De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 288] [p. 288] Trefossa: Rest (bro). Fordriuw myn dream net út har warem nêst, en twing myn eagen net nei hokfor doel, de langst dy't hjoed it bounzjend hert bilêst is iensumheit earne oan in stille poel. Ornearje net, dat ik ta flecht forfoel omdat ik skriem en striden my net lêst. O, hear dit eange en lûde folksgejoel! Hwat sil ik dwaen? Myn bloed bigeart de rêst. Dêr oan dy poel dream en oanskôg'je ik in lân sa swiet as yn myn swietste winsk. Gjin ûnheilstynge slacht myn hert mei skrik. Hwannear't ik, bruorren, de weromwei gean, kom ik ta Jim faeks as nijberne minsk, dy't laitsje kin en alle leed wjerstean. Vorige Volgende