| |
| |
| |
Anne Wadman:
De stan fan saken.
(It lêste.)
Wy hawwe de idéale hâlding fan de kunst-gefoelige foar uteringen fan ‘nije’ of ‘moderne’ kunst oer omskreaun as ien fan ‘reservearre earbiet’. Oant safier neat gjin swierrichheit. Minder maklik wurdt it lykwols as men dy hâlding bipale wol net foar de artistyk-passive kunstgenieter, mar foar de artistyk-aktive kollega-yn-'e-kunst. Hwant dy lêste is ornaris sels tagelyk aktyf en passyf, en de hâlding fan reservearre earbiet falt min yn 't lyk to bringen mei dy fan it partij-kiezen, dy't fan him as kunstbroer, as meistrider op it poëtysk front forwachte wurdt. Hjir is it punt fan de generaesje-striid, hjir ek lizze gefaren foar ûnearlikheit en snobisme-nei-beide-kanten, hjir is binammen de posysje net maklik fan dyjingen dy't as offisiëel erkende kunstrjochters op in heech, winich plak residearje, lyk as dat mei redakteurs fan tydskriften, samlers fan karlêzingen, skriuwers fan hantboeken en professoaren yn 'e litteratuer faek it gefal is. Hja stribje nei en piele mei bigripen as objektiviteit, mar arbeidzje al to faek blynseach en op 'e dolle rûs. Hja oerskatte en ûnderskatte en meitsje har bispotlik yn it each fan lettere generaesjes. En wé, dy't dit gefaer net yn syn hâlding fordiskontearret!
Noch altyd liket my it hâlden en drag'en fan Busken Huet it forstânnichst: distânsje nimme en út 'e fierte wei de saek folgje, net mei de fortsjinwurdigers oan ien boarreltafel sitten gean, net mei harren yn ien klub krûpe. Lykwols, it is net elke kunstrjochter mooglik syn setel nei Parys to forpleatsen. Victor van Vrieslant operearret yn 'e Penklub, Prof. Donkersloot forkeapet boeken tusken syn konfraters.... It kunstrjochterskip is in riskant bidriuw, tomear omt de kunstrjochter gjin ûnfeilber wetboek neist him lizzen hat en net ta kin mei it handich tsjin elkoar útspyljen fan it iene artikel tsjin it oare. Hy moat kameleonboartsje, om oan it gefaer to ûntkommen to bistjurjen, mar op gefaer ôf dat er in allemansfreontsje wurdt en yndied in kameleon. Hy moat kieze, op gefaer ôf mis to taesten. Hy mei winliken net kieze, omt er objektyf hat to wêzen en alle forskynsels as in oprjocht phenomenolooch rjocht
| |
| |
hat to dwaen. Yn wierheit is hjir, leau 'k, gjin oplossing foar to finen as allinne dy fan skipperje en wer skipperje..
Hoe leit it lân der nou hinne mei de moderne Fryske poëzij? Yn it algemien leau ik dat jitte hâldt, hwat ik op s. 41 fan myn ‘Frieslands Dichters’ opmurken haw, dat de Fryske dichters nea net folle (lit ús mar earlik sizze: altyd to min) omtinken foar it dichterlik foarm-experimint hawn hawwe. En hwa't de lêste jiergongen fan ‘De Tsjerne’ neisneupt op oanwizingen ta in gearfetting fan de situaesje, sil al gau ta it bislút komme, dat it der frijhwat chaotysk hinne leit, ynsafier dat ûnderskate generaesjes sa by nou en dan poëtysk lûd jowe (ik neam fan de âlderen Obe Postma, Fedde Schurer, D.H. Kiestra, A. Jousma), mar dat hja komselden hwat integrael nijs oan 'e merk bring'e, dat hja (it meast noch Schurer en Kiestra) net folle nije facetten oan har dichterlik byld tafoegje. De iennichste forrassing hat winliken west it gedicht ‘Cruce glorior’ fan J.F. Siemensma (‘De Tsjerne’, Juny 1951), dat lykwols prinshearlik alle kranteresinsinten ûntkommen is!
En binammen sil it ridlik gau dúdlik wêze, dat fan in alderjongste generaesje noch net folle oertsjûgjende tekens to fornimmen binne. Der is sûnder mis in jongste ein, mar hja siket noch om in eigen lûd, is net frij fan de âlderein en bringt it noch net ta in lûd dêr't men op 'e slach in generaesje oan ken. It probleem dat hjirmei gearhinget, hat forline jier yn ‘De Tsjerne’ alris oanrin west ta in diskusje, dy't lykwols, faeks troch diskusje-wurgens oan beide kanten, dearoun is, mar dy't dan dochs, direkt of yndirekt, as resultaet de manifestaesje fan ‘De Mieren’ opbrocht hat. Nou binne dizze ‘Mieren’ noch yn it stadium fan it jarjen en dongstruijen, dat it jowt g'jin pas harren dwaen en litten kritysk to skôgjen. Wol mei hjir opmurken wurde, dat dizze striidgroep (lit ús hoopje dat it wurd net to swier is) úteinset is sûnder folle doel oer it doel en har wurkfjild organisatoarysk en yn wêzen ryklik wiid en pretinsjeus nommen hat. It alderearste bigjin fan sa'n groepfoarming sil dochs wêze moatte in bisykjen ta plakbipaling, in partijkiezen, net sasear op Frysk-nasjonale as wol op Frysklitteraire en artistike grounslach. Fan in bisykjen ta in grounslach, ta in hâlding, byneed in antithetysken-ien, foar de âlderein oer, blykt út it rounskriuwen neat. Wol gekrimmenear oer klimaetleasheit en greate wurden oer lichte muze, kabaret, toaniel en swilkfiken.
| |
| |
Mar goed, wachtsje op ús dieden. En dat is rjocht, hwant dat der plak is foar sa'n groepearring stiet bûten de kiif. Dat hja net it wurk wêze kin fan de âlderen, mar fan de jongerein sels, likegoed. Underwilens kin bisocht wurde, fan de oare kant by to dragen ta in terreinforkenning, ta in, om in moadewurd to brûken, petear, byneed ta in (altyd skematyske) ôffreding fan generaesjes of ta in litteraire striid, dy't my yn 'e hjoeddeiske situaesje foar de ûntjowing fan de Fryske poëzij tige nedich taliket. Dêrta moatte wy ôfsjen fan de swilkfiken en ús biheine ta de poëzij. Hwat hat de jongste lichting oant nou ta opsmiten, net kwalitatyf, mar yn 'e earste pleats nei de yntinsjes?
As ik ien punt neame moat, dêr't neffens my de jongste lichting al min of mear - faeks ûnbiwust - partij keazen hat, dan is it ditte: dat hja stelling nimt tsjin it dichtsjen-as-ambacht, as technyk-yn-haedsaek, mar dat hja siket om in utering dy't regelrjochte en ûnmidlike útstoarting fan poëtyske emoasjes is. Foar hwa't dit nuver oankomt, omt dichtsjen ommers altyd direkte útstoarting is, ta fordúdliking ditte: dy útstoarting' kin direkt en minder direkt pleats hawwe. By de yndirekte wei is mear foarmkultus, mear bihearsking, mear klassike lykwichtichheit, mear oandacht foar de technyske bûtenkant. De jongerein, as ik goed sjoch, wol har net fortize litte yn foarmproblemen, wol net de dupe wurde fan 'e technyk, lyk as dat by eardere g'eneraesjes mar al to faek it gefal west hat. Yn greate halen is it dus hwat Marsman skiedt fan Nijhoff. Mei gâns foarbihâld soe men sizze kinne, dat it expressionisme syn wei siket nei Fryslân, of dat Fryslân syn wei siket nei it expressionisme. Yn syn bisprek fan Geart Jonkman syn ‘Frjemde Epistels’ hat Fedde Schurer wiisd op it selde forskynsel by it proaza.
Men soe it ek sa sizze kinne: it sonnet hat lang om let syn tiid hawn yn Fryslân, - it sonnet nommen as symboal fan it evenwichtige, ‘yndirekte’ dichterskip, it dichterskip fan de bisonkenheit en de forsoarging. Faeks wie de sonnettepriisfraech fan ‘De Tsjerne’ in soarte fan útsetter, in ôfskied mei-iens fan de knappe technyk. Dêrfandinne dat suver gjinien fan de âlderjongste ein der oan meidien hat. Ik kin my yntinke dat hja har wrantelich en opstannich ôfkeart fan dy kreaze sonnette-bakkerij en fan dy gedichten fan oanklaude paedtsjes en perkjes en sekuer-knipte haechjes. Dat hja forlanget nei in nije, hertstochtlike, oerstjûre,
| |
| |
explosive, ynearsten tige summier as expressionistysk oan to tsjutten kunst. En - it kin in nuversoartich idée fixe fan my wêze - ik haw hast de oertsjûging, dat, wol der fan in Fryske poëzij sprake bliuwe, it dan yndied dy kant op moat, al sjoch ik tige goed it gefaer yn fan in wynwizer dy't de wyn oanwiist hoe't er waeije moat. Mar ik haw al tsjut op de dûbelsinnichheit fan de ‘avansearre’ kunstner, dy't ûnearlik wêze moat, mei opsetsin, omt er himsels twing't to wêzen dy't er (noch) net is. Dichtsjen kin ek in biwust sykjen wêze neist dat it in ‘ûnbiwust’ uterjen is. De driuw ta dichtsjen is it produkt fan biwustheit, ûnbiwustheit en ûnderbiwustheit, dêr't men de earste faktor wolris to folle allinne bisjocht fan syn negative kant: it net mear dichtsje wollen yn 'e âlde trant, omt men fielt yn selsherhelling en routine to forfallen. De dichter, fier fan allinne in warleas produkt to wêzen fan ‘hwat er is’, kin ek in bislút nimme, himsels twinge in biskate kant út. Herman Gorter en Marsman binne beide yn har soarte treflike foarbylden fan dizze selstwang yn de Hollânske poëzij. Mar om ta dy opset, dy wilsfoarming to kommen, moat men in doel sjen, in mooglikheit. Dat doel leit binammen yn it partij-kiezen tsjin hwat der is en hoe't it is. It negatyf oan 'e iene jowt in posityf oan 'e oare kant, al bliuwt it oppassen en fal net yn in neibauwerij fan de poëtyske ûntjowing sa't dy yn Hollân of earne oars pleats hawn hat en hat. De Fryske poëzij kin, binnen de mooglikheden dy't de tiid jowt, har eigen gongen to gean hawwe.
De jonkheit hat rjocht op dy né-hâlding, mits hja oan inkelde bitingsten foldocht. De earste is, dat hja har dy skieding biwust makket en bisiket to witten to kommen hwat har (eventuëel) fan in âldere generaesje ôfskaet. Oant nou ta haw ik fan in sadanich bisykjen net folle fornommen. Nimmen is as in jonge Douwe Kalma de striid bigoun tsjin de Jan fan 'e Gaestmarren fan nou.
De twadde bitingst is, dat dy jong'e dichters in poëtysk front foarmje dat fan genôch wêzenlik talint droegen wurdt om de hâlding fan revoltearjen to forantwurdzjen. Utsein by Marten Brouwer (mar net yn al syn fersen) en yn inkelde gedichten fan Joazep Witteveen en hjir en dêr by Sybe Sybesma, haw ik fan dat talint noch gjin oertsjûgjende biwizen sjoen. De bêste fersen nammers dy't de lêste jierren min of mear op it expressionisme út wolle, komme oant nou ta út 'e hoeke fan de âlderen of net-mear-jongeren: fan
| |
| |
Sjoerd Spanninga, Reimer van Tuinen en, tige opmerklik, fan Freark Dam.
Nou is it net dwaenlik en bisprek hjir it phenomeen expressionisme wiidweidich. Foar de haedsaek forwiis ik nei it hantboek en de encyclopedy. Mar op ien punt fan de saek wol ik al bisûndere klam lizze, of haw ik de klam al lein troch to praten fan in negative ynstelling foar de s.n. knappe ferstechnyk oer. Ik kin my foarstelle, dat de dichtersgeneraesje dy't op kommendewei is, wegeret har uteringen yn 'e ‘jambyske fâlde to slaen’, om in boartlik sizzen fan Marten Brouwer to brûken. Dat hja dus út wol op in biskate foarm fan it frije fers, net bihindere fan metryske en rymkundige foarskriften út 'e doas fan de âlde poëtyk. In biskate foarm, - hwant it is dúdlik dat net alles hwat net rymt en gjin fêst metrysk skema hat, expressionistysk is. By Obe Postma en Sjoerd Spanninga, alhoewol't hja al lang experimintearje mei frije fersen, kin men suver nea fan echte expressionistyske fersen prate. Dêrta ûntbrekt binammen by de earste de rhythmysk gearlutsen explosiviteit, de gearballe krêft dy't it expressionisme ynskepen is. Beide binne hja earder learlingen fan Walt Whitman as fan Marsman. Dat wol sizze, dat har poëzij stribbet nei in folsleine frijheit, nei in wiidfiemjende losheit en linichheit, sa dat de poëzij ticht by it proaza komt to stean en allinne in soarte fan dichterlik aroma, in atmosfear, in ‘kosmysk’ gefoel en it ûntbrekken fan it epysk elemint it dúdlik yn it poëtyske hâldt. Mar it frije fers kin ek in losmeitsjen fan de tradysjonele, klassike foarmfêstens wêze om in oare fêstichheit to winnen, of leaver: om de fêstichheit earne oars to winnen. De poëzij is dan net frij yn dy sin dat hja har it rjocht foarbihâlde wol op proaza to lykjen en ûnbihindere út to streamen. Hwat der oan metryske fêstichheit
‘mankearret’ kin dan kompensearre wurde troch in sterk spande ynwindige struktuer. Dàt fers is yn wêzen net frij, it hat allinne oare biningen, mear forhoalene, as it boune fers. Hwer't àl metryske skema's tapast wurde, bart dat mei greate liberaliteit en wurde hja folslein ûnderhearrich makke oan de felle, konsintrearre bloedslach fan it rhythme.
Poëzij is, as alle kunst, in spul tusken foarmdrift en langst nei frijdom. It frije fers dêr't de Fryske dichtsjende jongerein nei siket (resinte foarbylden: U.J. Boersma, Hessel Miedema, Kobe Hanenburg, yn eardere jiergongen: Joazep Witteveen, Marten Brouwer, H. Reitsma, Sybe
| |
| |
Sybesma) set jin foar de frage: is de ynwindige spanning, de drift, de vitale krêft great genôch om it tokoart oan útwindige foarm to forg'oedzjen, is der in evenwicht tusken tucht en frijdom? En yn 't algemien liket it my de meast logyske wei, dat in dichter út 'e tucht op 'e frijdom oergiet en net oarsom, dat er dus syn frijdom wint, foroveret op 'e tucht. It is lykwols net absolút needsaeklik dat in dichter mei boune fersen bigjint en oerstapt op 'e frije foarm. Mar it is wol nedich dat er dy striid tusken foarmdrift en frijheitslangstme oan 'e lea ûnderfynt. Hoe tige as sels by dichters dy't fan 'e frije foarm útgien binne, it forlet fan foarmhâldfêst knypt, sjocht men yn 'e fersen fan Reimer van Tuinen, dêr't soms hwat ûnbihelprige rymwurden en assonances dwaende binne as in soarte fan ankers it ferslichem by elkoar en op syn plak to hâlden.
Nou is it in bikend forskynsel, al mei it frjemd lykje, dat de metryske fersstruktuer him makliker hantearje lit as de net metrysk boune. De oarsaek soe ik hjir sykje wolle, dat de metryk om sa to sizzen al út harsels in biskate fuortgong, in opdriuw oan it fers jowt. It metrysk skema, ienris mei de bigjinrigel keazen, lokket as fansels út ta de fierdere gong fan saken. De forfetting fan dy earste rigel leit al, yn ‘blanko’ foarm ré to wachtsjen om yn wurdfoarm efterhelle to wurden. In metrysk fers komt sadwaende faek del op in knap of handich of moedsum ynfoljen fan in fêstlein patroan. It birikt dêrtroch g'auwer in soarte fan technyske folsleinens, dy't to mear oertsjûget, omt de metryske bou it idé meijowt: dit is net folslein willekeurich, mar hjir sit in ynwindige ‘gong’, in avensaesje, in kontinuïteit yn. De technysk knappe, mar soms al to ‘glêdde’ fersen fan Dam Jaarsma binne der in foarbyld fan, en ek de Redbadsonnetten fan A. Jousma.
De frije fersfoarm dêrfoaroer, los fan metryske skema's (en fan rym, dat net it wichtichste is) kriget maklik hwat willekeurichs, hwat tafallichs, sadré't it ntl. net op topspanning libbet en ek net, lyk as by Postma en Spanninga, op oare, mear abstrakte en mear ‘atmosfearyske’ poëzijmiddels driuwt. Dy top-spanning is it, dy't noch to faek ûntbrekt yn de fersen fan de Fryske jongerein, in top-spanning dêr't Marsman en Hendrik de Vries it geheim fan hawwe. Sadwaende sakket it frije fers gauwer yn elkoar, wylst it boune altyd noch wol in skyn fan rjochtfeardiging kriget tròch syn bounens, troch de exakte poëtyske middels
| |
| |
dêr't it om hinget. Dat bringt de trag'yske omstannichheit mei, dat de foarmfêste fersen gauwer it stimpel ‘nihil obstat’ fortsjinje, alteast krije, as de frije. Tollens syn forneamde wurd oer de ‘uitslag’ en it ‘doel’ giet alteast yn 'e poëzij net op, al is 't miskien mear minsklik as earlik, poëzij to oardieljen op har útslach en net op har yntinsjes. Mar it is ienkear sa: it bakken fan bôlle is makliker as fan in moaije jierdeistaert, mar in bakker mei selsrespekt sil yn syn útstalkast de foarkar jaen oan in goed trochbakte wite-bôlle boppe in mislearre taert.
It is faeks gjin treastryk antwurd dat ik jow op 'e frage dy't my wolris dien wurdt nei it kritearium dat de ‘Tsjerne’-redaksje tapast foar al of net opnimmen fan fersen. Mar mear sil men ek net forwachtsje kinne, net sasear út amtsgeheim as wol omt de bioardieling fan poëzij him dochs yn lêste ynstânsje ôfspilet op in gebiet dêr't it skynfet fan de rede mar min yn trochkringe wol. As it nypt stjitte wy earne op in mystearje. En it mei paradoxael lykje mei it foarige, mar krekt dy dichter sil it minst fan it stumperich sykjen en taesten fan it poëzij-bioardieljend yntellekt to lijen hawwe, dy't it meast en it direktst dat yntellekt stjitte lit op it mystearje. Dat binne de dichters dêr't men gjin ‘muoite’ mei hat, ek al falle se net yn in klasse, hwant, en hjirmei jow ik dochs wer in tsjinwicht tsjin de deterministyske foaropsetting dêr't ik dit forhael mei bigoun: by dy dichter dy't wier-wier fuortdaliks út en yn dat mystearje dichtet, maelt men al net mear om 'e frage oft er wol ‘yn it kader fan syn tiid past’. Mar lit ús der fuort by sizze, dat, alteast yn Fryslân, oant nou ta, dy dichter in theoretyske greatheit is....
|
|