De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 304]
| |
I. de Merw-Manáos:
| |
Toaniel 1.Yn Salvatoria. Resepsje by Mrs. Alessandro, it wiif fan in rector magnificus, ta eare fan de jonge Ierske skriuwster Maureen O' Sullivan, dy't Salvatoria bisiket yn it kader fan de kulturele útwikseling. Fan de gasten hoege wy allinne to neamen Mr. Caballo, in referendaris, en Mr. Shriekmuch, haedredakteur fan in liedend blêd; fierders binne der jit fjouwer manlju, en ek fjouwer froulju. Allegearre, op de Ierske nei, binne it lange, hwat paffige minsken, dy't in hwat ôflibbe yndruk meitsje, en in bytsje al to opsichtich klaeid binne. De jonge Ierske, in kwyk figuerke mei read hier, blauwe eagen en in fris antlit, ienfâldich en fol smaek klaeid, is ‘immen’; hja hat selsbitrouwen, biweecht har maklik, mar bliuwt biskieden; de oaren, allegear krekt hwat to drok om natûrlik to wêzen, lykje by har ‘nimmennetten’. Cocktails en sigaretten.
MRS. ALLESSANDRO:
Nou, tige wolkom allegearre. Ik leau dat ik jim allegear oan Miss O' Sullivan foarsteld haw, en nou hoopje ik dat dit lytse gearkommen alles jaen sil hwat wy der ús fan foarsteld hawwe. Us foreare gast is in jonge Ierske skriuwster, dy't jerne in bulte fan jim oer ús great lân hearre wol; en as guon fan ús bilang ha mochten by har heitelân, dat grif in nijsgjirrich lyts lân is, sil hja ek ré wêze dêroer ynljochtings to jaen. Lit ús op dy wize hjir sa ek in stientsje bydrage ta de kulturele útwikseling. Wy binne der greatsk op dat soks hjir kin; tsjintwurdich is dat net rounom mear mûglik, mar wy hawwe neat to forbergjen.
(Meistimming.)
MAUREEN:
Dat der is gjin biswier tsjin, mefrou, as ik ek frag'en stel oer politike kwesjes? Of binne dy taboe?
MRS. ALESS.:
Hoe soe dêr biswier tsjin wêze? Yn Salvatoria binne de idéalen fan de demokrasy feilich. Yn Samar- | |
[pagina 305]
| |
kadia, ûnder de Harbasjah, is it libbensgefaerlik oer de polityk to praten, seit men. Sokke komike tastannen soene hjir net dulde wurde. Frijheit, blijheit, yn Salvatoria, leave. Dat is dochs by jim yn âld Eire ek sa, wier?
MAUREEN
Wy soene fan beide net folle hawwe, mefrou, as wy der net altyd wer foar fochten. Mar foar goede dingen fjochtet men jerne.
(Hja giet oerein en op Mr. Caballo ta.)
Jo wiene dochs fan it Ministearje fan Arbeid, Mr. Caballo?
MR. CABALLO
Ja, mefrou?
MAUREEN:
Dan mei ik jo faeks hwat freegje oer de sosiale kwesje?
MR. CABALLO:
Bistiet hjir net, mefrou. Wy kenne hjir allinne sosiale solidariteit. Der kin gjin sosiale kwesje wêze yn in lân, dêr't eltsenien syn plicht yn docht.
(Hja prate fierder.)
IN' FROUMINSKE
(lústerjend tsjin har huorhou):
Tinke jo, dat it allegear mei dy Ierske yn oarder is, leave?
HAR BUORFROU:
Hoe sa, leave?
DE EARSTE:
Spionnen. Ik bin sa skriklike binaud fan spionnen. Men moat sa oppasse hwat men seit.
HAR BUORFROU:
Och leave, hja komt dochs neat to witten. Mar ik woe ha, as hja in spionne wie, soe hja har hwat gewoaner klaeije. Sa falt hja ommers rounom op.
DE EARSTE:
Mar ik haw út goede boarne, dat dat nou de nije taktyk is. Hja tinke nou, dat wy tinke hwat jo dêr seine, en nou dogge hja wer oarsom.
HAR BUORFROU:
O, dat hja tinke nou, dat wy tinke, dat as hja har abnormael klaeije, dat der dan gjin kwea by is, om't hja, as der wol kwea by wie, wol mear ûnder de mannichte weiwurde soene. Is dat hwat jo bidoele?
DE EARSTE:
Ja, krekt, leave.
DE BUORFROU:
It kin wrammels bêst sa wêze. Wy moatte har goed yn 'e gaten hâlde.
IEN FAN DE MANLJU
(tsjin syn buorman):
Aerdich fris ding, dy jonge Ierske. Hja meije my wol mei in boadskip nei Ierlân ta stjûre. Sjoch dat kontrast ris mei dy froulju fan ús.
BUORMAN:
Stil hwat, stil hwat.
DE EARSTE:
Ja fansels, men moat hwat oppasse. Mar ik soe wol ris witte wolle oft der ien lân is, dêr't de seksen sa op inoar útsjoen binne as hjir yn Salvatoria. De sitewaesje wurdt nuodlik foar de steat. De presidint moast der efteroan. | |
[pagina 306]
| |
BUORMAN:
De presidint is al lang drok dwaende mei de feiten to sammeljen.
DE EARSTE:
De feiten to sammeljen! Dy is goed. Hy kin my net genôch feiten sammelje, as er dan ek mar hwat docht.
MAUREEN
(jit yn petear):
Mar wier, mr. Caballo, flattearje jo de sitewaesje net hwat? Yn sa'n yndustrialisearre lân as Salvatoria? Der moatte dochs wol ris wriuwingen wêze, konflikten sels?
MR. CABALLO:
Noch it ien noch it oar, mefrou. Wy produsearje.
MAUREEN:
Ja, fansels.
MR. CABALLO:
Wy produsearje, ta it uterste. Wy produsearje op libben en dea. Hwat ús dêrby hinderje soe, romje wy op. En de geast fan ús minsken regelje wy dêrneffens.
MAUREEN:
De geast regelje? Hoe lizze jim dat oan?
MR. CABALLO:
Dêrby biwiist de parse ús ûnweardearbere tsjinsten. Mar dêroer sil mr. Shriekmuch jo better ynljochtsje kinne, dy is forantwurdlik foar íen fan ús greatste blêdden. Mei ik jo noch in tip jaen, mefrou?
MAUREEN:
Mei alle wille.
MR. CABALLO:
Persoanlik, bigripe jo wol, en yn bitrouwen. De ûntwikkeling fan ús lân bringt mei, dat fierwei de nijsgjirrichste dingen hjir dy binne, dêr't nimmen oer praet. Jo moatte ús nachtclubs bistudearje, mefrou.
MAUREEN:
Binne dy better as yn Jerope? Dêr is it net folle sûnders.
MR. CABALLO:
Better? Dat soe ik tinke. Op ús nachtclubs soe de hel jaloersk wurde kinne. As jo safier binne, jow my de wink en ik sil jo yntrodusearje. Mar neam myn namme net, bileaven.
MAUREEN:
Tige forplichte. - Mr. Shriekmuch, leau ik? fan de parse? Jo koene my faeks ynljochtingen fan folle wearde jaen.
MR. SHRIEKMUCH:
Ik bin hielendal ta jins tsjinst, mefrou. Wier hielendal.
MAUREEN:
Hokfoar rolle spilet de parse hjir yn it sosiale konflikt?
MR. SHRIEKMUCH:
Gjin mefrou. Foarst, wy kenne gjin sosiael konflikt, en soene dus ien meitsje moatte. Oard, as wy dat bisochten, soene wy foar frjemden en spionnen gean, en ear't wy it sels goed wisten, yn Singh-Sing'h bidarje. | |
[pagina 307]
| |
MAUREEN:
En hwat is Singh-Singh?
MR. SHRIEKMUCH:
In oerbliuwsel út ús twadde kultuer-tiidrek, mefrou. Jo witte, earst kamen de Yndianen, doe de Amerikanen, en doe wy. De eigentlike kultuer bigoun fansels mei ús.
MAUREEN:
En hwat dogge jim foar de kulturele forheffing?
MR. SHRIEKMUCH:
Mefrou, wy spesialisearje yn de meast pittoreske moarten en de meast parfumearre echtskiedings. Us motto is: fied it publyk op mei it to jaen hwat it winsket. Mar dat wurdt langer in toer, hwant ús publyk is forwend rekke.
MAUREEN:
Mar de politike en sosiale idéen fan jimme blêdden?
MR. SHRIEKMUCH:
Dat binne dy fan ús presidint, mefrou.
MAUREEN:
Mar yn in wrâldmacht as Salvatoria moat dochs ek geastlik libben wêze bûten de presidint om.
MR. SHRIEKMUCH:
Mefrou, wy moatte ien wêze yn alles hwat essinsiëel is. De ûntsachlike spanning mei Samarkadia needsaket ús dêrta. Mar it is ek fierwei it noflikst en effektyfst.
MAUREEN:
Mar persoanlikheit en demokrasy, dêrfoar striidt dochs hiele Salvatoria?
MR. SHRIEKMUCH:
Sûnder mis, mefrou, dat is ús theory, en in forheven theory mei ik wol sizze, dêr't it binachte Samarkadia neat foar oer to setten hat. Mar lyk as ik al sei, de tsjinstelling twingt ta ienheit. Aldergeloks ha wy mar ien presidint; ek al soe er in domkop wêze, hy is ien. En sa wolle wy ek ien wêze yn de parse. Dat is ús greate bydrage ta it sosiale libben en ta de foarútg'ong fan de minskheit.
MAUREEN:
Dan, dames en hearen, soe ik in ding freegje meije sa yn it algemien wei? Krije jim fan it, lyk as it my nou taliket, tige ienfoarmige sosiale, politike en kulturele libben yn Salvatoria, net faek in yndruk fan ientoanigens? Moat dêr net in soarte fan forfeling út folgje yn it hiele iepenbiere libben?
(Fan alle kanten lûde, lilke protesten.)
STIMMEN:
Né, né, né! - Hwat in ûnderstelling! - Wy, dy't de wrâld liede! - Wy genietsje alle dagen! - alle ûren! - Wy ha de greatste kultuer, de greatste kunst! - Hwat in ynsinuaesje! - Dat hat men fan dy útlanners! - Salvatoria sit fol spionnen! - Ik ha it dalik wol tocht! | |
[pagina 308]
| |
MRS. ALESSANDRO:
Mar dames, hearen! Miss O' Sullivan is ús gast! Ik jow ta dat hja hwat fier gie. Politike en sosiale dingen lykje my, as frouminske, altyd forfelend. Mar, miss O' Sullivan, as ik it petear yn oare banen liede mei, nei eat dat jo tige ynteressearje sil, sjog'ge jo dêr, skean foar ús oer, dat prachtige kastiel?
MAUREEN:
Ja, mefrou, en ik hie my dêroer forwûndere. Fjirtjinde-ieusk tocht my, imitaesje fan in Frânsk model. Treflik dien, mar yn it algemien hâld ik net fan imitaesjes.
MRS. ALESSANDRO:
Né, leave, gjin imitaesje, echt, stien foar stien, ôfbrutsen en fan avions transportearre, en it wurdt biwenne fan de prinsesse de Matto Grosso, oer hwa't de hiele wrâld praet, de greatste frou fan Salvatoria, fabeleftige ryk, en guon lústerje dat hja in freondinne is fan de presidint!
IN FROUMINSKE:
Ha jim har trettjinde man al sjoen?
(Greate bilangstelling; roppen:)
Né, né, jo?
IT FROUMINSKE:
Ja, ja, justermiddei! En ik moat sizze: selsum, net to leauwen. Ik hie net tocht dat der sokke moaije manlju bistiene. Hja moat him opkocht hawwe by de lêste Olympyske krigen.
MAUREEN:
Mar hwerom is hy - de trettjinde?
MRS. ALESSANDRO:
De prinsesse hat folle smaek yn dy dingen, en as de iene har forfeelt, nimt hja in oare.
IT FROUMINSKE:
Men kin fan útlanners sizze hwat men wol, mar sokke manlju fynt men hjir net. Hwat is der nou oan uzes, de offisiële persoanen binammen? Hwerom dogge hja by ús net hwat mear oan lichemskultuer?
(Protesten by de hearen.)
MRS. ALESSAN'DRO:
De prinsesse is de liedende dame fan Salvatoria, en it is dêrom in ûnskatber foarrjocht har as buorfrou to hawwen. Somliken biskôgje har as eksintryk, mar alles hwat hja docht hat in symboalyske bitsjutting. Middeis om fiif ûre makket hja stéfêst in kuijer yn de dakgoate fan har kastiel.
MAUREEN:
It is op slach fan fiven.
IN HEAR:
En hwerom docht hja dat?
IN FROUMIN'SKE:
Hwerom? Dat kin allinne in man freegje. Fansels om har senuwen to stieljen. As moderne frou wol hja sjen litte, dat men it senuw-slopende libben de baes bliuwe kin.
MAUREEN:
Lady Macbeth, soe men tinke, op tolve manlju nei. | |
[pagina 309]
| |
IN OAR FROUMINSKE:
O ja, dy't de radio útfoun. Mar dat wie neat by de prinsesse. Hja is it wûnder fan Salvatoria.
(De klok slacht fiif.)
FORSK ATEN
(heal-lûd):
Dêr is hja.
MRS. ALESSANDRO:
Yn blinkend wyt, en de juwielen flûnkerje yn har hier. Nou bigjint hja har kuijer.
IN FROUMINSKE:
It great kordon fan it Legioen fan Salvatoria oer har boarst.
MRS. ALESSANDRO:
Majesteitlik en sûnder forblikken kutjeret hja by de trânsen fan har kastiel lâns. Moast de hiele wrâld gjin tsjûge wêze fan dizze helthaftigens?
MAUREEN:
It liket moai, mar in sûnderlinge leafhabberij bliuwt it like goed. Is hja wol goed by de holle?
MRS. ALESSAN'DRO:
Mar Miss O' Sullivan! Ien fan ús greatste yntellekten! Eare-doctor fan fiif universiteiten!
MAUREEN:
Mar kin hja dêrom net yn 'e war wêze? It is dochs nuver dwaen. En hwat wol hja nou? Hwat in théatrale hâlding! O goede ingels....
ALLEGEARRE
(yn greate konsternaesje, guodden de hannen foar de eagen):
O! o!
MRS. ALESSANDRO:
Hwat in freeslik ûngelok.
MAUREEN:
Freeslik, mar gjin ûngelok.
MR. SHRIEKMUCH:
De prinsesse stroffele en foel. In oare lêzing' fan dit ûngelok soe ûnforantwurde wêze.
MAUREEN:
De prinsesse sprong. It wie gjin ûngelok, it wie in deagewoane sels-moart.
(Greate forûntweardiging.)
MRS. ALESSANDRO:
Miss O' Sullivan, dit giet to fier. Sokke dingen seit nimmen yn Salvatoria, en men soe it in great skandael achtsje, as men wist dat immen it sels mar tocht.
MAUREEN:
Mefrou, hwat ik mei myn goede Ierske eagen sjoen haw, lit ik my fan hiele Salvatoria net ûntstride. En hwerom soe men de wierheit net sizze? De hiele wrâld wit dochs, dat it tal sels-moarten yn Salvatoria heger is as yn Samarkadia?
(Great opskuor, mefr. Alessandro fait fan harsels.)
IN FROUMINSKE:
Hja is in spionne fan Samarkadia, dat haw ik dalik wol tocht!
IN HEAR:
Men moat de polysje warskôgje.
IN OARE HEAR:
De minister fan Underwiis moast deasketten wurde.
JIT IN HEAR:
Al de neutralen moasten útroege wurde.
JIT IN' FROUMINSKE:
Sa'n bilediging fan ús great | |
[pagina 310]
| |
heitelân, en dat fan ien hwaens heitelân noch in poel fan barbaerskens is!
JIT IN FROUMINSKE:
Yn Belfast is de bigamy jit algemien!
MAUREEN:
Belfast is oer de g'rins! En ik lit myn heitelân hjir net biledigje, fan net ien fan jim! Jim presidint sil der fan witte! As der in konflikt fan komt, krije jim mear lêst mei Eire as mei hiele Samarkadia!
(Dit helpt, it selskip is as forstomme, mar fierders folslein fijannich.)
MR. SHRIEKMUCH:
De presidint! hoe woene jo tagong krije ta de presidint?
MAUREEN:
En hwerom soe ik sels net nei him ta gean?
MR. SHRIEKMUCH:
Mar de presidint is frijgesel en jo binne frijfaem!
MAUREEN:
En hwat soe dat?
MR. SHRIEKMUCH:
Mar juffer, jo binne hjir yn in lân fan hege seedlikheit! Hoe kinne jo tinke, dat sa'n moeting mûglik is!
MRS. ALESSANDRO
(wer bykommend):
O myn holle, myn earme holle. Né, wy stoarte ús sa yn de greatste gefaren. Dy hiele kulturele útwikseling is in great, skriklik forsin.
IN FROUMINSKE:
Ik siz altyd, yn in sitewaesje as uzes, moat eltsenien gordinen hawwe.
IN HEAR:
Fansels, fansels, like goed as in minske klean oan hat, moat in lân dochs in gordyn foar hawwe!
(Gordyn.)
| |
Toaniel II.Kabinet fan de Presidint fan Salvatoria. It is roettsjuster. Nei in setsje biweecht der in knypljochtsje, en dêrtroch heint men in glimp op fan Maureen, dy't ynlaet wurdt fan fiif swier biwapene wachten fan de Presidint. De wachten biwege har heal automatysk, en ek it praet fan de haedwacht is toar en kreakerich as fan in robot. Maureen is blyndoeke.
MAUREEN:
Komt der oan dat blyndoekjen nou ek ris in ein? Ik ha myn bikomst. Ik sil my deroer bikleije.
HAEDWACHT:
Foarskrift, mefrou. Spitigernôch needsaek. Jo winsken de presidint to sjen. Hjir binne wy by in stoel. Sa, jow jo mar del. Foar jo stiet in tafel. Wolle jo jou hannen derop lizze, rjocht foar jo út. Nou in meidieling dy't hwat pynlik is, mar dy't jo net forjitte moatte. Yn dizze | |
[pagina 311]
| |
keamer bliuwe fiif wachten, mar jo sille se net sjen. Sadré as jo jou hannen fan de tafel ôfnimme, barne dy alle fiif los, op it plak dêr't men oannimme mei dat jou hert sit. Genêzing soe útsletten wêze.
MAUREEN:
As jim bigjinne to moardzjen, kinne jim der wis fan wêze dat it jim sûr opbrekke sil.
HAEDWACHT:
Hjir wurdt net moarde, mefrou. Wy komme de foarskriften nei. Ik sil jo nou de blyndoek ôfnimme. Der wurdt in reflektor op jo rjochte. Jo sille yn it folle ljocht sitte, mar sels net folle sjen.
(In reflektor wurdt ynskeakele.)
IN STIMME:
Dat ljocht sêfter. Miss O' Sullivan's antlit, har hier en har eag'en moatte op it foardielichst útkomme.
(De reflektor wurdt better steld. De haedwacht nimt Maureen de blyndoek ôf. Nettsjinsteande har hwat ûngaedlike hâlding sit hja dêr as forhearlike, in geniet om nei to sjen.)
HAEDWACHT:
Wy hawwe ús plicht dien. Forjit net hwat ik sein ha. Mefrou, jins tsjinders.
(De wachten fordwine.)
MAUREEN
(nei in setsje):
Is hjir nou ien of net.
IN SEFTE STIMME:
Maureen O' Sullivan.
MAUREEN:
O, dus al. It bigoun my to forfelen.
DE STIMME:
Ik koe sa ûren nei jo sjen. Ik ha jo leaf.
MAUREEN:
Dan binne jo in great ezel.
DE STIMME:
Ik bin de presidint fan Salvatoria.
MAUREEN:
It iene hoecht it oare net út to sluten.
DE STIMME:
Dat docht it ek net, Maureen. Ik bin nou presidint, mar ienris wie ik in gewoan minske. Dêr is net folle fan oerbleaun, mar in bytsje al. En dat bytsje bloeit suver wer op, Maureen, as ik sa nei jo sjoch. Jo kinne jo net foarstelle, hwat in ûnbiskriuwbere hearlikheit dat is.
MAUREEN:
Jou ynderlike prosessen kinne my neat skele. Ik kom hjir foar de presidint.
DE STIMME:
Maureen, lit ús dochs ús tiid goed brûke. ‘Hwa tiid net brûkt, de tiid ûntglydt, ûntfljocht, ûntdûkt, me wurdt se kwyt.’ Ik wit alles fan jo, jou hiele dossier stiet hjir foar my. Trije-en-sawntich rapporten fan myn geheime polysje haw ik hjir ta myn biskikking; alles hwat jo sûnt jins oankomst sein ha, leit hjir op sawn-en-tritich platen foar my. Mar jou pas-foto, dy die it; dêr haw ik fan dreamd. | |
[pagina 312]
| |
MAUREEN:
Jo hoege net to tinken dat ik jo dat neisizze sil. In âld hearke mei in sik.
DE STIMME:
Dat is allinne myn respektabele kant foar it publyk oer, Maureen; it iennichste hwat jo nou fan my witte, is de klank fan myn lûd. Ik hoopje sa dat it jo hwat seit, Maureen, ik bin sa allinne en ik ha jo sa leaf.
MAUREEN:
Greate ûnsin. De prinsesse de Matto Grosso....
DE STIMME:
Hja wie in freondinne fan my, de twa-enfyftichste en de bêste. Mar ek hja wie in ûnnatûrlike frou. Fansels wie hja ûnnatûrlik, hoe soe hja oars freondinne fan in man wêze kinne! Mar leafhawwe, Maureen, kin ik allinne in natûrlike frou. En doe't de prinsesse de Matto Grosso ûntdiek dat hja dochs ek in natûrlike frou wie, foel hja út de dakgoate.
MAUREEN':
Hja spròng. Dat haw ik mei myn eigen eagen sjoen, en ik lit it my net fan hiele Salvatoria ûntstride.
DE STIMME:
Us spraekgebrûk is oars, Maureen, en wy sizze dat hja foel. En hja foel, omdat hja ûntdutsen hie dat ik jo leafhie.
MAUREEN:
Ik tocht dat hja lokkich wie mei har trettjinde man.
DE STIMME:
Hja winske my ta de fjirtjinde, har hert wie sa great, mar hjir mette hja it needlot, hwant ik woe har net ienris ha as myn earste. En hwat koe hja doe oars as út de dakgoate spring'e?
MAUREEN:
Just, springe, dat sei ik ek.
DE STIMME:
My tige, om't jo it binne. Dat, Maureen, yn my is der noch altiten hwat natûrliks. En der is gjin natûrlike frou mear yn hiele Salvatoria.
MAUREEN:
Mynhear de presidint, is it nou wier nedich dat ik al dy ûnsin oanhearre moat mei de hannen sa plat op 'e tafel, en wylst der fiif keardels meiharkje?
DE STIMME:
It muoit my sa, Maureen, mar dat kin net oars. De fiif binne guodden fan myn liifwacht, en hja binne sa traind, dat har training har ta earste natûr wurden is. Hja folgje de foarskriften, en as de presidint mar nei dy foarskriften tale soe, dan soe foar har de himel delkomme, en hja soene paffe. Mar fierders hearre en sjogge hja ek neat, hwant dat is har saek net en it stiet net yn de foarskriften.
MAUREEN:
En dat hjit in demokrasy. Men soe earder tinke dat men yn Samarkadia wie. | |
[pagina 313]
| |
DE STIMME:
Dit is Samarkadia, Maureen.
MAUREEN:
Hwat sille wy nou ha?
DE STIMME:
Lit my forklearje meije. Der is in wrakseling op libben en dea tusken Salvatoria en Samarkadia. De hiele wrâld is neat mear as ien kâlde oarloch tusken dy twa.
MAUREEN:
Ierlân net, Ierlân bliuwt neutrael.
DE STIMME:
Ja, jim binne hyper-egoïsten.
MAUREEN:
Wy binne net gek, lyk as jim.
DE STIMME:
Wy wolle net kreauwe, Maureen. Mar sjoch, yn it bigjin wie Salvatoria in demokrasy, Samarkadia in diktatuer. Mei gauwens wie it fansels safier, dat hja inoar wol opfrette woene. Mar hja doarsten inoar net opfrette, ear't hja net abslút wis wiene, dat de oare earst opfretten wurde soe. Gefolch: de greatst mûglike konsintraesje fan elts syn nasionale krêft. Mar hwa kin krêft konsintrearje sûnder it gesach to konsintrearjen? En sa is hjir alle gesach konsintrearre yn my. En sa is Salvatoria al foar mear as de helte Samarkadia. En allinne dy wei út kin ús rêdding lizze. Hwant earst as Salvatoria dûbeldris Samarkadia wurden is, kin it Samarkadia platslaen.
MAUREEN:
Nou, jo sitte aerdich yn 'e pikel as jo g'ongmakker dêrby wêze moatte. Mar jo ha 't sels wollen, dat jo fortsjinje it.
DE STIMME:
Leau my, Maureen, ik bin grypt fan it needlot. Ik koe der neat oan dwaen, of mar in tige lyts bytsje. Ik wie as studint net ien fan de stomsten, ik koe it wurd goed dwaen, en ik hâldde wier fan myn lân. Ik wie presidint ear't ik goed en wol wist hwat der barde. Ik bin nou foar 19/20ste in automaet, Maureen, mar foar l/20ste noch in jongkeardel, en dat 1/20ste fjochtet nou om syn libben.
MAUREEN:
Witte jo wol dat jou speeches as twa bidoarne aeijen lykje op de Harbasjah fan Samarkadia sines?
DE STIMME:
Ik kin it net helpe, Maureen. Wy binne as twa merkskreauwers dy't tsjin inoar opraze moatte. It iennichste forskil is, hy mient hwat hy seit, hwant hy is stom, en ik bin net hielendal stom, en mien net hielendal hwat ik siz. En nou moatte jo by my bliuwe, hwant ik ha jo leaf, en ik wol jo net misse.
MAUREEN:
Ik tink der net oer. De seden yn jou lân soene it nea tastaen.
DE STIMME:
As in frouminske soene jo fansels nea deun by my wêze kinne, mar ik koe jo it uniform fan ien | |
[pagina 314]
| |
fan myn wachten jaen, en dan soe alles abslút feilich wêze. En o, Maureen, as jo net fan my hâlde kinne, bitink dan hokfoar in alderprachtichste observaesje-post ik jo oanbied Allinne in Ierske soe letter de skiednis fan dizze tiid goed skriuwe kinne.
MAUREEN':
Hm. Mar ik woe earst wol ris sjen hoe't jo der útsjogge, mynhear de presidint.
(De presidint draeit it ljocht nei syn antlit ta. Men sjocht in gnappe, jit jonge man, net ienris fier oer de tritich, in earnstich, meditatyf tipe, mei in glimke dat bizich wêze kin en wémoedich.)
MAUREEN:
Hm. Draei it ljocht mar wer om. Ik nim oan, mar op ien bitingst.
DE STIMME:
Maureen!
MAUREEN:
Jo sille oer freonskip en leafde en dy ûnsin gjin kik mear tsjin my sizze. As ik it nedich achtsje, sil ik dêr sels wol oer bigjinne. Dwaen of net.
DE STIMME
(mei in sucht):
It sil wol net oars kinne. - Wachten!
(De fiif wachten glide nei foaren.)
DE STIMME:
Blyndoekje dizze frou en bring har yn sel 103. Jim binne dêrmei fan de forantwurdlikheit ûntslein. Dy nim ik fierders sels.
MAUREEN
(wylst hja blyndoeke wurdt):
Ja, dat miene jo.
DE STIMME:
Né, dat siz ik.
(Gordyn.)
| |
Toaniel III.Plein yn in stêd. Twa lûdsprekkers, mei der tusken-yn in automatyske gong; dêrboppe in great sifer O. Twa manlju kuijerje foarby, in jongkeardel fan goed tweintich, en syn pake.
DE JONGKEARDEL:
Pake sjocht wol, dat der in bulte foroare is.
DE PAKE:
Ja jonge, dat is sa. Forbettere, dat soe ik dalik net sizze kinne. Mar ik bin faeks hwat âlderwetsk. Hwat is dat foar in nuvere tipeltange?
DE JONGKEARDEL:
Dat binne fansels lûdsprekkers, pake, dêr't men dalik oan witte kin oft men harkje moat of net.
DE PAKE:
Harkje moat of net? Meitsje de minsken dat dan net foar harsels út?
DE JONGKEARDEL:
Net mear hielendal, pake. Hja sykje it nijs nou hwat foar ús út, oars soe it sa'n tiid-for- | |
[pagina 315]
| |
griemen wêze. Dat 0-sifer bitsjut, dat der op dit pas neat bysûnders is. Slacht de g'ong 1 en komt it sifer 1 foar, dan wol dat sizze dat der in ûngelok west hat mei in tal deaden fan 1 ta 1000, Mar hat it tal deaden tusken de 1000 en de 100.000 west, dan slacht de gong 2 en komt it sifer 2 foar. By 3 slaggen en it sifer 3, wit men dat de Presidint fan Salvatoria en de Harbasjah fan Samarkadia in redefiering hâlde sille; dat dogge hja tsjintwurdich hast altyd tagelyk. 4 wol sizze dat der nijs komt oer de nije wrâldoarloch, dy't wy nou hast alle dagen forwachtsje. Gongslach 5 en it sifer 5 kundigje it forgean fan de wrâld oan, troch in nije minsklike útfining of de botsing fan in pear planeten of soks. It is allegear sa maklik en geryflik mûglik.
(Yn ienen slacht de gong 3 slaggen en it sifer 3 ljochtet op.)
DE PAKE:
Hwat makket dat ding my alderaeklikste kjel. Men soe út jins fel springe. Kin dat nou net hwat mear mei fordrach?
DE JONGKEARDEL:
Wy treffe it oars wol moai, pake. REDEFIERINGEN FAN' DE PRESIDINT FAN SALVATORIA EN DE HARBASJAH FAN SAMARKADIA.
(De beide steatsljuwe sizze wurd foar wurd itselde, fansels mei dit forskil dat elts it lân fan de oare bitiget. Men ken de lûden út inoar, meidat de Harbasjah sines hwat djipper is as dat fan de Presidint. Hja sette beide moai normael yn, mar neidat it wurd aggressy ienris neamd is, giet it hurd op in razen en bearen, en tsjin de ein is de utering sa fier fan de biwende minsklike sprake ôfrekke, dat men fan de Harbasjah suver oars neat mear heart as in forwoeden kwak-kwak-kwak en fan de Presidint neat mear as in oerienkomstich kwek-kwek-kwek.)
Freonen harkers, it is myn djûre plicht in wurdmennich ta jim to rjochtsjen oer ús greate aksje foar de frede. Frede, freonen, is net allinne it moaiste wurd fan ús tael, mar ek in ûnmisbere needsaek, net allinne foar ússels, mar ek, en forjit dit nea, foar ús berntsjes en bernsberntsjes. Frede wol sizze wolstân en kultuer, en wy moatte altyd witte, dat wy, lyk as ek ús berntsjes en bernsberntsjes, earst troch de kultuer minsken binne. Frede, freonen, bitsjut de dea fan alle agg'ressy, binammen, en it is myn hillige plicht dat hjir dúdlik to sizzen, de aggressy, dy't ien is mei de skandlike, stjonkende, gemiene polityk fan de Presidint fan Salvatoria (de Harbasjah fan Samarkadia). Wy, freonen fan de frede en fan de kultuer, wy sille net rêste ear't wy de wrâld mei | |
[pagina 316]
| |
alle lytse berntsjes en bernsberntsjes bifrijd hawwe fan it driigjende skaed fan dy aggressy! Dêrta kinne wy nea genôch superforten, ûnderséërs, fleantúchdekskippen en mammouthtanks bouwe, nea genôch bommen produsearje, nea genôch billioenen offerje! Hwa't de frede wol, sil him pantserje tsjin hwat de frede bidriget! Us devys tsjin de Presidint fan Salvatoria (de Harbasjah fan Samarkadia) sil wêze: ien atoombom ta de fordigening fan eltse widze fan ús berntsjes en bernsberntsjes! Nea sil de satanske driuw, nea sille alle kunsten fan de hel, nea sil Salvatoria (Samarkadia) kwak-kwak-kwak.. (kwek-kwek-kwek..)..
DE PAKE:
Fij, fij, wy gean mar wer fierder. Sokke lju moatte jin nou liede, liket it. Hja koene gâns better rounom keninginnen hawwe, dy't mei in klear lûd wierg en moaije dingen seine. Dat koe tominsten de polityk hwat foredelje. Mar dit.... nou, ik neam sok geskreau ûnfatsoenlik. Unminsklik en ûnfatsoenlik, siz ik.
(Efter har barste de lûdsprekkers jitris los: kwak-kwak-kwak-kwek-kwek-kwek. De manlju geane fierder.)
(Gordyn.)
(Wurdt fuortset.)
|
|