De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 287] [p. 287] W. Rens: Iepen hus (opo hosoGa naar voetnoot*)). Hoe fynt men nocht om feest to hâlden is oarmans each fan triennen wiet? Sjoch dit struwel, dizze wâlden, hop en sompe fol djiert'. Beamfûgels skatterje til en libben om har eigen boartlik geniet; brûswetter, streamend oer de klibben, ropt ús mei lokjend liet. Rivier forkuollet it fjûr fan boppen dat teisteret plant en blom. Katoenbeam hat in wyn oanroppen, dy spraet it plûs yn 't rounom. Bern fan my, ûnder de beammen, hwer 't earste libben him sette, hwerom skriemstû, bern fan my, hjoed op Gods feestlik tij? voetnoot*) Opo Hoso is in feest dat jown wurdt, as de earste pylders fan in hûs set wurde op 'e foundearring. Elk mei dan ynkomme en feest mei hâlde. Vorige Volgende