Filmkronyk:
It libben fan Jezus.
Dit filmwurk fan de Frânske master-cineast Marcel Gibaud, dat in wikemannich lyn to Ljouwert syn Fryske première bilibbe, lit wer ris tige klear sjen hwer't de hjoeddeiske camera ûnder de stjûrende hân fan in bitûft regisseur ta yn steat is. It ‘materiael’, dêr't it camera-each yn dizze film oer hinne en bylâns dwaelt, ‘libbet’ nammentlik net. Dit forfilmjen fan it libben fan Jezus is bard oan de hân fan in lange rige skilderwurken of leaver fragminten fan skilderwurken, dy't de Europeeske byldzjende kunst de lêste fjouwer, fiif ieuwen oplevere hat.
It hat grif de earbiednis foar it ûnderwerp west, Jezus' omwanling op ierde, dy't de Frânske artist der ta brocht hat yn dit gefal gjin libbene filmspylders foar kar to nimmen, mar bibelske doeken fan âlde en minder âlde Europeeske masters. Mar ek it eksperimint dat yn dizze wurkwize lei, sil him oanlutsen hawwe. In krêftproef, dy't de regy c.a. wol tige dwerse kneppels smyt. Sanet, Gibaud hie kar-út genôch, hwant hy koe by de greatsten fan alle Westerske lânnen mar to gast gean. As men sjocht hoe't hjir gebrûk makke is fan skilderijen fan Grünewald, Holbein, Cranach, Rubens, Rembrandt, Breughel, Jeroen Bosch, El Greco, Velasgues, Memlinc en party oaren, skilders út gâns lânnen en gâns ieuwen, dan kin men yn wierheit prate fan in echt Europeeske film. Dan wurdt it jin ek wer ris biwust, hoe'n enoarm greate ynfloed de Bibel hawn hat op 'e byldzjende kunst. Hûnderten skilders hawwe binammen yn 'e forhalen fan de fjouwer evangelisten, mei Jezus as sintrale figuer, har ynspiraesjewelle foun. Sûnder de Bibel is de skilderkunst fan it âlde Europa ienfâldich net to tinken.
It Libben fan Jezus is in tige knap en ek technysk tige boeijend filmwurk. It gefaer, inkeld in forfilme oersjoch fan in biskaet thema ut de âlde skilderkunst to jaen, ynpleats fan in libbensforhael mei spanningen en dramatyske hichtepunten, is de regisseur folslein fan ûntkommen. De camera bigjint in swerftocht en, de taskôger reizget mei. Hy rint ta de stâl fan Bethlehem yn en pylgeret mei de krúsheuvel op; hy forjit alle optysk bidroch en tinkt him mandélich oan alle barren, dêr't er yn bihelle wurdt. En nearne steurt him ek mar in swym fan profanaesje of banaliteit. Dizze film kin men dan ek net oars neame as in artistike prestaesje fan it boppeste buordtsje en it wol jin dûbeld oan dat Gibaud dêrmei op it Filmfestival 1952 to Cannes in bikroaning krige hat. Hoefolle hektometers selluloid sille der net forknipt wêze, ear't dizze rolprint fan oardel ûre der oerbleau, mei syn suver útbalânsearre ljochte en donkere partijen, syn wikseling fan globale bylden en close-ups, fan lânskippen, milieu's en minsken!
Der is prachtige muzyk by fan Marcel Landowsky as de sprutsen tekst stil is. Dy tekst, yn it Frysk oerset fan Wibren Altena en ek fan deselde deklamearre, hie hjir en dêr mei hwat mear stimplastyk en spanning foarbrocht wurde kinnen, al moat men dizze strakke