De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina *7]
| |
[pagina 297]
| |
II‘En dochs, sa súntsjes oan, kom ik noch klear’. Woansdei 1 Oktober forstoar ien fan ús meiwurkers, Rely Jorritsma, 47 jier âld. Hy droech de Tsjerne in goed hert ta. Mear as ienris hat er ús ûndernimmen finânsiëel stipe en it is grif net alhiel ûnbikend bleaun, dat hy it wie, dy't ús de gelegenheit joech in gedichte-priisfraech út to skriuwen, Der sille net folle wêze dy't him goed kend hawwe, binammen net yn de biwende Fryske biwegings- en litteraire rounten. Hy hat der sa't liket net folle forlet fan hawn, him yn dy formiddens yn to libjen. De iennichste kear by myn witten, dat er him fortoand hat, wie op in gearkomste fan it Boun fan Fryske Kunstners, dêr't er incognito forskynde as ‘de skilder Postma’ - nimmen wist hwerom en hwerfoar. ‘Dy koppen fan Schurer en Wadman mei 'k net lije’, wie syn réaksje. Rely Jorritsma, mei al syn Fryske sentiminten, fuortkommen en neigeraden omheechdreaun út syn oantinkens oan it forline, wie in frjemde ein yn it smûke bit dat Fryslân hjit. Hy kaem nei Fryslân werom, miskien út dy jonkheitsoantinkens wei, mar koe him net assimilearje. Ik haw wol ris it fielen hawn, dat er yn ús net folle oars foun as in stel warbere employé's fan de Fa. Fryske Biweging. Faeks is er yn dy assimilaesje ek bihindere troch syn sykte dy't sjendereach oanboaze en ûngenêslik wie. Ik, dy't him trije, fjouwer kear opsocht haw, haw net de pretinsje oer dizze man ding'en to sizzen dy't hout snije. De wearde fan syn | |
[pagina 298]
| |
dichterskip is foar my in jit to problematyske saek. Foar safier't ik biskik oer hânskriften fan sines (en dat is net in bytsje: der gyngen net folle wiken foarby, dat der neat fan 'e post kaem!) soe it to folle stúdzje freegje om dat nou al to dwaen. En dan.... binne skuldgefoelens wol de goede basis om in objektyf byld fan immen op to bouwen? En fan datoangeande sil ik yn Fryslân grif de iennichste net wêze. Gjin skuldgef oelens oer it feit, dat minstens 95 % fan syn foar de Tsjerne ynstjûrde kopij net opnaem is, - net ienris oan de skriuwer weromstjûrd is. Hwant it meastepart fan dit wurk, by syn technysk-poëtyske swakkens (in sonnet wie in gedicht fan 14 rigels, dêrmei út!) wie tò persoanlik, út in to subjektyf en foar in oar net to trochgrounjen of nei to fielen gefoel en út in foar in oar net logysk nei to kommen tinkwrâld wei skreaun, om it yn in tydskrift op to nimmen. Sûnder mis wâlle it op út dichterlik sentimint, mar it kristallisearre him suver nea ta poëzij, it bleau, lyk as E.B. Folkertsma it formulearre, embryonael. Subtile foarmbihearsking kin faek ôfwêzichheit fan eftergroun net kamoeflearje, en: it poëtysk-geastlike fond brekt faek troch it rûchste en foarmleaste omskot glânsryk hinne. Mar dat lêste wie by Jorritsma mar inkeld sa, en dan nea oer in hiel gedicht folhâlden. Dêrby hie dit wurk hwat stiifkoppich anti-muzikaels, of leaver, om in Vestdijkske ûnderskieding to brûken, anti-muzysks, - en siet dit wurk nei de ynhâld to fol fan taspilingen dy't allinne de dichter sels klear wêze koene en dy't net genôch poëtysk dutsen waerden om se as net-bigrepen en net-bigrypber to akseptearjen. Wis is dit: yn de poëtyske situaesje fan Fryslân foun syn wurk winliken op gjin inkelde wize plak en wjerklank. It hie gjin biningen mei it forline, en oft it dy mei de takomst hawwe sil (der skûlet sûnder mis in sterk surréalistysk elemint yn) is dochs tige de fraech om't syn prosédé gjin technyske útsichten biedt. Dyselde eigenaerdichheden makken ek, dat men dit wurk, ôfkard en dien, net mei in freonlik briefke fan ‘tank foar it ynsjen’ en ‘ta ús spyt’ oan de auteur weromstjûre koe. Elk fers boppedat, ek it publikabele, moast foar opnimmen op stavering en tael bihoffene wurde (hy skreau b.g. tsjin 'e klippen oan fan ‘man’ yn pleats fan ‘men’) en de gestalte dy't it yn hânskriftfoarm faeks noch hie, krekt troch syn eksentrisiteit, gyng by it printsjen forlern. Ik haw sa goed as nea hwat weromstjûrd, al heart dat ta de deistige (prak- | |
[pagina 299]
| |
tyskhealjierlikse) plichten fan de redaksje-administrator. Hy hie it grif ek net oars winske. Nea hat er my frege om dy pakken papier werom to stjûren, nea hat der yn syn brieven in wurd fan wrok of ûntofredenheit west oer hwat er sels ris yn in g'edicht neamd hat syn ‘skrale eker’. De forklearring is dizze, en syn dea makket it sa dúdlik as de dei: dit wie syn poëtysk testamint, dat er my (en oaren faeks ek) by biten en brokken tastjûrde - net om de wrâld in samling poëzij nei to litten, mar om earne yn it hielal rekkenskip ôf to lizzen, om de boekhâlding fan syn ierdsk bistean ôf to sluten, of sa't er it sels sein hat, ‘sa sûntsjes oan, noch klear to kommen’. Dy fersen (en dat gou ek foar syn proaza, oant sels de, ek yn syn eigen eagen, ‘normaler’ jeugdoantinkens yn It Heitelân), mei har breklike foarm, har brokkelige, ûncharmante foarmleazens, har nuvere en ûnpeilbere, mar ek ûnûndergeanbere sprongen yn it tsjuster fan dream en demony en dochs, út en troch, har klear, eksakt byldzjend formogen, ien twa rigels lang, en in inkelde kear har sublime rhythmyske rakens (sjoch de ein fan ‘Koetsier Swartjes’), it wiene notysjes, skynber achteleas delsmiten, delkwattele, dwers en bryk, stjûrleas oer de romte fan it papier, skrank en skean oer de bledside hinne, soms op foege stikjes papier, hastich ôfskuord, soms op 'e slûf. Syn dea trochljochtet dizze tragyk pas foargoed: hy moat, yn it bisef fan de ûngenêslikens, mei alles formoedsoene west hawwe (dy yndruk makke er ek, persoanlik), bihalven mei dit iene: rekkenskip. It koe gjin bisinking' lije en gjin bislypjen daeije. It koe gjin poëzij wurde, gjin smeid of getten izer, mar moast brokken erts bliuwe: poëzij fan in dichter hwaens wurk gjin poëzij wurde wol. Mar miskien bin ik mis mei dit oardiel: hwa sil it sizze?
Mar de skuldgefoelens dy lizze earne oars as op it punt fan in dichterskip miskien net nei wearde skat to hawwen. Hy wie nei Fryslân kommen, om dêr to stjerren. En Fryslân hat, doe't it der op oankaem, syn forlamme lichem net forsoargje en bêdzje kinnen. Hy is werombrocht nei Nijmegen, nei de lânsdouwe dêr't er sa'n great part fan syn libben sliten hie. ‘Hja bringe my yn sawn hasten nei Gelderlân werom. Mar myn Frysk bloeit likegoed’, kwattele er boppe in fers ‘Oan dy fan de Tsjerne’. Mar ek: Fryslân | |
[pagina 300]
| |
hat him net oannimme wold, om't it him net bigriep. Wy, dy't him sa nou en dan ris opsochten op syn keamer op ‘Jagtlust’ yn 't Oranjewâld - hy koe de lêste moannen dy keamer net mear forlitte - wy hawwe him al to folle sjoen as in soarte fan kuriositeit, in suver bjusterbaerlik man, in slachtoffer fan forriederlike wetten fan erflikheit, immen dêr't men oer prate koe mei in dierberen soad meilijen, mar dêr't men as 't nypte gjin ried mei wist. Hy wie foar de dea opskreaun, en hwat docht men as ‘employé’ mei sa'nien? Hy paste net yn it Fryske ramt, syn fersen wiene net to lokalisearjen earne tusken Douwe Kalma en Gerben Visser, syn praet hie net dat wetich bistek, dat wisse en birette, dat eptige en kreas-ôffrede dat ús as Fryske-biwegingsamtners sa eigen is.
Dàt is it skuldgefoel: syn oanwêzichheit wie mar lestich, wie in forsteuring fan 'e deistige oarder fan printkladde, kritejoun en protestgearkomste. Hy wie foar ús ienfâldich: in bytsje gek. Hy wist dat, en al wer: der wie gjin wrok yn syn hert om dat wreed en ûnwier oardiel, hwant alles oan him wie myld en dimmen - ‘in stik edel wyld’, sei Fedde Schurer ris tsjin my, doe't wy by him wei kamen. Wy dronken de thé dy't er ús yngeat, mei stille, tagediene gebeartens, wy harken, as er losrekke oer de biwenners fan it hûs en oer syn eigen libben en forline (hy wie dêr nammers neat net efterhâldend mei), wy brochten it praet op ús eigen deistige probleemkes. Mar kend hawwe wy him net, net yn syn dreamen en fantasijen, net yn syn lijen en wanhoop, net yn de myldens fan syn wêzen. Wy gyngen nei hûs en seinen, wiis mei ússels en ús opofferingsréens: Wy moatte gauris wer by him sjen. Mar op in kear kaem it der net mear fan. In deabrief briek it ûnforbidlik ôf.
ANNE WADMAN. | |
[pagina 301]
| |
IIILêste leat fan in forflokte sibbe
Dy't gjin liedstjerre en gjin treaster hie;
Jinsen earne hat dat jonkje libbe
Yn in slot dat by in fiver stie -
Utbarnd laech, forwyldere en romantysk,
Hynders, jildpong, flesse, ûnheilsrop -
Ut syn berne-eangsten, read gigantysk,
Riisden broazlige leginden op.
Frjemde fleagen út in liet fan Bernlef
Song troch losse snaren de eastewyn;
Iwan, Olga, nammen út Toergenjew,
Mong er by syn swiere dranken yn.
Sa hat er syn tragysk lot forduorre.
't Raende as sniebou hwat er stalle hie.
Altyd taestte er lâns dy glêzen muorre
Dy't der tusken him en 't libben wie.
Kening Lear, fordwaeld yn eig'en dreamen,
Dy't oanienwei 't ûnbisteanb're woe;
Sketten rébok, skreauwend nei de streamen
Dy't er nea en nea birikke koe -
Oant er delfoel, bliedend en forwoune,
Yn it lan dêr't er syn maten tocht,
Dêr't grif ien yn dizze bitt're stoune
Him forstean en nêst him wêze mocht.
Doe't it leaf yn 't wâld bigoun to wylgjen
Is hy drôf en jamk forlitten stoarn.
Mei in skuld, dy't net mear is to dylgjen
Bliuw ik nei. In deaden sjocht my oan.
FEDDE SCHURER.
|
|