Dat kaem der op syn Ljouwerters út - mar doe waerd er tige earnstich en as út djipten wei seagen syn eagen my oan. Foar't hja noch ienkear de greate sleef hantearre, hie de Mem in inkeld wurd to sizzen. Hja gebea stilte en sei:
- Gjin polityk of sokssahwat by de itenstafel, jim hâlde jim greate bekken ticht, bigrepen? En nou earst de hannen gear en de eagen ticht, sa't ik it jimme leard ha!
Sels joech hja it foarbyld - en ik sil it dy sizze, maet, dat it stil wie ûnder it bidden. Bidde, ik doch it noait mear - mar ik bin stil as in oar it docht. Dat ha 'k fan ús Mem leard en dêr bliuw ik by!
Ik knikte.
Doe bistelde ik in buorrel foar mysels en liet ek ien foar Douwe delsette. It bitsjinsterke wie de forwûndering fan it oantlit ôf to leppeljen, dat sa'n kreaze mynhear as ik mei sa'n stik ûnrant as Douwe oan ien taffeltsje kammeraetskiplik in buorrel drinke soe.
- Harkje nou ris, maet!
- Ja, dat sizze de haedsusters yn it Sikehûs ek!
- Hwat kin my dat skele - prate wy hjirre nou oer rjocht of oer hwat oars? Goed, nou, moatst ris hearre. Ha ik neat mear om hannen en kom ik yn 'e D.U.W. tolaânne. By moarnstsjuster yn 'e bus en by jounstsjuster werom. Yn 't middeisskoft ús brea bihimmelje yn 'e keet. Goed - nou dêr wie in âld mantsje en dy gyng altyd even efter de pet foar't er syn brochje bipluze....
- 'n Forhaeltsje fan in kalinderbledtsje! rôp ik foachtlik.
- Soa al, maet! En foar dy en dyn gelikens is de earmoede ek sa'n forhaeltsje. Né man! Ik bid net mear, ha 'k dy niis al sein. Mar der sil bidden wurde sa lang't der earmoede bistiet, hwat ik dy wik!
- Nou, en doe? frege ik, hwant ik woe wer ris opstappe.
- Doe? Nou, ik kin koart om 'e hoeke: Ien fan de mannen yn de keet koe it net langer daeije dat dy âlde man foar iten efter de pet kroep. Hy mikte in kûm fol kofje nei dy pet. En ik oerein, gryp myn lodde.... en foar't de oaren my beet hiene, lei der ien bûten westen. En doe hie 'k dien!
- Doe hiest' it dien, ja....
- Né, mar ik krige dien! En ik ha neat oars dien as hwat ús Mem my leard hat. Mar der is gjin rjocht mear!
Hy rôp it tsjinsterke by it taffeltsje en lei syn lêste goune del. Doe sette er syn pet hwat torjochte en stiek my de hân ta. By de doar kaem er werom en flústere nei my: