name der sa raer hinne lizze. Dy't yn 'e pleit gean wol foar it bihâld en de foredeling fan in Surinaemske kultuer, kin dat allinne mei sukses dwaen, byhwannear't der in radikale omkear komt yn 'e kultuerpolityk fan 'e Oerheit. Om't de kultuerpolityk dy't oant hjoed ta yn Suriname fierd is ta'n doel hie de Nederlânske kultuer ta skea fan 'e eigene oan to twingen, sil it alweroan it idé jaen dat men tsjin Nederlân en de Nederlânske kultuer oan sit. Mar dat liket mar sa. De wierheit is ommers dat nimmen yn Suriname, ek ‘Wie Eegie Sanie’ net, in wearze hat yn 'e Nederlânske en yn it miene de Westeuropeeske kultuer. Hwer't wy ús tsjin forsette is de wize, dêr't hja yn Suriname de eigen kultuer op wurdearje tsjinoer de Nederlânske, dy't dochs op 'en djipsten foar Suriname in frjemde kultuer is.
It is dan ek opfallend, dat as de lju b.g. plak en bitsjutting fan it Nederlânsk yn Suriname fordigenje moatte, hja dat net dogge mei positive arguminten. Né, yn pleats dogge se alle war it Surinaemsk foar in ûnbrûkber geataeltsje oan to merken. Dêr tinke hja dan it Nederlânsk wer mei rêdden to hawwen en geane ‘folslein forantwurde’ fierder de eig'en tael oan 'e kant to reagjen.
It hat lang duorre, ear't guon it oandoarsten en set dit evangeelje yn 'e kiif. Dat kaem fansels net fan 'e krêftige argumintearring, hwant dy wie sa trochsichtich en ûnwier dat. De saek wie, der moasten minsken fanwegen komme dy't yn har sels wissernôch wiene fan it bisteansrjocht fan in eigen Surinaemske tael en dy't ré wiene de striid dêr foar oan to gean.
Alle eare komt hjirby ta oan J.A.G. Koenders, dy't as foarste de striidkrite yn teach. It wie Koenders der yn 'e earste opslach om to dwaen de brûkberens fan 'e tael to biwizen en de minsken to biwennen ta it sprekken, skriuwen en lêzen fan dy tael. Hy die dat troch it útjaen fan in wykblêd ‘Foetoe-boi’ (Boade), it skriuwen fan in Surinaemske spraekkunst en idioom, wylst er oer alle boegen jonge kunstners oantreastge harren yn it Surinaemsk to uterjen.
Doe't hy ienris de foarstap nommen hie, ûntjoech him de biweging fierder alle wegen út. Der waerd in toanielforiening POHAMA (Slach de hannen yninoar) oprjochte, dy't inkeld en allinne Surinaemske stikken opfierde. Dy nije gong fan saken jage de tsjinstanners yn 'e wapens. Tink ris ta, in kwestje dy't hja al jierren kroandea achten, stiek nou hommels de kop wer op. Nou soene hja de tael op