Krityk yn it koart:
Nei de feestlikheden.
It jier 1952 wie in jier fan feestlikheden: Fryske Mij, Ljouwerter Krante, Provinsiale Bibliotheek en Frysk Genoatskip bijubelen it feit, dat hja langer of koarter tiid bistien hawwe. Soks is tige fan bilang, dat kin net ûntstriden wurde (yn alle gefallen nèt yn ‘De Tsjerne’). Mar nou't de taspraken en de romers útklonken binne wurdt it tiid jin ôf to freegjen hwat ús en de neiteam oerbliuwt. Wy biheine ús dêrby uteraerd ta itjinge yn printinge kommen is. En dat is net in bytsje.
De Fryske Mij kaem mei in monumintael tinkboek foar de hiele Fryske lânbou, prachtich útjown yn twa dielen, de Ljouwerter Krante mei in tinkboekje ‘Twee eeuwen Leeuwarder Courant’ en in tige nuttige bibliografy fan de histoaryske bydragen yn 200 jiergongen, fan de hân fan Ds J.J. Kalma, de Provinsiale Bibliotheek mei in tinkboekje ‘Bij het honderd-jarig bestaan der Provinciale Bibliotheek van Friesland’ en it Genoatskip mei in wichtige bibliografy op ‘De Vrije Fries’ en oare Fryske tydskriften dy't bydragen opnommen hawwe, allyksa fan Ds Kalma gearstald.
It tinkboekje fan de Provinsiale Bibliotheek jowt in koart oersjoch fan it wol en wé fan de Fryske boeksamlingen, nofteren en saeklik, mar net sûnder oantsjutting fan it spesiael-Fryske en likemin sûnder iepening fan perspektiven. Wy achtsje it spitich, dat Dr Sj. Douma fan dizze gelegenheit gjin gebrûk makke hat ta it skriuwen fan in wiidweidiger skiednis fan de P.B. as yn dizze tritich siden mooglik wie. Mar ta de útjefte fan sa'n boek komt faeks noch wol ris in gelegenheit.
Gâns lúksueuzer as boppeneamd tinkboekje is dat fan de Ljouwerter Krante; it is boppedat mear as trijeris sa great. It boekje bifettet twa opstellen: ien fan Jhr J.W.J. Witsen Elias, mei de titel ‘Binnenshuis’ en ien fan J. Piebenga, ‘Rondom’. It earst jowt saeklikwei de skiednis fan de krante en bifettet gâns gegevens oer oprjochters, redakteurs, printers ensfh. It twadde bisiket de skriuwer in byld yn to jaen fan de eftergrounen, dêr't it libben fan de Ljouwerter him foar ôfspile hat.
Fan de beide skriuwers hat Piebenga sûnder mis de gefaerlikste taek op him nommen; in taek, foar immen fan Piebenga's geastlike struktuer sels dûbeld gefaerlik. De kwael liket binammen to wêzen, dat - wylst Dr Douma en Jhr Witsen Elias, útgeande fan in biheind en oersichtlik tal nofterne feiten ta in nofteren relaes komme koene - Piebenga mei in oerfloed fan feiten dêr't in kar út dien wurde moast en mei in tige subjektive skôging dêrop bisykje wollen hat syn lêzers in byld oan to twingen dat objektyf wêze moast. Piebenga's koelissen sjocht de krekte skôger lykwols hjir en dêr de brokstikken fan hobbelhynderkes ta útstykjen. It hie ús leaver west as er dy bistkes mar frij baen jown hie.
Yn dit boekje, dat mutatis mutandis likegoed oer de ‘Opregte Haerlemmer’ hannelje koe, binne de printen fan de Stellingwerver Joh. Mulders sûnder mis it meast Fryske elemint.
M.S.