Hwerom giest út de keamer wei? Ik haw neat sein, leau 'k. Fuotstappen yn 'e hûs, nea reitsje ik dy wer kwyt, Margo. Margo is by my yn 'e hûs.
Nou gean ik dochs, ik wol, ik moat. Set ticht dy radio. Mar dan hear ik de buorlju harres.
‘Margo, ik gean der út. Giest mei? It is sok moai waer.’
Dêr komt hja oan. In simmerpakje hat hja oanlutsen.
‘Stiet dy moai!’ Sil ik dat sizze? Soks meije froulju graech hearre, mar net út myn mûle.
Ik kin har net ta de mantel helpe, ik rik skraechwurk oer har mul.
Hwat seit Margo, dat ik bleek bin? Ja, ja, der is wol mear op my to sizzen. Hwat soe der wêze, ik bin soun. Soun, net rjocht. Ik bin in man en ik bin net in man. Net foar in frou, net foar Margo. Ik bin in kompleks, Margo.
Stil, hja fortelt my hwat. Wy steane by de glêdde fiver, in pear jonge koublomkes bloeije foar myn greate skuon, ik fortraepje dy bliere dingen. Margo kin ik net fortraepje, mysels ek net. In kompleks bin ik, dat ik allinne mar narje en hune kin. In jerke mei in ein glydt foarby, it jerke is fan pearelmoer, dy hat wol kâns. Margo sjocht my oan, it bloed fljocht my nei myn geizich fel. It is hwat ûngewoan waer.
‘Ik hâld fan immen, Jelger.’
‘Ja, Margo?’ In freonestim is myn lûd, bilangstellend.
‘Sjoch, in pinksterblom, Margo.’
‘It kin sa net langer bliuwe, Jelger.’
‘Toe, Margo, sjoch nei de wetterleeljeblêdden, pompeblêdden of hoe hite se?’
‘Eins haw ik in ûngelokkige leafde, Jelger.’
Ik wurd wer fleuriger. ‘Ik ek, Margo, ik mei net leaf ha.’
‘Jelger, dû kinst my helpe.’
Ik wol dy net helpe, ik wol nei de skreauwende radio ta, dy fan de buorlju, nei in lûd orkest en nei in flau harkspul.
‘Né, Jelger, ienkear moatst it witte. Ik kin net wachtsje oantste dea bist.’
‘Sokken as ik wurde net âld. Margo, wachtsje salang mar, ik sil der wol rekken mei hâlde, der is oan my neat forlern. Sjoch, Margo, hwat wolle dy bern? Hja wize nei ús, nei my. De punt efter myn nekke, dy docht it harren. Dat forwinske fatsoen fan my! Siz it dan mar, Margo. Yn de goedichheit. Moarn giest net fuort, wol? It duorret noch lang? En witste, jim soene by my ynwenje kinne, in hûs fine jim dochs net. Ik bin gjin minderweardichheitskompleks, moatst dan mar tinke.’