professor? Eartiids?’
Glimkjend wiuwt er mei de hân. ‘Tink oan ús proeven fan in pear dagen lyn en lûk in parallel tusken minske en atoom: hja fordwine en komme werom. Lykwols, dat kin 'k net mei in proef biwize, allinne mar leauwe.... Dy, myn soan, haw ik ynwijd yn it geheim, yn it geheim. En ik hie earst witte moatten, ofst it hoedzje koeste.... Och earme, dat koe 'k ommers sels net iens!’
‘En dy't it mystearje forriedt, professor....’
‘Dy moast by de âlde folken stjerre, jonge, dêr wie gjin ûntkommen oan. Mar stjerren is gjin stjerren; it is gean oer de drompel fan it oare ryk. En dêr bin ik dochs net fier mear ôf en ek net bang foar.’
‘Mar ik haw it dochs dien, professor. As ik better oppast hie....’
‘Dat koestû net. It ûntdekken fan it geheim wie myn wurk. Of hiestû it soms allinne fine kinnen?’
| |
| |
Ik kin net oars as stadich skodholje.
‘Wês gerêst, fan ús twaën bin ik oanspraeklik, dû net. Ik hie bitinke moatten, dat ik de freugde fan myn ûntdekking allinne foar mysels bilibje mocht. Hwant hwat twa witte, dat witte trije en hwat trije witte, dat is by follen gjin geheim mear. Ik woe dy toane, dat ik knap bin, datst greatsk op my wêze koeste. De minske is swak, jonge....’
‘Mar soe der neat oan to dwaen wêze?’
‘Neat’, seit er nuvere rêstich; ‘ik hie al lang tocht, dat dy jongfaem in spionne út it bûtenlân wie. Nou bin ik der wis fan. Leau mar, dat nou noch, op ditselde stuit, yn in bikende haedstêd hollen bûgd binne boppe dyn birekkenings, hoppe mines. En yn harren hannen sil dit heimenis ta in munsterlik wapen wurde, it wapen, dat stêdden en lannen, miskien de hiele planeet forniele sil.’
‘Forniele? Professor, mar dat is......, dat wurdt in katastrofe......’
Hy bliuwt evenredich. ‘Lûk de parallel troch, dy't wy founen. Soe it planeten net gean as atomen, minsken net as planeten? As de tiid der is, moatte hja de drompel oer en it tideleaze birikke. Dan moat troch in flater, in tokoartkomming it wurk foltôge wurde, dêr is neat oan to dwaen. Myn idelheit hat ditkear de oarsaek west, dat wêzens, dy't der net ryp foar binne, it djûrste geheim leare dat der is. Hja kinne der net oars yn sjen as in machtich wapen ta bifêstiging fan eigen gloarje. Oan ús lânsbistjûr is it net bikend; allinne hja binne op 'e hichte, hjá, dêr yn it lân dêr't Bianca sûnder mis hinne is.’
‘Mar, professor’, ik skreau it hast út, ‘moatte ús eigen lju it ek net witte? Dan kinne wy ús tominsten réhâlde.’
Stadich knikt de âld man. ‘Ik sil se ynljochtsje, mar nammersto wisser is de ramp. Dan kin de forneatiging fan twa kanten komme.’
‘Is dy dan net to mijen?’
De heldere grize eagen rêste op my. ‘len ding kin it foàrkomme. En dat sil ik ús regear foarlizze, fuortendaelks. Tagelyk giestû as myn sizman nei ús bounsmaten oan de oare kant fan it greate wetter, om it dêrre dúdlik to meitsjen. Hja en wysels moatte yn greate opmaek publisearje, dat der in atoomgeheim ûntdutsen is, dat ús en ús freonen yn steat stelle sil, yn de tiid fan inkelde dagen de bisteande atoombommen ta it folsleine to folmeitsjen. Miskien kinne wy de fijân dêrmei ymponearje en doar er net ta to g'ripen. Sjoch, ik tink it my sá yn....’
| |
| |
Rêstich en kalm as in wittenskiplike theory leit er my syn plan de campagne foar en ik meitsje notysjes. Dan telefonearret er mei it ministearje en mei de ambassade oer myn fisum. Wittenskiplike bilangen.... It kin moarn klear wêze!
Noch nea fan to foaren haw ik yn in fleanmasine sitten en nou kom ik tolânne yn sa'n fleanend hotel, dat jin yn in goed etmel oer de oséaen draecht. Troch in ljocht ryk fol fan sinne binne wy flein, mei ûnder ús wite bergen en grize djipten: in bûtentiidlik lân, dêr't op moarmeren hichten ûntsachlike timpels steane. Ljocht fûnkelt pearlemoerich op heimsinnich skimerjende walden, dêr't g'jin grien to bikennen is en jouns leit der in goudreade gloede oer in geweldige sulveren stêd, dêr't koepels en tuorren boppe útstekke. Hjir en dêr skouwe de wite lânsdouwen oan 'e kant, en dan leit hiel djip ûnder ús in dûnker flak yn sêfte kleuren: de ierde. Hja ís der noch en hja lûkt oan de machtige fierken fan ús masine en oan ússels, en dearêstich sjocht hja ús troch sa'n gat efternei. Hwant fan har binne wy en net fan dit ûnstoflike lân, dêr't alles fûnkelet. Ta ús oarsprong sille wy werom komme, sadré't hja it wol dy't yn stof en tiidlikheit bistiet. Us geast mei ús al in eintsje optille, hy kin ús net fan de matearje losmeitsje; wól ús toane, hoe't it ryk is dat him losmakke hát, sa transparant en wiid. It brocht my de nacht mei Bianca yn it sin.
Bianca! Hwer soe hja wêze, nou't ik hjir allinne omrin yn dizze helske stêd? Ek yn sa'n stêd, mar dy't der yn ûnderdielen miskien hwat oars útsjocht. Hjir re steane by de havenkant bousels, sa heech, dat men amper mei de eagen oan boppe ta rikke kin. Fjouwerkantich en wyt, kâld en ûnoandwaenlik skôgje hja it hear oer, en hwat my hjir ûnder in driigjend en gounzjend gefaer taliket, in hinne en werfleanen fan auto's en bussen mei nea rêstend lawaei, dat docht harren moarmeren harsens neat. De gesichten fan de minsken binne as maskers, hja grize my oan. Hja rinne en drave, as fornamen hja neat fan elkoar; yn ien stream glide al dizze skymeftige karikatueren nei in doel, dat ik net ken. Kenne se it sels?
Ik haw nea folle reizge: gjin jild en gjin ambysje. Myn koffer hâld ik mei soarch beet: hy bifettet it gehiem en myn legitimaesje hjirre. In taksy wit ik dochs to pakken to krijen, en myn kunde fan talen liket ta to fallen. hwant dy sjauf- | |
| |
feur forstiet my daelks. Hy stjûrt troch de heidenske drokte mei kûgelsfeart. Reade ljochten geane op en út, remmen knarse en motoaren gounzje; gesichten, yn al greater tal, fljogge oan my foarby. Underskiede kin ik se net mear: it binne grize en wite plakken, dy't weiwurde yn it nea stilsteand, nea swijend monotoan g'edaver: in hel fan forskrikking nei de himelske rêst dêrboppe niis! Nou forstean ik, hwerom al dy maskers my oangrize: it binne de legioenen fan divelske geasten. Dan soe ik san soarte fan moderne Dante wêze, as de faem dêr't it om giet, mar hwat oars hiet. En ik haw hjir ek gjin lieder ta myn foldwaen yn dizze ûnderwrâld.
Rrrrrang! Dêr steane wy dan foar in hotel. En dy sjauffeur lit my derút en sjout myn koffer nei de doar. Myn foantsje liket oan de hege kant to wêzen, oan syn froede groetenis to fornimmen. In steatlike chef de réception nimt my oer. Ja, myn bagaezje is al oankaem. Dan in ober, in liftboy, in portier.... Ik forslaen der hast yn, mar hawar, ik slagje nei myn keamer. Suver in lyts paleis mei in baden in sliepkeamer derby en skimerlampen en maklike stuollen en in bank. Leech ûnder myn finsters wrimelje hwat figuerkes as eamelders oer 'e groun, en om my hinne rize toerhege, grize bousels. Dan draei ik my wer om: de tiid is kostber en moat nedich brûkt wurde, sil men de wrâld fan it tideleaze rêdde. Ik moat der efkes om gnize en smyt dan myn klean fan my ôf yn dy blinkende badsel mei spegels en kranen. Professor, dy't my dit hotel biskikt hat, mient it wis goed mei my; hwat soe soks wol net kostje? Jild hat er my g'enôch meijown, sa net!
It lije wetter spielt om my hinne, alles rûkt fan sjippe, grize walm stiicht op. In eagenblik forjit ik alles fan tiid of net-tiid en jow my noflik yn de kûp del. Ynienen...., kloppet dêr net ien op 'e doar fan de greate keamer? Jitris...., lûder...., jitris.... Deale, ik kin der ommers net hinne. It is goed, hear, klopje mar.... Hè, hè, it liket út to wêzen. Dy ober, of hwa't it dan mar is, sil aenst wol werkomme; opnij dûk ik yn it wetter wei. Rrrrring...., rrring.... Nou wer de telefoan en dy hâldt mar oan. Fuort dan mar, dêr kin ik tominsten hinne, as ik in handoek omslach. It mochte ris hwat fan bitsjutting wêze. Yn myn sloffen, in doek om 'e lea stou ik nei it tastel ta. In swier lûd kundiget him oan as de portier, en bigjint mei hûndert ekskuses foar de steuring. Mar it driuwt, it driuwt slim:
| |
| |
in telegram út it bûtenlân. Soks kin altyd fan greate bitsjutting wêze foar de gasten, is 't net sa? De pikkolo, dy't it boppe brocht, krige gjin gehoar, mar hja doarsten dochs net langer wachtsje. Oft ik it oannimme kin? Ik stammerje hwat oer oanklaeijen en bad.... Lit it mar bringe! Allright! It allernedichste doch ik oan, de keamerjas deroer. Om it hoekje fan de doar rikt in hoflike stim my it papierke oer en myn hannen trilje, dat it sahwat docht. Allinne Thomius wist myn adres; hwat kin er foar nijs hawwe?
Ik raem it ding iepen. Hwát stiet dêr? ‘Professor wurdt net earnstich naem. Is nei sénuwynrjochting brocht. Hannelje fluch, forlies gjin tiid. Neijer tynge folget. Wês foarsichtich. A.’
A...., dat is juffer Ael, syn âlde húshâldster. Hy hat har blykber myn adres noch jaen kind en opdracht ta in telegram. Ik sjit yn myn klean, lit dat bad in bad! Ut myn koffer skuor ik myn list mei nammen: kollega's fan Thomius hjirsanne. Ik hie oars oant moarn ta wachtsje wollen, it is net ier mear. Mar der moat oanmakke wurde, en ik gean efter it tastel sitten en rop it earste nûmer op. In koele stim oan de oare kant wol myn namme en boadskip witte. Ik lit oars net los as dat ik in wittenskiplik boadskip haw fan de forneamde gelearde professor Thomius. Kin moarn wol, wurdt der andere. Nou to let. Ik wurd heftich: it is in saek dy't driuwt, eltse ûre kin kostber wêze. ‘Wittenskip sjocht op gjin pear ûre’, seit de koele stim. ‘Moarn mar wer skelje.’ Stilte...., de oare kant hat ophongen, dat is dúdlik. Hwat blikstiender...., en ik skelje itselde nûmer wer op. Itselde, ûnforsteurbere lûd hat amper myn lûd fornaem, of in klik jowt de ein fan it petear oan. Razend draei ik foar de tredde kear en krij in fluitsignael werom: lyn biset. Ha se my dêr fansels it tastel ôfset....
Thomius hat sein, ik moast dizze gelearde it earst hawwe, en allinne, ûnder fjouwer eagen. Hy moat de wei witte nei in bitroubere regearingsynstânsje, en it moat foarsichtich gean. Ik bistel in taksy, jow it adres fan de professor op. Wer glide hja my foarby, de skimen en maskers, nou griis en giel ûnder kunstljocht. Bylâns de kanten wjerljochtsje reklameskynsels, reade en griene en blauwe letters steane heech yn de loft. Yn in tsjuster hokje raes ik troch de wrâldstêd, in atoom, losslein fan de oare atomen, yn kûgelsfeart fuortsmiten.
Dan wurdt it stiller, beammen mei lantearns derûnder,
| |
| |
wite huzen skimerje oan 'e kant. Foar ien dêrfan hâlde wy oan: it liket tsjuster spul foar de ruten. De leanen binne leech, allinne in eintsje fan ús ôf, dêr stiet noch in auto mei de lampen op. Ik skilje. In foech húsfeint forskynt en fornijt my, dat de professor net to sprekken is, hy is net iens thús. Op myn fûl oanstean glimket er meilydsum. Ik kin my ynskriuwe litte op in list - sjoch dizze -, en dêr hear ik dan oer in deimannich wol hwat fan. Deimannich? Hoe lang is dat? Unforsteurber seit de kearel, it kin ek wol in wykmannich wurde; en hy wiist op 'e lange rige nammen. Fêstbisletten set ik mines boppe alle oaren en derefter: ‘Ut namme fan professor Thomius. It driuwt.’
Dêrnei gean ik mar fuort, hwat kin men al mear dwaen? De auto hat wachte, dy oare stiet der ek noch en hy riidt sahwat gelyk mei ús ôf. Ut 'e rêst fan de bûtenwiken giet it nou wer nei de city ta. Gleon en triljend leit hja yn 'e reklameljochten en lampen op ús to wachtsjen. Hwat moat ik der eins dwaen? Ik haw eangst foar dizze wylde chaos fan ljocht en lawaei en driigjende skimen. Yn in hoekje fan de taksy krûp ik wei. Sûnder wil en krêft wurd ik meisleept troch in siedende buorljende massa, dy't net fierder komme kin as de tsjustere kanten fan myn wein, mar har driging kringt troch de ruten nei binnen. Sa wurdt ek de ierdbol fuortsleept troch de romte, oant de katastrophe it gehiel forpletterje sil op de chaos dêrbûten. Ik huverje yn myn hoeke en lûk de jas ticht. Hoe lang duorret it, foardat wy wer balte foar it hotel? Ik wit it net; fyn mysels werom, as ik yn 'e lift stean mei in liftboy, dy't my hoflik bihelpsum is. Hy wiist, dat wy noch efkes wachtsje moatte: út in auto foar 'e doar stapt in hear, dy't winkt. Ik fearje op! Dy auto, dy ken ik wer! Dat is deselde, dy't niis mei ús yn dy stille leane stie. De hear komt yn de lift, licht freonlik de hoed. Nimt er my net tomûk op? Of is dat myn forbylding? As ik útstap, komt er efter my oan de lang'e gong del; as ik ta myn keamer yngean, rint hy troch. Hwerom nim ik dêr eins notysje fan? Ik wit it net, mar in lichte huvering rint my by de rêch del, as ik fluch myn koffer iepensmyt om de ynhâld to kontrolearjen. Godtank, alles is deryn en ik laitsje om myn eigen healwize ûngerêstens, alhoewol 't in faeije eangst my bybliuwt.
Ik bin oan mei mysels. Der moat hannele wurde, en ik kin oars neat as wachtsje. Towyl't ik skrep om de koffer wer ticht to krijen, falt myn each op in pakje, dat deryn
| |
| |
leit en dat my frjemd foarkomt. Ik meitsje it papier los en fyn - hoe is it mûglik? - it wite Isisbyld, dat ik by de professor safaek biwûndere ha. Hy wie dêr ûntsachlike wiis mei, en moat it nou sels tusken myn spullen stoppe hawwe. Riedseleftich glimket de goadinne en har soarchsume earms drage it bern, dat har de greate Osiris joech. Ik hâld it byld yn 'e hân, lyk as ik eartiids safaek die, yn dy lytse, fiere akademystêd yn it hege Noarden.
Hwat hat de âld man hjirmei foarhawn? Ik wit noch, dat er ris tsjin my sein hat, doe't ik fol biwûndering wie foar it kunstwurk: ‘Hwa't fan Isis ienris bitsjoend wurde, dy lit hja nea mear los, jonge. Dy allike min as mysels. Hja hat jimmer har tsjinners hawn en sil se altyd hawwe, salang dizze planeet draeit, hwerfan't hja it geheim wit. Hja glimket, omdat wy it net fine kinne’. En nou sit hy yn de ien of oare sel fan in g'esticht, en ik stean hjirre yn dizze blinkende hotelkeamer midden yn in razende en siedende stêd en Isis glimket krektlyk as altyd. Ik fal del yn ien fan de maklike stuollen; myn hert jaget en myn hannen beevje hwat. It byld set ik foar my op in taffeltsje del, yn it skimerljocht fan in muorrelampke. En ynienen sjoch ik hwat foar my oer, yn de oare fauteuil. Deabidaerd, de knibbels oer elkoar, sit Thomius dêr en syn grize eagen rêste op my. Hy tilt de hân op om my gerêst to stellen, lyk as safaek, en hy wiist op de goadinne tusken ús yn. Fêst en kalm is syn lûd, as er seit: ‘Foar hwa't Isis har geheim forstiet, fordwine alle ôfskiedings, jonge, en foar hwa't der hwát fan forstiet, forfalle al folle gruizen’.
Towyl't er dat seit, riist Isis heger en heger. Is it nou dat Madonnabyld net, dat ik ris sjoen ha yn dy âld-Gothyske kathedrael yn Noard-Frankryk? Har glimk is fuort, mar ûnsizber tear sjocht hja del op har soan yn har earmen. Oan har fuotten knibbelet ien, in man, in mûnts. Syn lippen preuvelje yn bea en de eagen barne yn it bleke gesicht. Dat gesicht ken ik, it is my nuver bikend. Efter him forskynt in frou: is dat Marije sels? In bern draecht hja net, mar hja is wûndermoai en jong. Hja bûcht oer him hinne en hja pattet him. Hy omfettet har.... In machtich rûzjen as fan in great wâld komt my yn 'e earen en út de g'rize skimer blinke puntich en wyt de geweldige pyramiden fan de Nyl. It gesicht fan de sfinks dûkt op en stoarret my oan.... In wite timpel oan in blauwe stream, in frjemde rhythmyske sang fan mânlju, in skip mei swart-reade kleuren, in eilân
| |
| |
mei waeijerjende palmen.... In frou stiet foar my, kein as in goadinne, sa jong en sa pril. Hja hat de eagen fan Bianca, mar it gesicht fan it Isisbyld en hja glimket as Marije. Hja bûcht har oer in jonge man, dy't op in rêstbêd leit. Hy liket op de mûnts fan niis, mar draecht gjin pij. Hy is likernôch sûnder klean. Hwat is dat dochs, dat dat gesicht my sa bikend foarkomt? De frou pattet him op 'e lippen en dan giet hja efterút mei in smertlik forlutsen mûle. Lytser wurdt hja, ál lytser; it skip mei wite seilen skimert wer.... Allinne leit de iensume slieper en de triennen komme my yn 'e eagen....
Foar my op 'e tafel stiet it Isisbyld, wyt, reammeblank. Thomius sit foar my oer. Hy seit: ‘Kom mar werom, dyn wurk dêrre is dochs om 'e nocht. Nimmen wol it leauwe, dat wy Isis' heimenis op it spoar binne. It is net mear to kearen. Barre moat hwat barre moat. En dat is goed. Kom mar g'au. Marije wachtet, Isis wachtet, it heimenis ropt ús. Hwa't ienris roppen wurdt, kin it nea wer forjitte.’
Kjel fljoch ik oerein; der is fûleindich op myn doar kloppe. ‘Ien eagenblik, professor!’ siz ik. Mar de stoel oan 'e oare kant is leech: hoe soe it ek oars, ik bin net wiis mei myn hallusinaesjes.
Mar it klop jen is gjin hallusinaesje, it wurdt jimmeroan heftiger. Stil mar, stil mar, ik kom der al oan. Wer in telegram: ‘Kom thús. Prof. Th. forstoarn. A.’
Wy fleane wer boppe de blanke, wytsulveren wrâld mei bergen en kastielen en wâlden en gouden skaden. Ik stoarje wer nei fiere stêdden mei glânzige koepels en tuorren oan 'e kym. De himel hat my fan de hel forlost. It soe jin allinne mar muoije kinne, dat it net foar altyd is.
Ik fiel my oars as oars; Thomius is dea, de driging fan it gefaer is slimmer as ea. Dochs bin ik net ûngerêst. Bianca hat ús fan it geheim birôve en ik haetsje har der net om. Ik winskje har ek net werom, ik wol de dingen net oars mear as dat hja binne, sa't se wêze moatte. It greatste ierdske lok lost him ommers altyd wer op yn nij forlangjen, nije smert, nije ûnfolsleinens. Lokkich, hwa't al syn langstmen farre litte kin en forsinke yn 'e glimk fan de Greate Mem, dy't har Bern sa hoeden draecht.
Yn de djipte leit de ierde, dûnkerg'riis en fredich, wis fan har macht oer my. En ík haw it gefoel, dat ik los fan har bin. Ynienen hâldt it gedaver fan ús motoaren op en tage- | |
| |
lyk blinkt it as fjûr út it gat tusken de pearlemoeren bergen. Wjerljochtslaggen sjitte nei boppen, in ûntsachlike pylder fan gleonte riist nei ús omheech.... De sulveren wrâld kleuret har mei gluorkjend libben. Wy fljogge - of falle? Of sweevje wy ta de gouden stêd yn? En dêrre, heech op 'e muorren, steane hja en roppe my: in frou mei gouden eagen en in man mei kleare grize....
‘Ik kom!’
|
|