De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 302] [p. 302] Rely Jorritsma †: Sonnet foar koetsier Swartjes (dy't it dochs net lêze sil). Soprano lyrico of leggiero, hwat docht it der ta - In lange rige reauwen foar ‘la Terre’. Nei de loges fan de lêste greate Opera Bringt men ús allegearre. Stel, Swartjes, koe men 't hantsjeklappen dan jit hearre! Macaber fizioen as offer fan it skieden, Och ja, dy flinters en dat mearke fan dy mieden En goud en ealstien kinne nea bidjerre! ‘In het heelal daar raakt geen druppeltje verloren’, Dat seine jo, wy sille it mar leauwe. 't Sil wis wer yn it fluidum fan de maeitiid bliuwe. Faeks sill' jo 't op 'e rânne fan jins gleske priuwe. Hwat soe it oars, de milliarden dy al stoaren, Dêr libje wy dochs yn, jo, ik en de oaren? Nijgers. Hwat binne de ekers fan it nijgers ljocht en grien; de ikebeammen fan de strjitwei stean dêrneffens tsjuster, de wylde-einepiken waerden great: se saeiden juster mei har achttjinnen yn de grêft. Ik wie mei har bigien en klapte efkes fûl en mei holle hannen: hie 'k net guon sjoen, dy nei ús arbeider rounen? (Hy loert as de dea, yn dizze moaije jounen fan bidraechlike frede tusken kreaze boskrannen.) Hy stie wol op wacht, doe kamen se werom: efkes stadich foar de wyn en dêr lei it skot: ien rûzge troch de blêdden mei in slach tsjin de groun. Hwat hat de jager oan it brutsen wjukslaen woun? Hy fielt in huver, as wie hy in god, de skepping fergjend op in krúswei fan it lot. [pagina 303] [p. 303] Ik hie nei jim utsjoen.... Ik hie nei jim útsjoen Hwer seach ik nei út? It wie in iensume dei Ik seach - de Jellumer wei. Ik wie wer op Mammema-state En telde mei Helena it gouden jild - Troch de iensume wyntocht fan de snein - 't Wie hjerst oer it griene fjild. ‘Wy farre fannacht út de Tsjonger Nei 't beammekleaster fan Fûns, Dy mûntsen ha jit neat yn 'e gaten, Noch g'jin tûzenste diel fan in ûns.’ Wy biraemden in tocht om Nero's jild By in pûre hege moanne - Forlangen al nei wynkrûk en flambou Yn de eigen âlde harne. Vorige Volgende