| |
| |
| |
James Krusz:
Tael en literatuer fan Helgolan, it lytste Fryske taelgebiet.
Ta de Fryske talen, dy't hjoeddedei jit sprutsen wurde, heart ek dy fan Helgolân, it eilân dêr't ik berne bin; oan myn fyfte jier ta haw ik suver gjin oare tael praet. It Helgolânsk heart mei de talen fan de Noardfryske eilannen Fear, Omrum en Söl ta de Noardfryske eilânstalen en is miskien fan de Fryske talen dy't nou noch libje it earmst oan wurden. Dat docht bygelyks dêr wol út bliken, dat ik achtel ûre nedich wie ta it oersetten fan it earste haedstik fan Genesis. Mear as tsien nije wurdfoarmingen moasten úttocht wurde ta in oersetting, dy't net greater wie as oardel typte side.
Abstrakta hat it Helgolânsk alhiel net en dy hat it nei alle gedachten ek nea net hawn. Hwannear't in eilanner forlet hat fan in abstraktum, dan nimt er it Dútske wurd. Allikemin hat it Helgolânsk wurden foar datjinge, dat op it eilân net foarkomt. Wy hawwe gjin wurden foar froask of bosk of fyts of maeituorre; by útsûndering àl foar hynder (hingst) en kou (ki). Yn sokke g'efallen wurde dêrom ek Dútske wurden brûkt. Mar sok oernimmen fan wurden út it Dútsk bits jut út noch yn net, dat Helgolânsk en Dútsk nei bisibbe wêze soene; it bitsjut allinne mar, dat Helgolân tiden ûnder de ynfloed fan de Dútske kultuer stien hat. Ommers Helgolân hat foar de Deenske en Ingelske tiid oan Dútske hartoggen heard, en sûnt 1890 hawwe hûnderttûzenen Dútske baeigasten alle simmers weroan de reis nei it eilân makke. Ek de tael fan it ûnderwiis - sûnt de 18de ieu wie der in skoalle op it eilân - hat altyd Dútsk west. Nettsjinsteande dizze feiten is der in likegreat forskeel tusken Helgolânsk en Dútsk as tusken Welsk en Ingelsk, Sisiliaensk en Italiaensk, Bretonsk en Frânsk. Allinnich dêryn is it Helgolânsk yn it neidiel foar de oare ‘folkstalen’ oer, dat der mar o sa'n bytsje literaire boarnen binne. It waerd en wurdt winliken allinnich as omgongssprake brûkt fan de likernôch trijetûzen minsken, dy't Helgolânsk prate. Earst yn ús dagen, en binammen yn de tiid fan de evakuaesje - en dat is dochs wol nijsgjirrich - is ús tael mear wurden as allinnich omgongssprake. Foar it earst forskine der fersen dy't literair
| |
| |
hwat to bitsjutten hawwe, wurde der forhalen skreaun, dy't mear binne as in ienfâldige werjefte fan nijsg'jirrige foarfallen, en foar it earst yn de skiednis fan it eilân wurdt der yn it Helgolânsk briefke. Der moat hjir efkes op wiisd wurde, dat dizze ûntwikkeling mooglik makke is troch Friedrich Panse, in ûnderwizer fan de fêste wâl, ûnder hwaens lieding in algemien bigryplike stavering fan it Helgolânsk rémakke is. Foartiid skreaune de inkelde Helgolanner (folks) dichters lyk as it harren it gaedlikst talike.
Fan de âlde fersen yn it Helgolânsk - dy't miskien al foar de 18de ieu, dus foar de stifting fan in skoalle, ûntstien binne - meije hjir twa ôfprinte wurde yn de oersetting fan Fedde Schurer:
Doe kaem in leaflyts famke,
Dat lake him freonlik oan.
Dan troustû dochs mei my?
Dit einfâldige ferske stammet noch út in tiid, doe't hja op it eilân suver oars noch net as Helgolânsk praetten. Doe't letter de skoalle oprjochte waerd, foroare de situaesje, foroare linkelytsen ek de tael en - hwat minder is - it taelfielen. Immen dy't, al hat er oan syn sekste jier ta allinnich syn memmetael brûkt, it skriuwen, it lêzen, it rekkenjen yn in oare, rikere tael leart, wurdt ûnwis yn it brûken fan syn memmetael. It aparte feit docht him foar, dat er eksakte tinzen inkeld mar yn syn skoalletael ûnder wurden bringe kin, mar syn fielen dêrfoaroer allinnich yn syn memmetael uterje. Der is ynienen gjin tael mear, dêr't er him folslein yn biweg'e kin, dêr't er folslein yn en mei libje kin. Dizze swierrichheit is der tsjinwurdich likegoed foar in Fries fan Ljouwert of Snits of Skylge as foar in Helgolanner. Mar dochs is der by alle oerienkomst ek wer in great ûnderskie: de Friezen yn Nederlân hawwe de mooglikheit, alhwat hja sizze wolle to formulearjen yn de eigen sprake. Dichters lyk as Sjoerd Spanninga of D.A. Tamminga, skriuwers lyk as Anne Wadman of Geart
| |
| |
Jonkman litte sjen, dat de uterste grinzen fan de Fryske tael in moai great gebiet omfiemje. Us taelgebiet, dat fan it Helgolânsk, is dêrfoaroer net allinnich lyts, mar - it moat my wol fan 't hert - boppedat ing. De Helgolanners, dy't hjoed de dei ingenieur, dokter, ûnderwizer wurde, tinke fierder as har memmetael rikt.
De bêste fersen, dy't dêrom yn it Helgolânsk skreaun binne sûnt de oprjochting fan de Dútske skoalle, binne sokke, dy't op ienfâldig'e wize ienfâldige bylden brûke, dy't foar elkenien op it eilân dúdlik binne. In foarbyld dêrfan is bgl. ‘Letj Foamele en letj Blömkes’ (‘Lytse famkes en lytse blômkes’):
As hja op 't moaiste bloeije
Is 't ringen mei har dien.
In inkelden wurdt útkard,
In heap moat stil forgean.
Jim famkes en jim blommen,
It sil sa lang net duorje,
Men bliuwt net altyd moai!
Mei't dit fers suver nea boppe it konkrete útgiet, is it yn de grountekst op syn wize folmakke, al is dat yn de oersetting yn de safolle rikere tael fan it Westerlauwerske Fryslân faeks net sa maklik to sjen.
Net minder folmakke is it fers ‘Uun Semmertid’ (‘Yn 'e simmer’), mar dêr komme safolle wurden yn foar, dy't op spesiael-Helgolânske saken en tastannen slagge, dat it hast net oer to setten is, yn hokker tael dan ek.
Sett de Fremmen jars uun Tölten
En de Boats foar it to Stölten,
Dampers angkere iip e Knoll:
Dann wart Sürre en Meut verdjetten,
Pepperkuuk en Muuskeln etten,
En iis Biidelken wart voll!
| |
| |
Stoant de Kläow jars voll van Ketjen:
Annoa Mitten en uk Tetjen
Sürreger feer de Riinelkeit.
Fremmen koiere langs iip Fallem,
Freuer djam, dat iis letj Hallem
Dear so roor uun 't Weeter lait!
Dit bitsjut sa likernôch: ‘Sitte de baeigasten earst mar wer yn har tinten, geane de boaten wer út to makreelfiskjen en ankerje de stomboaten op 'e ré, dan forjitte wy soarch en lijen, dan ite wy piperkoeke en “muuskel”-koekjes en de ponge wurdt fol. Sitte de frijgerzen yn it “boppelân” wer fol mei fûgelnêsten, dan soargje Anna Mitten en Tetje (twa âlde wyfkes) der foar, dat it eilân skjin bliuwt, baeigasten kuijerje de Fallem (de strjitte oan de súdeastkant fan de rots) del en sjogge fleurich nei ús dún, dat dêr sa prachtich yn it wetter leit’.
It feit, dat it Helgolânsk noch sa libben is as in hart, meije trije fersen fan tsjûgje, dy't yn de lêste jierren ûntstien binne. It earste, ‘Talleyrand’, haw ik sels skreaun nei myn bisyk oan it Westerlauwerske. It is in ekspearimint, hwant it bihannelet foar it earst in ûnderwerp, dat neat mei it eilân út to stean hat; it moat dêrom ek as sadanich sjoen wurde. It twadde is skreaun fan in ienfâldige fiskerman fan it eilân, dy't foartiid nea in fers skreaun hat.
Talleyrand.
Yn Frankryk wenne in kundich man,
Dy koe der hiel hwat mei;
Hy sei gjin né, hy sei gjin ja,
Syn wiif wie elke nacht in oar,
Hy sei gjin né, hy sei gjin ja,
De kening sei: men wol myn kop!
Siz dû ris hoe't it komt?
Hy sei gjin né, hy sei gjin ja,
| |
| |
Dy kaem en moast wer gean;
Hy sei gjin né, hy sei gjin ja,
Hy bleau yn 't midden stean,
Dy man, dy sloech him oeral troch,
Hat elk nei 't mûltsje praet -
Hy sei gjin né, hy sei gjin ja,
En doe't de dea him frege: wolst
Hy sei gjin né noch ja, mar bleau
Ek hjir yn 't midden stean.
Myn lytse flagge.
Myn lytse flagge, treurje net,
Dat 'k yn 'e kast dy burgen ha;
Strak wurde op 't lân wer huzen set,
Kliuwt wer it folk nei boppen ta -
Dan waeist yn wyn en sinnebrân
Wer út oer 't frije Helgolân!
By jountiid.
Stil sonk de sinne yn 't wetter,
Sêft komt de moanne en freget:
Hy skynt op rots en strjitten,
Inkeld troch lege strjitten
| |
| |
Dat binn' ús waerme jounen,
In koeltsje strykt der troch;
Wy minsken binn' as berntsjes.
Oft it mooglik wêze soe, de Helgolanner tael, dy't gjin abstrakta hat, dy't gjin wurd hat foar bgl. ‘gefoel’ of ‘tins’, ja sels net ienris foar ‘moksel’ yn it algemien, allinnich foar biskate soarten fan moksels - oft it mooglik wêze soe, sa'n tael útgroeije to litten - hwant hja stiet oan it bigjin en net oan 'e ein! - is in fraech, dy't samar net biandere wurde kin. Ien ding is wol wis: dat útgroeijen soe allinnich moog'lik wêze troch de ynfloeden fan de oare Fryske talen, dy't noch yn libben gebrûk binne, binammen fansels fan de tael, dy't yn it Westerlauwerske brûkt wurdt. Om de bisibbens tusken de beide talen sjen to litten, haw ik in pear Fryske fersen yn it Helgolânsk oerbrocht. Tige foei my ta myn eigen binijïng it oersetten ta fan it fers ‘Kastanjes’ fan J.H. Brouwer:
En heel stell Moorn. En ne deät mens Beweägen.
En ne jan Stemm es uun de Teek to hearn.
Dear foal alleen it Boamen langs de Stroaten
Giil Bleeden. En deät Giil hat keens Mensk gearn.
Deät Lewwen, uun aal enger Ringen sletten,
Aabet en gungt to Ruu nä - doadenstell.
Of uk deät angste Klappen van iis Harten
Be de groot Aab nä sleap en sterrewer skell?
De Teek wart tschock. Dann - iip e ledde Straoten -
Knupper Kastanien. En de Frucht springt bloat.
Moch doch iis Seel so uun e Körper bensett
En prachvoll eepenbreek be arkjans Doad!
Minder maklik oer to setten wiene twa kwatrinen fan Fedde Schurer. Mei de Helgolanner Hini Barts haw ik twa ûren yn Ljouwert sitte moatten, oant it ús slagge wie dizze acht fersrigels oer to setten. Mar nou binne der dan ek yndie fersen ûntstien, dy't toane, dat it Helgolânsk wis noch wol uteringsmooglikheden hat, dy't troch duorjende ynfloed fan it Westerlauwersk Frysk ûntwikkele wurde kinne. Binammen it earste kwatryn lit dat klear en dúdlik sjen.
| |
| |
Ik luuker om, wear ik vandan kümmen ben:
lis Hüss, de Dick, de Heefen be is drenn,
En deät Geheemens, wearit alles stroamet:
Deät, wat me itleät en me weer skell wenn!
De wöllt gearn wett, ho ik miin Varsken skriuw?
O froager ne, wann Krallken ik apriuw,
Noar Koks en Tung, noar Strunn en noar deät Weeter!
Wat uurs, miin Frenn, es neediger: De Liuw!
Ek de fersen fan Sjoerd Spanninga en D.A. Tamminga wiene net sa maklik yn it Helgolânsk oer to bringen, mar it is slagge.
Sjoerd Spanninga: De Liuw.
De Liuw, de meast de Beetel skeut
En klappert met deät Hart,
De Denkmoals haut it Piin en Meut,
Drait arkjan ne siin Part?
Doch jar de Stean lebende wart
En bleuert, riin en wiit,
Moakert de Doad dearit en Fatt,
En Fatt van road Graniit!
D.A. Tamminga: Piroatenleed.
We hoad de See, en de See hat is!
En so wöll we 't! So wöll et iis Hart,
Deät - oaweraal fremm en oaweraal drenn -
Onner noordlik Leäch, önner siidelk Senn,
Wann deät Broad is skömmelt uun e Skapp
En we siiler veer de Passoat,
Dann loop we ne uun en Hoawen iin,
Dann wenn we iis Knüff en en Böddel Wiin
Wölk keen Neem hat, hat keen, wölk to hem heart!
Dear deät Koaperskepp djin e Kläowen slait!
Deät Skümm, deät it e See en wait,
| |
| |
We hoad de See en we hoad nix uurs.
Keen beeter Heep as de hiir:
Dat janmoal, gungt iis Skepp uun Brai,
Uun en Hoawen feer is lochter mai
Iip e Pint van e Bröi en Fiir!
Spitigernôch binne der ûnder de trijetûzen Helgolanners mar in mannich, dy't har mei leafde en warberens útlizze op it kultivearjen fan har memmetael en dy't witte, hoe wichtich de ynfloed fan de tael fan it Westerlauwerske foar it Helgolânsk wêze kin. Mar alle eilanners brûke ûnder inoar de eigen sprake. En hwannear't dy pear man, dy't de ynfloed fan de oare Fryske talen op it Helgolânsk bifoarderje wolle, har oanienwei mei kultuer en literatuer fan de oare Fryslannen op 'e hichte hâlde, dan sil der op 'en dûr dochs hwat út groeije kinne, dat foar it Helgolânsk winst bitsjutte kin!
|
|