De lêste wie ek leech.
Doe koe ik flokke en gûle fan grimitigens. In hiele dei yn it needwaer en gjin sint bidijd!
Wy moatte hwat út de koerts rekke wêze troch it dúnjen fan de snie. It skimere al hast doe't ik hwat dûnkers seach op 'e wite snie. In falle mei in wolf! Ik bleau stean. Dit wie myn falle net en it is in ûnbiskreaune wet yn de snie fan Alaska dat elk syn falle feilich is, foar hwa dan ek.
Ik kaem der tichter by, doe seach ik dat it Bill syn falle wie.
Bill. Lei de saek nou net oars?
Bill hie my drig'e mei 't pistol, hy hie forachtlik yn 'e snie flybke.
Ear't ik de wolf los makke seach ik ek noch om my hinne. Unnoazel fansels, hwa soe my sjen kinne?
‘En nou nei hûs, bijke’. De dei wie noch goed. In foarse wolf yn in tichte, waerme winterpels.
Dy weromreis! It bigoun to snijen. Yn tichte wolkens gisele de snie út de igael grize loft. It jage yn tichte stouwers oer de flakte. Ik hise de houn oan: ‘Hurder Bijke, hurder, toe dan houn!’
Dit soe der om gean. Wy moasten de sniehutte helje, oars.... oars.... Ik woe der net oan tinke.
De houn hong yn 'e beage mar it einde net.
Doe fleach it my oan. Hwat soe ik en hwat soe myn houn yn dit wreed gewelt fan waer en wyn en snie en iis? Ik seach gjin snie mear. It waerd my allegear read foar de eagen as gyng ik troch bloed. Hjir wie ik nou, forlitten fan de minsken, útstjitten út de wrâld. Soe ik hjir nou myn ein fine?
Yn dy uterste need tocht ik oan Dearsum, seach ik mem sitten, de meagere hannen op it wollen tafelskleed. Dat wie in drôchbyld. De giseljende snie biet my wer ta mysels. Hymjend roun ik efter de slide en ik hearde wer it lûd fan Bill: ‘Ik mei lije datst fan de wolven toskuord wurdst of omkomst yn de snie’. Wie it dan nou sa fier?
Hwat ik noch nea dien hie die ik doe, ik bidde! Ik koe nou net mear. Ik seach gjin inkelde mooglikheit of útwei: ‘Heare, help Jo my dan!’
It joech my g'jin rêst. Dêrom sei ik it noch ris en wer. Yn deadseangst skreaude ik it út tsjin de bearende wyn.
Ik prebearre net mear om Bijke oan to setten. Ik koe my ek net mear lilk meitsje. It koe my it measte net iens mear