| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Sawn gedichten.
De siker.
In kristen, toevjend yn it skaed fan kathedralen,
in heiden, dy't syn taflecht siket by de twivel,
sa rint er jimmer yn himselme om to dwalen, -
mar hat ek God net syn konflikten mei de Divel?....
En mannich pylger tsjocht nei frjemde lânnen,
en wol fortreasting helje út it hillichdom,
mar sjocht de ûnrêst yn syn eagen brânnen,
en keart mei fragen yn it wurge hert werom....
| |
It dwylsinnige skip.
Sille dyn wurden langer libje as in amerij,
lês dy net greatsk dan, freon, oan dyn gedichten,
mar wês de wjerljocht út de nachtg'esichten
fan ûnwaersfûgels, flitsend oer it fleanend tij.
Hwant 't kin net misse of dyn dronken trijemêster,
de bline waen en wylde drift fan it bistean,
moat by de tonger fan de brânning aenst forgean,
ont stil de ienfâld wer yn sé stekt mei súdwester.
De man dy't tsjinst docht op de fiskersfloat
en koers set nei de wisse wjokslach fan de miuwe,
omdat it hert him driuwt ta syn genoat.
Sa meije wol dyn bêste fersen altyd bliuwe:
sljocht as de riemmen fan it rêddingsboat,
dy't har balladen op it wetter skriuwe.
| |
| |
| |
Ik siet to lezen under in abeelje.
Ik siet to lêzen ûnder in abeelje
en om my wie it tún in simmerdream,
oerblonken fan folhearlik ljocht,
en boppe my dêr rissele de beam,
as blêdzjend yn it âlde evangeelje,
hwant hoe't ik hjir mei fromme iver
it heil fan de genede socht,
dat wit de lotos mei it gouden hert,
de blanke swanneblom by 't pompeblêd,
dy't bloeide oan de seame fan de fiver;
wylst wannele de frede oer it gea
en hiel it kostlik heechgetide
wjerspegele yn 't kleare wide
fan stille marren en har glêzen sier, -
ik lykwols, fier fan de lânsdouwe,
in muontsen, dy't de sûnde rouwe,
joech amper acht op mins of dier,
mar doe't de nacht kaem en de sinne,
forwoune fan de wrede dei,
mei strimen nei de kime gie
en bloed liet op de reade wei,
fornaem ik njonken my in wyndering,
as patte immen stom in pea
op 't hillich wurd fan de skriftuere, -
mei seach de joune om him hinne
in gloede brânnen oer de dingen,
as gou it hjir in lef forrie
en kleure skamte har natuere,
útsein dan by de wetterleelje,
dy't noch itselde antlit hie
en benedijde ûnskuld wie, -
doe't ik nei hûs soe en oerein,
mei 't wijde boek noch iepenslein,
foel lâns myn wang in blinkend blêd
krekt yn de fuotprint fan myn trêd,
en 't lei him del by al de oaren,
mar 't wie as wist ik fan tofoaren
it tal dêr foar my yn it sân,
nou't ik se samle op myn hân:
ik telde tritich sulverlingen....
| |
| |
| |
Frjemd aventur.
In iensum gongler op de griene wei
fan 't jiergetide nei de stille stoune,
dat harten toevje by de moune,
sa gie ik troch de spoekelean', -
doe kaem mei lonkeljend gerei
it hoars my hoefslach efternei,
en 'k ried it oan syn kostbre koarde
fan dauwepearels lâns in oarde,
dêr't op 't rôverspaed dy ûre
nacht syn preal joech de natûre, -
it hynder liet ik fuotstap gean....
Dan briek in ljochting foar ús iepen
en stiek it oer de hege heide,
mar aenstons wegeren wy beide,
om't skimen op de bosk ta fleagen;
twa ûlen mei har gleone eagen,
dy't har forskûlen yn it hout, -
it bist dat bleau forstienne stean....
Ik lei my yn it seal to sliepen
en hiel de sier fan wâld en seame
blonk yn de himel fan myn dreame,
ont sêft in wyndering my wekke
en moanjes waeiden om myn nekke,
as hie de leafde ús omearme
en njonken my it dier biskerme....
Doe waerd de kime read en goud!
| |
De forliezer wint.
Jow oaren dyn trompet en tromme,
dyn weitsrop ta in nij bigjin.
Lit stilte yn dyn wurden komme,
en elts forlies wurdt dy gewin.
| |
| |
| |
Oktober.
hinget om de stille flamme
| |
De wynrank.
Brek alle wanen fan my wei, ont neat
de suv're driuw wjerstiet fan Jins bidoelen, -
wol my bifrije fan it tryst g'efoelen,
oars net to wêzen as in deade leat
op dit myn folk, Jou wynstôk, inte;
lit my wer diel ha oan it libben hout
en stil de dream ta dieden rypje, nou't
de tiid syn dagen druvet om de skiente.
Jow dat de fruchten aerdzje nei de tros,
fan bûten dauw', fan binnen fjûr, -
ploaitsje de bêste jeften út my los.
Sa mei de risping, samle yn 'e koer,
de sike geast genêze oan natûr,
gloedzjend it hert fan wize en paljas.
(‘Kymgong’.)
|
|