EDDIE BRUMA. Berne 1925. Studearret Rjochten oan 'e Frije Univ. to Amsterdam. Yn syn wurk binne trije perioaden to ûnderskieden: a. Twivel oan eigen kultuer, kulminearjend yn in nederlaech sûnder birêsting; yn dizze tiid ûntstie Mie Braka Mama; b. Twivel oan it eigene bisnijt him; it bisykjen yn it Nederlânsk to skriuwen mislearret; c. Set yn mei de dichterlike hertegjalp: Ik haw it plak foun dêr't de woartel fan myn foistean leit! Yn dy tiid ûntsteane û.o.: Bonie Doro, ballade; De Geboorte van Bonie, toanielstik; Maswa, koart forhael. (De Fûke.)
HEIN EERSEL. Berne 1922. Studearret Nederlânsk oan 'e Stedsunivers. to Amsterdam om de foarnaemste konkurrint fan syn tael kennen to learen en in klear ynsjoch to krijen yn 'e taelfraechstikken. Eartiids bisocht er yn it Nederlânsk to skriuwen (publikaesjes yn Spectrum’, Paramaribo), mar dan alhiel yn 'e Surinaemske sfear bliuwend. Nei ûntdekking fan 'e skientme fan eigen tael, skreau er hast allinne Surinaemsk. Fan him forskynde Faja Lobie, in bundel fersen.
WILFRED GUILLAUME RENS. Berne 1928. Bitsjut foar Suriname in útsûnderlike figuer, dy't him uteret alhiel sûnder liter aire tradysjes yn tige persoanlike en oarspronklike bylden. Yn syn wurk treft jin ûnwennigens nei it eigene, dêr't er troch syn tahâlden yn Nederlân hieltyd mear los fan driget to reitsjen.
TREFOSSA. Skûlnamme fan in Surinaemsk ûnderwizer, dêr't net folle wurk fan bikend is. Hy komt yn it sonnet Bro nei foaren as in minske, dy't de psychyske spanningen tusken twa kultuersfearen net forneare kin, om letter faeks, geastlik mear ryp, syn definitive kar to dwaen.
JULES SEDNEY. Bisocht de Muloskoalle yn Suriname, de H.B.S. 5-jierrich yn Den Haech en slagge yn 1952 foar syn kandidaetseksamen ekonomy.
ABONGRA. Berne 1924. Skûlnamme fan in Surinaemsk studint yn Nederlân. Hy skriuwt yn it Ingelsk en it is apart dat er him oanslút by de revolusionaire negerpoëzij yn Amearika en it Ingelsk sprekkend Caraibysk gebiet. Dit fûldere elemint, dat men faek mist yn poëzij dy't yn it Surinaemsk skreaun wurdt, kin net oerslein wurde yn it byld fan de Surinaemske literatuer.
J. VOORHOEVE en EDDIE BRUMA.