Toanielkronyk.
Frisia ludens.
Oantekeningen by in krantefeest.
Men is, as ‘kultureel wêzen’ nochal faei, om jinsels to koart to dwaen om 'e KUNST - mei haedletters, byldskiene faem yn tule, bibêdde yn in garnituer fan roazen, roazen...... ‘O, KUNST!’ (men falt fan adoraesje flau), as men it elemint ‘spul’ forjit en from - in pylger - kathedralen bout - yn 'e geast - pour l'Art.
Untspringt hja net krekt - as hja ûntspringt - dêr't ús pielen, ús bodzjen, ús wrakseljen - om dit eintsje libben fan in draechlik signatuer to forsjen - stjit op syn eigen spegelbyld: syn karikatuer?
It nat gjin doel om de fretlapen fan kabarets breedút to wjerkôgjen. Dochs moat der sein wurde dat de Ekstra Edysje fan 'e Ljouwerter Krante, Fryske Kliemkunst (lyk as it programmaboekje oanjoech) ûnder haedredaksje fan S.J. van der Molen mei kunst to krijen hie, hwant spul wie.
Mei in licht-wémoedich, bifrijd hert om 'e ‘Ode aan Oma’ sein fan Sophie Stein yn it triangelprogramma fan Wim Ibo c.s. jit neitlkjend, mochten wy in ynkyk hawwe yn dizze flitsende, spotspattende Edysje. Men woe faeks hawn hawwe, de massael (ik bidoel: fan 'e hiele ploech) songen ouverture en finale (‘Ekstra Edysje!’ en ‘It lêste nijs’) hiene opklonken fan in hwat soberder oanklaeid toaniel - gun it publyk syn kâns op illúzjes! -; oer it miene siet der gong en wjerslach yn dit kabaret. Hwant kabaret wie it mear as revue, al joech it in revue op 'e krante, sa't dy twahûndert jier syn plak skjinmakke hat yn Fryslân. It wjerspegele geastich allerhande rubriken (Spiegel van stad en land; Gaetske; rjocht en wet; toanielkronyk; bûtenlân en koart forhael) en sprong dêrtuskenyn efter 'e skermen midden yn it libben fan 'e krante, syn bidriuw (reporter, setter, kranteman, journalist).