De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Fedde Schurer: Trije gedichten. Horloazjes. Horloazjes, wekkers, staesjefolle klokken De Lemstertoer, de Munt en de Big Ben Slagge de tiid oan greate en lytse brokken Tiktak, bimbam, foarby, toloar, forlern - Us libben wurdt yn sifergroepen fong'en Alf fiif-en-fyftich neffens K nul 2 En amper is de hoarn toplak wer hongen Of 't is oan seis- en sawn-en-fyftich ta. Tiid hâldt gjin skoft, dû silste en dû moatste En time is money lyk it sprekwurd seit O God, lit alle klokken hommels boarste En rêd ús út de aktualiteit. Horloazjes, wekkers, staesjefolle klokken Big Ben en Munt en Hearrenfeanster toer Hja hâlde ús noch mei lijen yn 'e stokken Ien treast: ek dit, ek dit giet ienkear oer. Noch tikje hja nerveus of bounzje heftich Rop net to ier, it is safier noch net Ik wit - mar skielk wurdt, sakelik en deftich Dy hiele bringst yn de ivichheit bilet. De mosk. De mosk yn 'e moudige reedtsjes Is gjin dei fan syn fretten wis Mar gjin ien fan dy skiere proleetsjes Dy't by God forgetten is. Forjow my, myn freonen en sibben Mei jim soarch en alwittend forstân Dat ik yn dit fûgelfaei libben My formeitsje as in mosk yn it sân. [pagina 18] [p. 18] Adam yn ballingskip. Adam, glûp de wegen del Lit de tractor effen lins ha Wyn dy troch it grien strewel Displaced person, nei de grins ta Jow it oan gjin skepsel wurd Ek net oan dyn oare helte En as de ingel mei it swurd Efkes doddet op 'e jelte Steur him dan net yn syn dream Kypje oer syn skouder hinne Dêr't de jimmer griene beam En de libbenswetters binne En dyn siele sil wearkenne Oan syn langstme as klearst biwys 't Earste, iene, lang forlerne Ivich sochte paradys. Vorige Volgende