De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 293] [p. 293] Abongra: It bosk. Dêr't myn reis in ein hie stiene hja, klear en great yn it dageread. Ik haw sjoen hoe't hja stiene, sterkspierich en rjocht. Ik haw sjoen hoe't hja stoarren; it deiskoft troch diene hja har forhalen, yn tsjuster en ljacht, moedeleas mompeljend dei en nacht. O, ik woe ik hie mei in tsjûge west yn 'e striid. Hoe graech hie ik sjoen dy swarte lichems yn it slyk en rivieren bloed allyk. Nou is myn reis tonein.... mar dynamysk en stom yn 'e skymrige nacht roppe hja my werom! Forjit it net.... Forjit it net en rop my yn 'e moarntiid, as de striid bigjint! Forbrek myn sliep, hoe wurch as ik bin, as de striid bigjint. Ik wol, myn bern sill' stean op 'e drompel [pagina 294] [p. 294] en sjen hoe't ik fal. Ik wol de stream razen hearre bolderjend oer al. Dat forjit net en rop my oerein o Mem, as de striid bigjint, dat 'k dylgje myn skuld fan ieuwen, fjochtsjend yn 'e ein. Vorige Volgende