1. | Yn 1949 en 1950 waerd yn Suriname (ûnder tafoarsjoch fan de ‘Stichting voor Culturele Samenwerking tussen Nederland, Indonesië, Suriname en de Nederlandse Antillen’) in ûndersiik dien nei de tael troch Prof. W. Gs. Hellinga en Prof. W. Pée. Ien fan de earste publikaesjes út dat ûndersiik is in stencille rapport foar de Unesco troch Prof. Hellinga. It hat as titel ‘Education in Suriname’ en der is in útwreide printing fan yn tarissing. Oan dy stúdzje docht kleare bliken dat it Nederlânsk lang sa fier net yn 'e Surinaemske maetskippij trochkrongen is as ornaris de hjitting wie. |
2. | Oan dit Unescorapport to hearren mei men skielk jit mear publikaesjes forwachtsje: in algemien oersjoch fan de taelproblemen fan Suriname en in krityske bibliografy fan de wurken yn en oer it Surinaemsk. |
3. | Pater Antoon Donicie, missionaris yn Suriname, is mei help fan inkelde Surinaemske meiwurkers dwaende mei it tarieden fan in wurdboek fan it Surinaemsk. Hy arbeidet dërby de oantekeningen fan pater Mols fierder út. |
4. | Men kin sizze, De Tsjerne nimt mei de oersetting en publikaesje fan Surinaemske poëzij yn Nederlân de foarstap. Dochs kin men yn it tydskrift ‘Braga’ al de fortaling fine troch J.J.L. ten Kate fan in anonym Surinaemsk gedicht. Mar dêrmei is it yn Europa goed 100 jier lang dien mei de bilangstelling foar it Surinaemsk. |
5. | Suriname leit yn Súd-Amearika. Ek kultureel? Men soe hast sizze fan al, as men fornimt dat dêrsanne ek de kombinaesje skriuwer-politikus neat net nuver beart. Lou Lichtveld (Albert Helman) hat in skoft Minister fan Underwiis en Folkssounens west. Rudie van Lier is de Direkteur fan it Planbureau foar Suriname, dat in 10-jiers wolfeartsplan opmakke hat. Ek op 'e Antillen sjocht men itselde: de skriuwer Cola Debrot as Minister-Presidint. |