Jan Wybenga:
Hwat yn blau.
blauwe riten
fersen fan marten brouwer
reiddomprige 1952 nûmer 1
drukkerij laverman n.v. drachten, 1952
Der hat in blauwe scute riden, der is om in blaue Blume socht, blauwe skinen binne sa âld as it frijen, blauwe Curaçao net alhiel en it nijste yn (Frysk) blau binne de blauwe riten fan marten brouwer.
gjin haedletter gjin punt gjin komma dy't de tekst tonei komt. As in typografyske Displaced Person stiet inkeld ris in fraechteken of in apostrophe nêst de wurdbarakken to klomjen. Tige ‘modern’ sa to sjen.
Mar oer it greatste part fan dizze neakene fjilden ûnderkast waeit de wyn út in forkearde hoeke. Om der in namme oan to jaen nei twa wurden dy't der faek yn foarkomme: út de nacht-wacht-hoeke. En waeijen komt to stûf oan, it lûkt mar hwat yn de swiere damp fan baeswurden lyk as it swide ûnthjit, klaed fan treurnis, neitinzing, bigjinsel sûnder eining en sa mear. Der leit ien to toarstgjen oan de springfontein, der stiet in faem yn keningskladen stil biidzjend stoareagjend aloan.
Om koart to gean: it hiele panoptikum is yn 'e skrep. De amme ammet foargoed foargoed. De tropen brekke beage en string'en, metonymia en antonomasia bilibje in gouden ûre:.... en nije smert wankt dêr't de tropen brekke beag' en stringen fan ieuwen her en 't woest en kriichshaftich bern der sânwoestyn it folk der bisnienen leit oan 'e drompel.... ensfh. Da Costa en négligé.
De produksje út dizze nacht-wacht-perioade bislacht neijernôch de earste helte fan 'e bondel. Yn de twade helte rekket de a it klaechlik timbre kwyt troch nasalearring: it draeit op flanken út. Dan krijt men mear hâldfêst. Ek de swiere wurden en de rhetoaryske rymram reitsje oan 'e kant, In kwatryn út hjerst-evangeelje is tinkt my wol karakteristyk foar dit part fan 'e bondel:
o siz nou neat mear lea siz neat mear nou
hwant broazer is gjin hjersttrie gjin as dou
en my nou yn dit licht en hoeden roeren
o siz nou neat mear lea siz neat mear nou.