De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Op it harspit: Gebet foar us ynkwisiteurs. Wês mei F. Sierksma, Hear, Jins R.O.N.-trompetter, Dy't mei in Leidsk aksint ús, Friezen, okkerfreeds Wol libben riuwe woe oan bajonet en speets Fanwegen Kalma, dy forstoarne blubo-ketter. Wy hiene, doe't dy deis de Dears'mer klokken letten (Sa makke er 't, Hear, sahwat) wy hiene by syn bier 't Ald oarlochsskeel oprekke moatten; oars wiswier Wurdt Fryslân's striid nea frjj fan dútske nazi-smetten. Wy hiene, Hear, trou oan ús aerd, by Kalma's deafet Nea swije mocht oer dy syn kardinale fout. Hwa't dat net sizze doar is in sieg-heil-heraut, Hy krûpt de fijân oan, is yn 'e groun in leffert. Forjow it Fokke, Hear; och, lit him skielk net barne As hy de teannen strekt; hy spilet dizze rol Fan leaven-hear-yn-'t-lyts mar minnichjes; hy wol To faek en folle blaffe tsjin Jins folle moanne. Wês ek mei J.B. Charles, hy is sa'n fikse jonge. In J.P. Coen yn de koloanjes fan de geast. In friezefretter, dy't op hongitocht almeast Us spoaren folget en ús bloed priuwt op 'e tonge. Hy sjocht, och Hear, de galgen op 'e Njjstêd rizen, Siket âld-nazi's by de Ljouwerter en Koerier. De Tsjerne is ek net suver; o, hy hat it mier Oan al dy mythen yn ús fryske nageltsizen. Skink him mear wiisheit, Hear, mar minder kennis. Hy hat as bern en feint hwat ryklik frageleard. Jow him it ynsjoch dat syn tsjinkrityk oars neat Is as in frjjhwat kwealik spile potsje tennis. En stean Sjoerd Leiker by, hy foel sa dwers en wrantel Yn 't Vrije Volk - ja frij! - tsjin Fryslân's taelstriid út. Hy is by neamde hearen mar in sljocht rekrút, Dat om syn skouders past alhiel gjin hierren mantel. [pagina 95] [p. 95] Ik wit wol, Hear, hy hat it grau op alle Friezen, Syn Trjje Tsjûgen hat de measte sleet net foun, Mar hwerom nou yn swimelpraet oer Bloed en Groun Syn frysk gesicht foar 't krantefolkje to forliezen? Stjûr him in ingel, Hear, en lit him net wer brûke Sa'n brike tael, jit him hwat stiel yn bonke en murch. Dan sil de wâldtsjer Sjoerd, lyk as er docht tsjintwurch, Net leikje yn sleatten dy't mystyk nei jarre rûke. *** Dit wiene trije, Hear, ik móást har sêft bikibje. Jow dat hja ienris my, út wraek, út selsbihâld, Har brânmerk, 't heakkenkrús, net skroeije yn 'e strôt. It libben is sa moai, ik wol noch graech hwat libje. D.A. TAMMINGA. Vorige Volgende