Toanielspylder slak, swijende maskerspylder, dou bist it dy't it leed tôgest - of bringst. Bringstû it, slak?
Tat tvam asi. Bin ik de trien dy't sinleas rôllet, dy't mei tabak en sâlt en leppe keard wurde moat? Mar triennen binne sâlt en dou kinst der hielendal net oer. Ik haw sjoen hoe't der in hiel lyts spatterke pikel torjochte kaem op de mantel fan dyn flank en hoestû dêrop réagearreste. Dou krompst yn inoar en wrongste dyn liif en der kaem in peareljende fochtedrip op dyn hûd to stean. It wie myn skuld, mar ik hie it net sa bidoeld en bûtendat kin it ek neat forhippe, hwant tûzenen fan dy wurde ynsâlte en de sinne giet op en giet wer ûnder en de rein falt en de sinne skynt en der wurdt peare en berne. Dou bernest in lytse, kleare drip, in wiere trien. Fansels, sa is it, mei sâlt earst wurdst wierwier trien.
Dou bist allinne trien yn potinsje, gearballe trienformogen, gûlbom.
As it sâlt lef wurdt hwer doocht it dan ta, as om weismiten en fan de minsken fortrape to wurden?
Forheard frege ik my as jonge al ôf, hoe kin nou it sâlt lef wurde? Ik wist mar ien andert en dat om't ik beppe oan it wurk sjoen hie.
En hwat in rotwurk. Sâlt fortrape! Dat koe net ienris mear, as de slak der yn ûndergien wie.
Dochs.... As sâlt ta triennen wurdt, is it lef en hwa't skriemt fortsjinnet trape to wurden.
En dan binne der de parasiten, dy't har formeitsje oer him. Hwa't trape wurdt en oer hwa't oaren har formeitsje, moat net skrieme. Dy is in g'rouwe, loaije slak, trije hûndert kear. Dy moat fiif meter nei boppen kladderje, trije hûndert kear en trije hûndert kear delsakje en dan.... Soestû wol slakken meije?.... dan bistriden mei tabak, mei sâlt en mei de leppe. En dan, tsjoep, yn de moddersleat.
En dan.... En dan?
Dan.... slak, SLAK, trek je horens in....