Konkrete kongres-konstatearringen.
Der lei op Nijjiersdei gjin snie yn 'e boppeseal fan De Keizerskroon to Ljouwert, mar lykwols slagge it de Bounslieder fan de Frysk Nasionale Jongerein, de hear J. Zantema, om efkes út to gliden. Dat wie doe't er yn syn rede oer it Greate Barren yn 'e Greate Wrâld oerstapte op it lytse barren yn it lytse fryslân. Hy sette útein mei in lofsang op de warberheit en de kriich fan it Fryske folk en seame doe tagelyk de Fryske skriuwers fan hjoed de dei om, dy't har boppe it folk stelden en dêr fierstofolle krityk op hiene.
Nei't er ien en oar fêststeld hie, bigoun de Bounslieder himsels tsjin to sprekken. Op in útfiering fan it Selskip Tetman de Vries hie er in ôfgrysliken argewaesje hawn fan 'e sloppens fan it folk foar de loketten. Fierwei de measten hiene de kaerten yn it Hollânsk bisteld ensfh.
Soks is ek fortrietlik, mar it komt mear foar. In foarbyld? Op 'e Kongresdei waerd in lid fan 'e Fryske Biwegingsrie earne yn 'e stêd oanhâlden troch in lid fan de Frysk Nasionale Jongerein. Dy frege him: ‘Mijnheer, zou U me ook kunnen zeggen waar de Lange Marktstraat is?’ It Riedslid antwurde: ‘Jawol, dêr dy hoeke om, sa en sa, dan sjogge jo fansels De Keizerskroon. Dêr sille jo wol wêze moatte, tink?’ De jonge Frysk-nasionalist forloek gjin spier en sei: ‘O, dank u wel, mijnheer!’
Wy soene fierders de Bounslieder wize wolle op it feit dat de hjoeddeiske Fryske skriuwers net allinne Frysk skriuwe, mar ek Frysk prate, û.o. yn 'e rjochtseal. Mei alle lek en brek steane hja as in foarbyld mids har folk. Dit yn tsjinstelling mei dy iene âlde skriuwer, dy't de Bounslieder as in ljochtsjend foarbyld foar de jongere skriuwers oer sette, mar dy't yn syn brieven oan Fryske ynstânsjes de Hollânske tael brûkt. Fan foarbylden praet!
Dit binne mar lytse ûneachlike dingen, mar it is dochs goed soks to witten as men op Nijjiersdei in wapenskôging hâldt foar rekruten.
G.J.