De Tsjerne. Jaargang 8
(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 26]
| |
Kronyk fan it proaza:
| |
[pagina 27]
| |
fallen dúdlike reden. Wy geane nammentlik út fan it feit (of de fiksje) dat wy folwoeksen binne en dat famkesboeken in saek is foar pubers, wylst litteratuer - oft it nou in roman of in draek oanbilanget - yn alle gefallen lektuer is foar greatminsken. Dus Gullbransen wol en Marxveldt net yn 'e litteraire krityk. Sadwaende soene wy konkludearje kinne, wy binne it slachtoffer wurden fan reklame, hwat fansels net sa'n skriklik martlerskip is. Mar dat de skriuwer ek offere is op it alter fan 'e business, is ûngelikense folle bigreatliker. Lêst men lykwols dit boek, as de skrik der ôf is, fierder, dan docht bliken dat de kwestje dochs net sa ienfâldich is. Altyd weroan krig'et men it gefoel dat dy opmerking fan Welmoed Hemrica ‘Ik haw alhiel gjin litteraire pretinsjes’ gewoanwei in fariant is fan 'e selsfordigeningen fan earsuchtige ljuwe, dy't aloan wer der mei oankomme, hja hawwe alhiel gjin earsucht yn 't sin, mei oare wurden: de druven binne sûr. In foege hinnewizing hjirfoar jowt it boek sels. Earne seit ús konduktrise: ‘Al wer jow ik ta oan myn sucht nei meditearjen en moralisearjen, dêrom sil ik swije’. Spitigernôch is dy swijbilofte alhiel oerstallich, hwant ús Welmoed seit dat post festum, hwannear't hja al folle net genôch sa kwânskwiis meditearre en moralisearre hat. It is yn it deistich libben al lestich as immen syn eigen bidoelingen foar himsels en foar oaren net wêze wol, it is yn 'e litteratuer noch hinderliker, om't it allinne mar wanprodukten jowt. Fansels stiet der wolris in aerdige opmerking yn dit boek, mar it gehiel is in famkesboek fan immen dy't ûnder it skriuwen mei in skilich each nei de echte litteratuer kipe hat. Dat dit forskynsel yn Fryslân net faker foarkomme soe, is myn sizzen net, mar wol moat opmurken wurde, dat mar komselden dat skilige each nei de litteratuer mank gie mei sa'n biwyske fan litteraire visy. Sadwaende hat de skriuwer of skriuwster fan syn of har konduktrise, dy't in sljochtwei Frysk jongfaem wêze moast sûnder lipstick en sûnder litteratuer, in âld wiif makke, dat mar foar in tige biskaet soarte fan lêzeressen genietber wêze sil. Men kin it boek ûnmooglik as in litterair produkt sjen, om't it in famkesboek is en men kin it ûnmooglik lêze as in famkesboek, om't de 90 % mislearre en de 10 % slagge litteratuer de naiveté en de charme fan 'e jongfaem knoeije. De auteur moat in misbigryp hawwe mei himsels. | |
[pagina 28]
| |
Dêrby kom ik noch net ienris op 'e swier paedagogyske strekking fan it boek. As ik my net forsin, dan moat ek in famkesboek neffens de jildende regels fan 'e kunst yndirekt opfiedend wêze. De saneamde foarmjende strekking der fan kin der better net to tsjûk opplakt sitte. Yn dit boek leit dy der by tsjûk en by tin opplakt. Oeral fielt men: hjir is nou de idéale Fryske jongfaem, dy't fansels net folmakke is, mar sà nei it folmakke-wêzen stribbet dat it folmakke-wêzen sèls der syn bitsjutting by forliest. Hja is keken yn hâlden en dragen, giet op Fryske les, tinkt yn 'e Fryske stedtsjes dêr't hja komt allinne oan 'e Fryske romans, dy't yn dat stedtsje spylje en trout as bileanning' foar al dy kekenens mei in dominy. Dat lit him fan tinken ek wol hawwe, dat trouwen mei dy dominy, hwant dizze konduktrise meditearret alle dagen oer in bibelhaedstik en hja biskôget it as ien fan har hege roppingen en bring de fordoarne meiminsken fatsoen by. Sa stiet it der: fatsoen. Dat der yn dit boek net ien kear ris ‘fatsoenlik’ frijd wurdt, sil nimmen nij dwaen. Mar dat dizze konduktrise-fan-it-Hegere nea ris mei ynmoed schwärmt oer de Leafde, dat sil sels de bakfisk-lêzeressen djip toloarstelle. It saneamde probleem fan 'e kristlike litteratuer wol ik yn dit forbân net op komme. Wol neam ik noch efkes it follesizzende sintsje, follesizzend net foar it hwat, mar foar it hoe fan dit kristendom. ‘Ik bliuw in wyk-ein oer’, skriuwt de konduktrise, ‘hwant ik wol Sneins net reizgje, as it net needsaeklik is.’ Jo fetsje it. Elke gelegenheit wurdt oangrypt om harsels en oaren to oertsjûgjen dat hja net is ‘lyk as dizze’. Dizze auteur is blykber fan bitinken dat men allinne op it kristendom oan libje moat en der net fan útgean as eat dat fansels sprekt. It gefolch is argewaesje, foar kristen en net-kristen. En de needsaek foar de Fryske fammen om it tonearsten mar mei Hollânske kristlike famkesboeken to dwaen. De Fryske litteratoaren sille wy it mar net oer hawwe. De iennichsten yn Fryslân, dy't fan en mei dit boek hwat leard hawwe, binne de útjowers. |
|