Filmkronyk:
De lytse wrald fan Don Camillo.
In minske, dy't gjin humor mear forstiet, is in pathologysk gefal, en in wrâld, dêr't de humor út forballe is, wurdt faei foar elke demony. Men moat jin ris foarstelle hwat ús sparre wurden wie, as Hitler en syn lakeijen biskikt hiene oer in krom selsirony. Mar de massale koartsluting fan de geast, dy't doe it Dútske folk oantaestte, waerd oarsaek fan in universele ramp. En hjoed de dei bringe wer in stikmennich sombere fanatisi, dy't oer ûnbidige machtsapparaten biskikke, ús hiele planeet yn gefaer, om't hja har waen as evangeelje biskôgje en de libbenswysheit misse, om ek mar ien stuit oan harren sels to twiveljen. De hearskers fan it Kremlin stampe de heale wrâld de oertsjûging yn, dat alle folken, dy't Stalin net oanbidde, ek it kommunistysk Joego-Slavië, barbaren en misdiedigers binne. En yn Gods own country krije in pear sike fantasten frij om mei har antikommunistyske hysteary in jong, machtich folk to forgiftigjen. It forskil is, dat yn Amearika Mac Carthy en syn binde noch tsjinspilers hawwe en dat men dus noch hoopje mei op in oerwinning fan de minsklikheit dêrre.
Al mei al libbet it langer net noflik yn in wrâld, dy't troch humorleaze politike apostels yn twa forbiten kampen spjalten wurdt. Hwat kin in meilibjend minske yn dizze wrâldsituaesje in forlet krije fan in mylde bifrijende humor, dy't de maskers ôfskuort en yn de stridende partijen noch minsken ûntdekt.
Yn ‘De lytse wrâld fan Don Camillo’ (nei de roman fan Giovannino Guareschi) ûntmaskert de filmregisseur Duvivier de dwaesheit fan de partijen yn wurd, klank en byld sa geastich en sa geniael, dat men in pear ûren út de nachtmerje weitild wurdt en út alle macht laket. Don Camillo, in fulkanysk athleet mei in waerm bernehert, is pastoar yn in Súd-Italiaensk stedtsje, dêr't syn tsjinstanner Peppone kommunistysk boargemaster is. Beide binne hja âld-illegale striders, beide fjochtsje hja om de siel fan har lytse mienskip, beide brânne hja fan langstme om har folk to forlossen út earmoede en sosiale ellinde. Don Camillo set de bolsjewyk oeral de foet dwers, hja bikampe elkoarren yn prachtige dialogen en reitsje yn tsjerke, as Peppone syn bern dope litte wol, slaende deilis. Mar beide nimme se op 'e tiid har forlies royael en wurdearje elkoarren as minsken, en op 'en djipsten as kammeraten, as bruorren. Hieltyd komt it lykwols wer ta forheftige, soms massale útboarstings, dan wurdt der geastdriftich slein en meane Don Camillo syn machtige earmen as molewjokken yn de klibers om. As er by gelegenheit tolf bolsjewiken tagelyk ûnder it blêd fan in mânske tafel bidobbet, giet it de mienskip to bot en kleije hja him oan by de biskop. Dy wol harren in oare pastoar jaen, mar nimmen wol der fan witte. Dan wurdt er foroardiele ta in fakânsje yn de bergen, de freonen nimme ôfskied mei koarsang, de kommunisten mei in skitterjende Ynternasionale en beide partijen winskje him in ‘oant wersjens’ út it djipst fan har hert.
Duvivier formoedsoenet hjir gjin tsjinstelde ideologyen mei in aldernijste djipsinnige ideology, hy kiest net ienris partij, hy brekt troch de forbittering en de hate hinne mei in barmhertige humor