De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 12] [p. 12] Dam Jaarsma: Flinters en blomte. I Der rinne goud'ne skynsels oer de wei, Stil leit it gea yn 't iere ljocht to blinken. Mei pearse plûmen yn 'e jonge dei Stiet de buddleia yn 'e tún to winken. Rju flinters yn har bûnte siden pij Stean wjokketriljend, as yn hiel djip tinken Op 't hunichrike blomt'; ien kiest syn wei Nei 't hege blau en fielt de ierde sinken. O flinter, waerd it sa myn siele jown Iens, keard nei 't ljocht, dit ierdryk to forlitten En rjocht omheech to stigen yn it witten Dat dêr yn 't jins'ne ryk op himels groun Millioenen blommen yn 'e hôven groeije, Dy't swiet nei hunich rûke en ivich bloeije, II Lyk dotters bloeije foar de twadde kear As woe natûr in nije maitiid biede Eardat de simmerdagen fan ús skiede - Hoe derten riist en dûkt in flinterpear; Heech blinkt de loft, as glês sa sinneklear, De mylde strielen patsje sêft de ierde En lûke in ljochte grienens oer de miede, Bang, dat it soele tij syn glâns forlear - Sa riist fannijs de maitiid yn myn hert Sûnt dat der tusken Jo en my sa wis In djip en tear geheim biseg'le is. Ik wit wol, duorsum is myn foarjier net, Mar 'k siz Jo tank, dat nóu troch Jo, o Hear, De dotters bloeije foar de twadde kear. [pagina 13] [p. 13] III De sinne is forsonken yn in bêd Fan rea toraend ta parlemoeren tinten, Lyk as men sjocht op âld-Japanske printen, - De joun, fluwielich, teantet slûch en têd. Nou is de nachtsilene 't slomjen sêd - In lette flinter, dy't de hunich mint en Swietrook fornimt, dy't út har tsjelke rint en Noeget -, nipt en fordwynt, in pylk sa rêd. Hwerhinne giet syn reis, hwer kaem er wei? De nachtwyn nimt him op - nei d' oare dei? Sa komme minsken ta de libbenstsjelk En priuwe - sûr of swiet? - en wei wurdt elk. 't Libben op ierde is in amerij Fan kommen, gean; in gean - nei greater Dei? Vorige Volgende