titele ‘In memoriam André Scholten’, en to finen op side 163 yn jiergong 1946 fan 'e Tsjerne. In troch en troch earlike selskonfrontaesje, dêr't de skriuwer him syn bining oan en syn skieding fan de forstoarne en foreare freon helder makket. Dizze freon wie to nommel om fijân wêze to kinnen, dêrom moast er him loslitte. Tagelyk nimme hjir twa generaesjes ôfskie en ôfstân, twa wrâlden, twa soarten fan libbensgefoel.
It kritysk en essayistysk wurk fan Wadman is foar in great part samle yn de by Laverman útjowne bondel ‘Kritysk Konfoai’. It is wol opmerklik, dat dit wurk opdroegen waerd oan E.B. Folkertsma, de lêste soe men sa sizze dêr't Wadman neffens styl en libbensskôging him oan forboun fiele soe. Mar hwat dizze twa mien hawwe, is de antithetyske ynstelling. De wurden, dy't Folkertsma ris yn De Holder skreau oer Fryslân: ‘it leit dêr sa noflik to rêsten, forjow it mei wrang wreed sarkasme, driuw it op ta de fiere sprong’, koe Wadman ta syn program makke hawwe, ek al fiert er dat program op hiel oare wize út as Folkertsma.
Doe't nei de oarloch De Tsjerne forskynde, waerd Anne Wadman de skriuwer fan de proazakronyk, en hjir foun er syn rjochte emploai. Seis jier lang hat er hjir as fjochter op syn plak stien, elk boek in útdaging, elke skôging in oanfal, en it foel de skriuwers earst mar nuver op 'e lea. Stadichoan is it al dúdlik wurden, dat dit fjochtsjen gjin nocht oan ûnnocht wie, mar in striid om it bistean, net fan de kritikus alderearst, mar fan de Fryske litteratuer, dy't inkeld lâns dizze wei opstaet wurde kin ta it plak dêr't hja heart to stean.
Anne Wadman syn kritiken binne gjin boekbisprekkinkjes apart, har wearde leit binammen hjiryn, dat er de litteraire forskynsels yn list sjocht, yn it kader fan tiid en wrâld. Dan moatte der hurde wierheden sein wurde, wierheden dy't har rjochtsje tsjin de bisprutsen auteur, goed, mar ek tsjin de kritikus sels, omdat er nou ienris de solidariteit mei dit formidden oannommen hat en dêr de konsekwinsjes fan makket.
Ik bin it altyd lang net mei him iens, mar it bilangrike is, dat út de konfrontaesje fan boek en krityk it petear ûntstiet, dat laet ta omtinken oer hwat wêzentlik en hwat bykomstich, oer hwat weardich en minderweardich is.