As lyts folk, dat ekonomysk net ûnder al to gunstige omstannichheden libbet, is der oan 'e iene kant altyd wer de freze, dat it, troch frijút to stean op eigen rjocht, noch slimmer yn 'e knipe reitsje soe.
Oan de oare kant is it nasionael sentimint dochs noch wol sa sterk, dat it - as it nypt - út de naden fan dit twangbuis boarst.
As der yn 'e rin fan de lêste jierren hwat in fêstere koerts fearn wurdt, is dat in biwiis, dat it Fryske folk minder fidúsje kriget yn de tuike-tuike-taktyk en ek, dat it de reële gefaren foar it eigen folksbistean, mei't hja oanboazje, skerper fielt en bigjint to ûnderskieden.
Lit ús ússels neat wysmeitsje, it kin wier noch gjin sprekken lije. Mar de ûntjowing wiist dy kant út en as wy dat sels noch net seag'en, kinne wy it fan ús tsjinstanners leare.
Hwant hwer komt de hiele methoade fan mr. G.A. Bontekoe op del?
1e. It opfieren fan de freze foar eigen skaed:
De Fryske Aksje bringt de kânsen om bûten Fryslân emploai to finen yn gefaer,
Frysk ûnderwiis, ja sels Fryske nammebuordtsjes keare de yndustrialisaesje op,
Goede krêften mije Fryslân, sa bang binne hja nou al - ont sels yn Easterwâlde ta - fan mooglike skoallen mei Frysk as fiertael foar har bern.
2e. It delbêdzjen fan it gefoel foar de reële driging fan it al mar mear ôftakjen en dêrnei forwurden fan eigen tael en folkswêzen.
Hwerom soe de oerheit war dwaen om eigen tael en kultuer to hoedzjen? Kom, kom, dy rêdde harsels wol.
Iennich biwiis fan dy stellingen siket men omdôch. Hja binne sa't it liket ornearre foar lju, dy't mei mr. G.A. Bontekoe sizze: ‘Ik neem dat graag aan’.
Hwa't dat net sa maklik docht, sil bigjinne mei to gnyskjen, mar faeks ek hwat nytlich wurde, as er bitinkt dat in boargemaster fan in g'reate Fryske gemeente anno 1952 him uterje doar oer Fryske tael- en kultuerproblemen sûnder blykber sels mar weet to hawwen fan - om mar ris hwat to neamen - de wittenskiplike forhanneling troch J.J. Hof al yn 1927 op it Frysk Kongres to Ljouwert hâlden, net ienris yn it Frysk, mar yn it offisiële ‘Nederlands’.
En as men sa fier kommen is, dan riist der ek fansels in